Beernem is in gemeente yn de griene râne om Brugge hinne yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen.
De gemeente hat mear as 15.000 ynwenners, dy't 'Beernemnaars' neamd wurde. Yn Beernem stiet it psychiatrysk sintrum Sint-Amandus en de sletten jongereinynstelling De Zande Beernem, dêr't kriminele famkes tusken de 12 en 18 jier troch de jongereinrjochter hinne ferwiisd wurde. Beernem is tige goed oansletten op de ynfrastruktuer en dêrom ideaal foar forinzen.
Beernem | ||
Gemeentehûs | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Belgje | |
gewest | Flaanderen | |
provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 15.966 (2022) | |
Oerflak | 72,42 km² km² | |
Befolkingsticht. | 220 ynw./km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8730 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 8' N 3° 20' E | |
Offisjele webside | ||
webstee gemeente | ||
Kaart | ||
Beernem waard al yn in akte fan 847 neamd as Berneham. De namme stamt fan it Germaanske 'birnu' (bear of modderich plak yn de foarm fan in bear) en 'hamma' (in oerd dy't yn in sompich gebied útstekt). Tûzenen jierren wie it in leech gebiet fan bosk, heide en sompen. Feodaal wie Beernem ôfhinklik fan it Frije fan Brugge en it bestie út in biddeltekken fan hearlikheden. De bewenning lei doe foar it measte noardlik fan it hjoeddeiske kanaal dat troch de gemeente rint.
Súdlik dêrfan lei it ûnfruchtbere en wylde heidegebiet fan it Bulskampfjild, dat doe fan Torhout oant Bellem lei. Dat gebiet waard oan 'e ein fan 'e 18e iuw oanmakke en de rêst en natuer yn it oanmakke gebiet krige omtinken fan rike eallju, dy't dêr yn de 19e iuw harren kastielen bouden.
Tusken 1915 en 1944 soargen in tal moarden en ferdwinings yn de krite foar in soad opskuor en ûnrêst ûnder de ynwenners. De moarden waarden bekend ûnder de Beernem-moarden.
Yn de Twadde Wrâldkriich folge de Dútske besetting op 23 maaie 1940. Op 6 septimber 1944 waarden trije fersetsstriders troch de SS deasketten. Neffens it oarlochsmonumint oan it gemeentehûs kamen 20 minsken om it libben as gefolch fan oarlochsaksjes. Op 12 septimber 1944 folge de befrijing.
Beernem leit yn in gebiet op in hichte fan likernôch 11 meter dat Zandig Vlaanderen neamd wurdt. Troch de gemeente rint it Kanaal Gent-Brugge. Besuden dat kanaal leit ek it psychiatrysk sikehûs en it boskrike Bulskampfjild mei it provinsjale domein en in pear kastielparken.
Westlik fan Beernem, oan de noardkant fan it kanaal, leit it natuergebiet Gevaerts-Noard. Oare natuergebieten binne De Vaanders, Miseriebocht en Heideveld-Bornebeek. Yn De Vaanders leit it lânskipspark Bulskampfjild.
Yn 1977 waard besletten om de gemeenten Beernem, Oedelem en Sint-Joris-ten-Distel gear te foegjen. Njonken Beernem sels bestiet de gemeente ek út de dielgemeenten Oedelem en Sint-Joris (ek wol Sint-Joris-ten-Distel neamd). Beernem is wat ynwennertal oanbelanget de grutste dielgemeente. Oedelem hat goed 1000 ynwenners minder, wylst Sint-Joris folle lytser is. Yn de dielgemeente Oedelem leit ek noch de buorskip en parochy Oostveld. It sintrum fan Beernem bestiet út it âlde doarpssintrum benoarden it kanaal Gent-Brugge, in nijer diel leit besuden dat kanaal by de autodyk A10/E40 en de wenwyk Vliegende Paard.
Nû | Namme | Oerflak (km²) | Ynwennertal (2022/small> | Kaart |
---|---|---|---|---|
I | Beernem - Vliegende Paard | 27,91 | 7.515 | |
II (IV) | Oedelem - Oedelem - Oostveld | 37,31 | 6.410 | |
III | Sint-Joris | 6,45 | 1.920 |
Alle histoaryske ynformaasje giet oer de hjoeddeiske gemeente, lykas dy ûntstie nei de weryndieling fan 1 jannewaris 1977.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Beernem
|
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Beernem, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.