Brugge

Brugge is de haadstêd fan de Flaamske provinsje West-Flaanderen en it arrondissemint Brugge.

De stêd leit yn it noardwesten fan Belgje.

Brugge
Brugge
Flagge Wapen
Brugge Brugge
Polityk
Lân Brugge Belgje
Provinsje Brugge West-Flaanderen
Arrondissemint Brugge
Sifers
Ynwennertal 117.377 (2014)
Oerflak 138,4 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 848,09 / km²
Hichte 2 m
Oar
Webside Webstee fan de gemeente
Brugge
Brugge yn West-Flaanderen
Brugge
Rozenhoedkaai, Brugge

De binnenstêd, de historyske kearn, is aaifoarmich en sa'n 430 hektare grut. De folsleine gemeente hat in oerflakte fan mear as 13.840 hektare (138,4 km²), wêrfan 193,7 hektare see, by Seebrugge. De gemeente hat mear as 117.000 ynwenners. Likernôch 20.000 dêrfan wenje yn it histoaryske sintrum.

Brugge hat in âlde skiednis as haadstêd fan it Greefskip Flaanderen en as belangrike stêd foar de Hânze (Brugge wie gjinien lid fan de Hânze).

Namme

De âldste taastbere boarnen foar de nammen binne inkele munten út de 9e iuw. Dêrop wurde foar it earst de nammen fan de stêd brûkt wurde, skreaun Bruggas of Bruccia. Dit liket te doelen op in oarsprong út it Nederlânske wurd brug (brêge), mar taalhistoarysk is dit net wis, om't it net dúdlik is of it dan net Brigge west hie (fergelykje mei it Ald-Ingelske brycg, it Ingelske bridge en it Fryske brigge of brêge).

De namme Brugge koe ek komme fan it Aldnoarske bryggja, fan deselde oarsprong, mar mei de betsjuttinf fan oanlissteiger of haven. De kontakten mei Skandinaavje wienen ûntstien troch hannel oer de Noardsee en de ynfallen fan de Wytsingen (fan 800 ôf). De namme is dan deselde as Bryggen, de histoaryske haven fan Bergen, dat krekt as Brugge nei de 11e iuw in wichtige stêd fan de Hânze wie.

Soms wurdt nei Brugge ferwiisd as it Feneetsje fan it Noarden, troch de grutte tallen kanaaltsjes en brêgen. Dizze kanaaltsjes wurde ek reien neamd, nei de rivier de Reie dy't troch Brugge streamde. De Reie is no lykwols hielendal kanalisearre.

Brugge 
Ien fan de brêgen oer ien fan de reien.

De bynamme fan de Bruggelingen is Brugske sotten. Neffens it ferhaal komt dat om't Maksimiliaan I fan Eastenryk dy't hja in skoft finzen hâlden hienen, harren letter ferbean hie in jiermerk of oare festiviteiten te hâlden. Om him del te bêdzjen, hâlde Brugge foar him in grut feest en frege dêrnei permisje foar it fannijs hâlden fan in jiermerk, it ynje fan belestings en graach ek permissje foar it bouwen fan in nij sothûs. Maksimiliaan antwurde: Slút alle poarten fan Brugge en jim hawwe in sothûs!.

Dielgemeenten

Yn de rin fan de jierren is de oerflakte fan gemeente en stêd Brugge frijwat fergrutte.

Anneksearre gemeenten en wenkearnen, mei de jiertallen fan de fúzjes:

  • 1899 - gemeente Sint-Piters-op-'e-Dyk, wenkearn Sint-Jozef en de lettere yndustrysône Zwankendamme
  • 1901 - it lettere Seebrugge
  • 1932 - wenkearn Zwankendamme
  • 1971 - de gemeenten Assebroek, Dudzele, Koolkerke, Lissewege, Sint-Andrys, Sint-Krús en Sint-Michiels

De gemeenten dy't yn 1971 by de stêd kamen binne no dielgemeenten:

Brugge 
# Namme Oerflakte Befolking
I Brugge 29,91 37.129
- Sintrum 20.276
- Kristus Koning 1,01 4.428
- Sint-Jozef 13,70 4.880
- Sint-Pieters 7.545
II Koolkerke 4,17 3.145
III Sint-Andries 20,65 19.366
IV Sint-Michiels 9,59 12.346
V Assebroek 8,52 19.395
VI Sint-Krús 16,84 16.148
VII Dudzele 21,92 2.555
VIII Lissewege 26,80 7.129
- Lissewege 11,44 2.491
- Zeebrugge 3.924
- Zwankendamme 714

Gegevens - 1 jannewaris 2006

Toerisme

Brugge 
Belfort

Der komme in protte toeristen nei Brugge. De stëd hat net folle te lijen hân fan de yndustriële revolúsje en de midsiuwske útstrieling is geef bleaun. Dêrmei lokje de wetters, de rike skiednis, de archeologyske fynsten, mar ek de winkelstrjitten alle dagen in protte minsken. De stêd hat in hiel protte restaurants en kafees en liket te driuwen op it toerisme.

It autoferkear wurdt safolle mooglik út it sintrum keard: de snelheidsbeheining fan 30 km yn 'e oere, in ambisjeusk lutseplan, in protte ienrjochtingsferkear (twa rjochtings foar fytsers) en râneparkearen meitsje fan Brugge in noflike kuier- en winkelstêd.

It besjen wurdich

Brugge 
Roazehoedkaai

Toeristyske hichtepunten binne:

  • de Merk, mei prachtige (neo)goatyske gebouwen en it Belfort;
  • de Burch, mei it stedhûs, de gebouwen fan it Brugster Frije, de Hillich Bloedkapel en het grûnplan fan de Sint-Donatiustsjerke dêr't Karel de Goede fermoarde waard;
  • it Begynhof Ten Wijngaerde by it Minnewetterpark;
  • de Us-Leaffroutsjerke (122 m hege bakstiennen toer) mei dêryn de prealgrêven fan Karel de Dryste en syn dochter Maria fan Boergonje;
  • it Hof fan Gruuthuse (ek museum) en it Groeningemuseum oan De Dijver;
  • de skildereftige Rozenhoedkaai;
  • it Hans Memlingmuseum, mei seis wurken fan de keunstskilder Hans Memling, yn it âlde Sint-Janshospitaal;
  • it Guido Gezellemuseum, oer de dichter Guido Gezelle;
  • de âlde stêdspoarten, nammentlik de Boveriepoarte, de Smedenpoarte, de Ezelpoarte, de Dampoarte, de Krúspoarte, de Gentpoarte en de Sint-Katelijnepoarte, en de âlde molens op de festen (it steed fan de ôfbrutsen stêdsmuorren);
  • de Sint-Salvatorkatedraal, stifte yn de 10e iuw.

Mei in hynstekoets of mei boatsjes op de reien kin Brugge ferkend wurde.

Alle jierren giet De Hillich Bloedprosesje om yn Brugge op Himelfeartsdei. Hjirby wurdt de relikwy fan it Hillige Bloed, dy't Diederik fan de Elzas út Jeruzalim wei nei Brugge brocht, betocht. De prosesje bestiet út hiel wat histoaryske evokaasjes.

Bûtenlânske toeristen kinne har fergapje oan it tradisjonele Brugster Kant.

Yn 2002 wie Brugge Kulturele Haadstêd fan Jeropa. Hjirfoar waard yn 2000 begûn mei de oanbou fan in nij multifunksjoneel konsertgebou.

In oare populêre trekpleister is it grutte dolfinarium fan it Boudewijn Seapark, in grien park justjes bûten it stedssintrum dat yn 1963 iepene. It park, dat útsein it dolfinarium ek oare bistefoarstellings en pretparkattraksjes biedet, is iepen fan april oant oktober.

Parken

  • Baron Ruzettepark
  • Greve Visartpark
  • Kening Albertpark
  • Keningin Astridpark (yn de folksmûle : "Botaniekenof" Bruchsk foar Botanyske Tún)
  • Minnewaterpark
  • Pastoar Verhaegheplantsoen
  • Stadspark Sebrechts
  • Boudewijn Seapark

Rekreaasje en sport

  • As grutte stêd yn de provinsje wie Brugge ien fan de foaroansteande plakken foar de ûntwikkeling fan it fuotbal yn it westen fan Flaanderen op de ein fan 'e 19de iuw. Club Brugge en Cercle Brugge binne twa fan de âldste klubs fan it lân, hellen beide lânstitels en spylje noch altyd yn de hegere ôfdielings, mei Club Brugge as ien fan de topploegen fan it lân. Der binne ek lytse klubs lykas Daring Brugge, Eendracht Brugge en Dosko Sint-Kruis.

Kultuer

Festivals

  • Kaktusfestival
  • Klinkers
  • Filmfestival Cinema Novo
  • Festival fan Flaanderen Musica Antiqua

Teaters en konsertsealen

Brugge 
Konsertgebou.
  • Konsertgebou
  • Stedsskouboarch
  • De Bond
  • Biekorf
  • Bogardenkapel
  • De Dijk
  • Jan Garemijnseal
  • Magdalenaseal
  • De Werf
  • Het Entrepot
  • It Ingelske Teater fan Brugge

Bekende Bruggelingen

Belangrike persoanen

Berne yn Brugge

  • Adolphe de Vrière, minister fan útlânske saken
  • Louis de la Censerie, arsjitekt
  • Hugo Claus, dichter en skriuwer
  • Wim De Deyne, shorttrackster
  • Patrick De Groote, politikus
  • Danny Deprez, filmregisseur
  • Guillaume I Forrier, greve en mecenas
  • Filips de Moaie, greve fan Flaanderen, hartoch fan Boergonje, kening fan Spanje
  • Carel Hacquart, komponist
  • Geert Hoste, komyk
  • Patrick Lagrou, jeugdskriuwer
  • Bart Moeyaert, dichter en skriuwer
  • Kurt Van Eeghem, radio- en telefyzjepresentator
  • Marc Van Eeghem, akteur
  • Tim Verfaillie, keunstskilder
  • Peter Verhelst, dichter en skriuwer
  • Tony Parker, Frânske NBA-basketbalspiler
  • Pieter Aspe, skrillerskriuwer

Literatuer

  • J.A. Van Houte - De geschiedenis van Brugge
  • V. Vermeersch - Brugge en de zee
  • A. Vandewalle - Brugge, de geschiedenis van een Europese stad
  • M. Ryckaert - Brugge. Historische stedenatlas

Keppeling om utens

 
West-Flaanderen
Brugge 
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem

Tags:

Brugge NammeBrugge DielgemeentenBrugge ToerismeBrugge ParkenBrugge Rekreaasje en sportBrugge KultuerBrugge Bekende lingenBrugge LiteratuerBrugge Keppeling om utensBruggeBelgjeFlaanderenProvinsjeWest-Flaanderen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Greidwrotmûs1964OerwurkmakkerBedriuwCarmen HayesLytse bearenSkiermûntseagerskRembrandt van RijnRadioBart Jan SpruytRhythm and bluesAkteurRhylee RichardsMilitêr transportfleantúch13 desimberPylksturtpappegaaidoSandy MilzFûgeltrekAngelica RavenBoekFeanster FeartWeblochPornofilmSensual JaneRosa CaraccioloProvinsjale SteatenGangbang2014Nikki Anderson1973AztekenNadia KroonDominikaGlasgowYnternetRienk AlberdaYme SchuitmakerGina GersonJeropaMeinoud Rost van TonningenWopke HoekstraBotanyOomramMaya BijouAuteursrjochtPerzyskLos Angeles TimesAudiLuna SilverAbby Lee BrazilTreron pembaensisList fan Fryske famkesnammen185811 maaieMongoalenGNU/FDLRepublykSogn og FjordaneGreen RiderKartaachske Ryk1564KartagoFisigoatyske RykSintraal-Afrikaanske Republyk1791AutokrasyFantasy (sjenre)Grutte pappegaaidoJade JantzenKatedraalEnsyklopedyCountry🡆 More