Klaas Bruinsma (Easterein, 1 febrewaris 1931 - Drachten, 29 oktober 2018) wie in âld-ûnderwizer en -learaar Ingelsk en skiednis, dy't bekendheid krige troch syn oersettings fan histoaryske literêre wurken yn it Frysk.
Wylst syn húshâlding oanwoeks ta úteinlik fjouwer bern (Wike, Dukke, Winfried en Inne), helle Bruinsma de akte Ingelsk, wêrmei't er yn 1963 in oanstelling oan 'e MULO yn Balk yn 'e wacht sleepte. Dêr bleau er tsien jier en doe ferhuze er nei Drachten, dêr't er fan 1973 oant syn pinsjoen yn 1986learaarIngelsk en skiednis oan it Ichtus Kolleezje wie. Underwilens wie syn houlik yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich op in skieding útrûn. Bruinsma wenne dêrnei oant 2003 te Aldemardum, mar gie doe wer werom nei Drachten.
Mids 2018, doe't er ûnderwilens op hege jierren wie, lei er trije dagen yn it sikehûs mei in akút koronêr syndroom (tichtslibbing fan 'e krânsslachier om it hert hinne). Nei in perioade fan oanboazjende minnichte dy't einige mei palliative soarch yn Hospice Smelnehaven yn syn wenplak Drachten, kaam Bruinsma op 29 oktober2018 yn 'e âlderdom fan 87 jier te ferstjerren.
Oersetter
Nei syn pinsjonearring lei Bruinsma him alhiel ta op it oersetten fan 'e klassiken út 'e wrâldliteratuer yn it Frysk. Hy hie dêr earder ek al út en troch mei oan 'e gong west, mar no hied er der foar it earst alle tiid foar. It wie leafdewurk, want in Frysk oersetter hoecht net te ferwachtsjen dat er wat foar al syn bodzjen kriget, lit stean dat er derfan libje kinne soe. Sterker noch, de útjefte fan Sofoklês: Trije Trageedzjes betelle Bruinsma út eigen bûse, oars soe it nea publisearre wêze. Oare bekende oersettings fan syn hân binne û.m. de Ilias en de Odyssee fan Homêros, Lânwurk fan Fergilius, Ovidius syn Feroarings fan Stal, en anonime Midsiuwske Nederlânske wurken lykas Marike fan Nijmegen, Béatrys en Karel en Elegast.
Bruinsma wurke út leafde foar de taal en út oertsjûging en ideälisme foar Fryslân. Yn in fraachpetear yn 2010 seid er dat er it die foar de status fan it Frysk as literêre taal: "In taal dy't serieus nommen wurdt troch de eigen sprekkers, moat oersettingen ha fan Homêros en de oare klassiken, sa ienfâldich is it." Syn ynset waard yn 1993 beleanne mei de takenning fan 'e prestizjeuze dr. Obe Postmapriis foar Sofoklês: Trije Trageedzjes en de Kultuerpriis fan Gaasterlân-Sleat foar syn fertsjinsten op it mêd fan it Frysk yn it algemien. Tolve jier letter, yn 2005 wûn er op 'e nij de dr. Obe Postmapriis, diskear foar syn oersettings fan Gysbert Japix út it Midfrysk nei hjoeddeisk taalgebrûk yn it tinkboek Gysbert Japix: een Keuze uit Zijn Werk, en dêrnjonken fan Fergilius syn Lânwurk en fral ek fan 'e Ilias en de Odyssee. Yn 2007 waard oan Bruinsma ek noch in Sulveren Anjer útrikt fanwegen syn ynset foar de Fryske taal en kultuer.
Wurk (ûnfolsleine opsomming)
Wurken mei de jiertallen tusken rjochte heakken binne wierskynlik (noch) net útjûn (mar wol yn te sjen by Tresoar).
1994: Fryske Keaplju en Seefarders fan de Iere Midsiuwen, Diel I: It Essay (Marchands et Navigateurs frisons du Haut Moyen Âge, Vol. I: Essay) – nei Stéphane Lebecq (oers. y.g.m. Harke Bremer)
1994: Fryske Keaplju en Seefarders fan de Iere Midsiuwen, Diel II: It Corpus (Marchands et Navigateurs frisons du Haut Moyen Âge, Vol. II: Corpus des Sources) – nei Stéphane Lebecq (oers. y.g.m. Harke Bremer)
19??: It Gokkershûs "De Sinneskyn" (oarspronklike titel?) – nei in Ingelsk folkswyske (in ferske)
19??: De Seeman Syn Faam: Heit, Bou My in Boat en Meitsje it Ree (Father, Father, Build Me a Boat) – nei in âlde Skotske ballade (in ferske; tekst neffens de ferzje fan Ewan MacColl)
19??: ’t Sigeunerintsje fan Myn Dream (My Gypsy Dream Girl) – nei in Ingelsk folkswyske (in ferske)
19??: Wa Keart de Rein (oarspronklike titel?) – nei in Ingelsk folkswyske (in ferske)
2004: It Fryske Liet de Grinzen Oer: 21 Fryske lieten mei muzyk foar koar, brassband, fanfare en bigband, mei bewurkingen yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk – nei ferskaat (y.g.m. Simy Sevenster en Ytsen Kooistra)
Ut it Frysk nei it Ingelsk
[19??]: The Ballad of Hil Feikes, Anabaptist – nei De Ballade fan Hil Feikes, Anabaptiste, fan Douwe Tamminga (in gedicht)
[19??]: The Ballad of the Lady of Stavoren – nei De Ballade fan de Frouwe fan Starum, fan Douwe Tamminga (in gedicht)
[19??]: In Memoriam – nei In Memoriam, fan Douwe Tamminga (in gedicht)
[19??]: Of the Four Elements – nei Fan de Fjouwer Eleminten, fan Obe Postma (in gedicht)
2001: A Pilgrimage through Time: More Than Two Thousand Years of Fryslân – nei In Pylgerreis troch de Tiid: Mear as Twatûzen Jier Fryslân, fan Kerst Huisman (in skiedkundige tekst)
2004: It Fryske Liet de Grinzen Oer: 21 Fryske .ieten mei muzyk foar koar, brassband, fanfare en bigband, mei bewurkingen yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk – nei ferskaat (y.g.m. Simy Sevenster en Ytsen Kooistra)
Ut it Frysk nei it Nederlânsk
2004: It Fryske Liet de Grinzen Oer: 21 Fryske .ieten mei muzyk foar koar, brassband, fanfare en bigband, mei bewurkingen yn it Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk – nei ferskaat (y.g.m. Simy Sevenster en Ytsen Kooistra)
1986: Carta de Don Juan – nei Brief fan Don Juan, fan Sjoerd Spanninga (in gedicht)
1986: Si Tras la Palabra – nei oarspronklike titel?, fan Sjoerd Spanninga (in gedicht)
1987: Encanto – nei Betsjoening, fan Tsjits Peanstra (in gedicht)
1987: Agua – nei Wetter, fan Tsjits Peanstra (in gedicht)
1987: Acuerdo – nei Akkoart, fan Jelle Bangma (in gedicht)
1989: Conservación del Monumento – nei Natuermonumint, fan Theun de Vries (in gedicht)
1999: fjouwer fersen – nei 4 fersen fan Ella Wassenaer (4 gedichten)
19??: El Dia del Poeta – nei De Dei fan de Dichter, fan Baukje Wytsma (in gedicht)
19??: Paisaje – nei Lânskip, fan Baukje Wytsma (in gedicht)
[19??]: de Fryske gedichten neffens de earste beide ôfdielings fan Country Fair: Poems from Friesland Since 1945, in blomlêzing en Ingelske oersetting fan Rod Jellema
2001: Dulciamargo – nei Bitterswiet, fan Tiny Mulder (in gedicht)
Ut it Nederlânsk nei it Dútsk
2005: titel oersetting? – nei Ode aan de Prinsentuin, fan Hans Boschma (in gedicht)
Ut it Nederlânsk nei it Frysk
2005: Oade oan de Prinsetún – nei Ode aan de Prinsentuin, fan Hans Boschma (in gedicht)
Ut it Nederlânsk nei it Ingelsk
1996: Lowlands' Tree of Life – nei Levensboom der Lage Landen, fan Binne Lútsen Boarnstra (in gedicht)
2005: titel oersetting? – nei Ode aan de Prinsentuin, fan Hans Boschma (in gedicht)
Oar wurk
Oarspronklike poëzij
Njonken syn wurk as oersetter is Bruinsma ek aktyf as dichter fan oarspronklike poëzij yn it Frysk, almeast fan religieus aard of yn 'e foarm fan gelegenheidsfersen, dat er troch de jierren hinne stikje by bytsje yn in ferskaat oan kranten en tydskriften publisearre hat. Hjirûnder in opsomming dy't nei alle gedachten net folslein is. (N.B.: it is net alhiel ûnmooglik dat hjir noch ferdwaalde oersettings tusken sitte; de boarne, it digitale argyf fan Tresoar, is dêr net altyd like dúdlik oer.)
[1973]: Sjonkrêst-begeerte of Jûnbede fan de Lêste Fryske Tûntsjeman
1984: Al Waard yn Dit Jier... (yn: Fryske Skriuwerskalinder, wike 51.)
1986: Oade Us Reginten (yn: De Frijbûtser, nû. 208)
1987: In Jongfaam út it Doarp Kompenije
1987: It Liet fan Ingel-lân (yn: de Ljouwerter Krante, 25 july)
1987: In Draakfleander Wenjend yn Riis (yn: De Frijbûtser, nû. 215)
1988: Pêgasus (yn: HJIR, ôfl. 2; yn 1996 werprinte yn De Blauwe Fedde)
1991: Friezetsjerke (yn: Hervormd Franeker, 19 jann.; yn juny werprinte yn De Stim fan Fryslân)
1991: Slimmerik (yn: De Frijbûtser, apr.)
1992: Oade oan Herman Gorter (oade oan Herman Gorter; yn: it Snitser Nijsblêd, 12 maaie; 2 dagen letter werprinte yn de Balkster Krante.)
1993: Namdicht Gysbert Japiks (op 'e útnûging foar de offisjele iepening fan 'e tekstwinkel te Boalsert, 15 apr.)
1993: Oarsprong (yn: HJIR, des.)
[1994]: Op de Flesse Damaine Nôtre Dame des Viseilles
1995: Ut 'e Romte Tarre (resepten fan Lou Velleman y.g.m. Mies Delgorge, mei fersen en Fryske tekst fan Klaas Bruinsma)
1996: De Smelle Wei (yn: Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam, winter 1996-'97)
1997: Fryslân 2000 Jier (yn: De Fleanende Krie, maaie.; werprinte yn itselde blêd yn 2009)
1997: By it Sjen fan de Lange Anna (oer de Lange Anna, by Hilgelân; yn: De Fleanende Krie, sept.)
Dútske oersetting: Beim Sehen der Lange Anna (fert. Klaas Bruinsma, 1997)
1998: Earnewâld (yn: De Fleanende Krie, febr.)
1998: Oade oan Doede (oade oan Doede Lanting; yn: De Fleanende Krie, sept.)
1999: Wyn, Fjoer en Wetter (in pinksterliet nei 1 Keningen 18; yn: De Fleanende Krie, febr.)
1999: Quatrebras Myn Waterloo (ta gelegenheid fan 'e iepen dei fan it FLMD, 13 nov.; ôfprinte op 'e nije folder fan it FLMD)
19??: De Brân fan Aldehoarne, of: De Ballade fan Ysbrand Stoker (nije Fryske tekst op in tradisjonele Skotske wize; yn: Tsjoch, nû. 4)
[19??]: 2 limmeriks
19??: It Fizioen fan de Ferlosten
[19??]: It Hart yn it Wâld
[19??]: Samling Fersen fan K. Bruinsma Opdroegen of Jûn oan Dr. L. Hornstra
2002: Godmorgen, Lille Land: Oade oan Denemarken (yn: De Fleanende Krie, febr.)
2002: Ad Majorem Gloriam Dei (yn: S.o.W. Kerkblad Franeker, 25 okt.)
2003: Ta de Mienskip fan Himmelum (yn: De Fleanende Krie, febr.)
2003: In Lietsje foar Sint Marten (yn: it Nijsblêd fan Noard-East Fryslân, 10 nov.; yn 2007 werprinte yn 'e Kollumer Krante en yn Lyts Frisia)
2004: Veni, Spiritus Vitae: Kom, Geast fan it Libben (losse printinge ta gelegenheid fan 'e oanbieding fan it boek Alles Begint bij de Dingen fan Theun de Vries)
2005: In Lyts Epos foar Simy Sevenster: 't Klinget op it Antike (losse printinge ta gelegenheid fan 'e presintaasje fan it boek Ut de Foarein fan Simy Sevenster)
2006: Helgolân (yn: Monatzeitung für die Insel Helgoland)
Hilgelânske oersetting: Deät Lun (fert. Nils Århammar, 2006; yn: Monatzeitung für die Insel Helgoland)
2007: Forel, Reager, Kat en Knyn (y.g.m. Hans van den Bosch; in parody op Die Forelle – frij nei Franz Schubert; yn: de Ljouwerter Krante, 23 nov.)
2008: As Ik in Blom Wie... (yn: Lyts Frisia, sept.)
2009: Portret fan Beetstersweach (yn: De Fleanende Krie, sept.)
2009: Oade oan Hindrik van der Meer FPBC (losse printinge)
2018: Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma (Elikser)
Non-fiksje
Fierdersoan is Bruinsma ek de auteur fan in ferskaat oan non-fiksjestikken, wêrmei't er gauris by wize fan ynlieding syn ljocht skine lit oer de teksten dy't er oerset hat. Mar ek hat er wol opinystikken, resinsjes en artikels skreaun foar de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd, de regionale hûs-oan-hûsblêden en Frysktalige tydskriften. Hjirûnder in opsomming dy't nei alle gedachten net folslein is.
1952: Yn Ienriedigens Skouder oan Skouder (essay; yn: De Stiennen Man, ôfl. 15)
1952: De Jouwer en Den Haach (opinystik; yn: De Stiennen Man, ôfl. 31)
1954: Om de Knikkers en Om de Knikkers II (skôging; yn: De Stiennen Man, ôfl. 12 en 13)
1954: Ut it Doarp fan Tsjibbe Gearts (skôging; yn: De Stiennen Man, ôfl. 32)
1954: Redbad (skôging; yn: it Frysk Studinte Almenak)
1958: Bases, Polityk, Tsjerke – en wy? (opinystik; yn: de 'Ljouwerter Krante')
[1975]: Tsjerk Ages, 1568: historysk drama yn saun tafrielen (bedoeld is: sân bedriuwen) troch Lu Tsen (skriuwersnamme fan Dr. Lútsen Harmens Wagenaar) (skripsje NHL)
1977: It twade Frysk sjongfestival to Easterein (yn: HJIR, ôfl. 1, s. 28-30)
1977: Fjouwer Spaanske Leafdeslieten (skôging; yn: HJIR, ôfl. 2-3)
1977: Liet fan de Libb'ne Flam Minne (skôging; yn: HJIR, ôfl. 2-3)
1978: It Probleem fan "Alde Jirden" en fan "Skat" (yn: Frysk en Frij, 22 apr.)
1986: Ynlieding ta "De Dream fan it Krús" (yn: HJIR, ôfl. 3)
1986: Ynlieding ta "De Seeman" (yn: HJIR, ôfl. 4)
1987: Ynlieding ta "De Balling" ("The Wanderer") (yn: HJIR, ôfl. 1)
1988: Friezen yn 't Spier foar Kening Alfred (yn: Frysk en Frij, 13 febr.)
1995: Ut 'e Romte Tarre (resepten fan Lou Velleman y.g.m. Mies Delgorge, mei fersen en Fryske tekst fan Klaas Bruinsma)
1996: De Opstalbeam: Troch de Iuwen Hinne Warskôging en Needrop (taspraak holden by de Opstalbeam te Auwerk op himelfeartsdei 1996; yn: De Fleanende Krie, sept.; yn 1997 werprinte yn Lyts Frisia)
1996: Ynlieding ta it Ofskie fan Hektor en Andrómakhé (yn: Trotwaer, okt.)
1998: In Namme Seit Mear (betsjuttings fan in stikmannich Fryske jonges- en famkesnammen; boekje fan 48 siden, ISBN 9 08 04 31 818; earder ferskynd yn ôfsûnderlike artikeltsjes op 'e F-side yn it Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante)
2001: Ynlieding ta Vergilius (yn: Kistwurk, maaie)
2003: In Libben foar de Friezen en it Frysk (in memoriam foar Alfred Boysen (1915-2003); yn: Lyts Frisia, juny)
2003: Us Grutte Foarsjonger Gysbert Japix: Dichter en Skriuwer Berne yn 1603, Betocht yn 2003 (ynlieding op titelside fan: Einkonsert fan it Gysbert Japixbetinkingsjier, 1603-2003: Lit Us Nochris Swiet Muzykje, 16 nov.)
2004: Fersen fan Obe Kinne No oer de Globe: Ingelsktalige Blomlêzing Postma Frysk Salút oan de Wrâld (besprek fan What the Poet Must Know, in Ingelsktalige blomlêzing fan 'e fersen fan Obe Postma troch Anthony Paul mei in ynlieding troch Jabik Veenbaas; yn: it Frysk Deiblêd, 7 july)
Oar
2012: De striid tusken Froasken en Mûzen: Audioboek (audioboek, foarlêzen troch Klaas Bruinsma)
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Klaas Bruinsma (oersetter), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.