Baukje Wytsma

Baukje Wytsma (Reduzum, 1 april 1946 - dêre, 29 desimber 2022) wie in Fryske skriuwster en sjoernaliste.

Nei har oplieding oan de PABO folge se in HBU oplieding foar de sjoernalistyk.

Baukje Wytsma
Baukje Wytsma skriuwer
Baukje Wytsma (2004)
Baukje Wytsma (2004)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Baukje Wytsma
nasjonaliteit Baukje Wytsma Nederlânsk
berne 1 april 1946
berteplak Reduzum
stoarn 29 desimber 2022
stjerplak Reduzum
etnisiteit Baukje Wytsma Frysk
wurk
taal Frysk
sjenre Berneboeken,
gedichten
jierren aktyf 1976-2022
offisjele webside
Wurk fan Baukje Wytsma yn de DBNL

Wurkpaad

Har earste wurk bestie út bernepoëzij en ferskynde yn 1976 yn de bondel Romke Timen Tomke. De ferskes ûntstienen neist har wurk as skoaljuffer. Se skreau ek berneboeken en die mei oan bernefoarstellingen. Yn har dichtwurk komme de grutte tema’s yn de poëzij oan de oarder lykas leafde, dea, fergonklikens en de ivige striid tusken dream en realiteit. Yn 2006 skreau se it Boekewikepresint De Stien tegearre mei Sjoerd Bottema.

Njonken it skriuwen fan poëzij en berneboeken makket Baukje Wytsma, dy’t ek as sjoernaliste wurket, yn opdracht fan tal fan Fryske sjongers lietteksten foar cd’s en teaterprogramma’s. Ek foar kabaretselskip It Wâld hat se skreaun. Lietteksten hat se skreaun foar Anneke Douma, Frederike Kleefstra, Roel Slofstra en Douwe Heeringa.

Boppedat wie se belutsen by eveneminten as Simmer 2000: Se is de tekstdichter fan het Simmer 2000-liet dat songen waard troch Maaike Schuurmans, Rients Gratama, Piter Wilkens en Syb van der Ploeg. Ek wie se aktyf by it evenemint rûnom de PC yn Frjentsjer. Foar LF2018 skreau hja de tekst fan de keatsshow Heedaar..! dy't opfierd waard op It Sjûkelân yn Frjentsjer.

As sjoernaliste wurke Baukje Wytsma foar de Ljouwerter Krante en de Friesland Post.

Op 29 novimber 2018 waard Wytsma beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau fanwegen har grutte fertsjinsten foar de Fryske taal.

Baukje Wytsma is hommels ferstoarn yn de âldens fan 76 jier oan hertfalen.

Publikaasjes

Poëzij

  • 1980 : Noch ien slach om 'e buorren (1982, 2e útwreide pr.)
  • 1984 : It blau fan de Hortinsje (2005 Merkelrige)
  • 1987 : Heech gers (2005 Merkelrige)
  • 1989 : By ljochtskyndei
  • 1993 : In see fan wetter
  • 1997 : Thúslûd
  • 2001 : Kom mei in koer
  • 2005 : De dichter swijt
  • 2010 : Sân wylgen
  • 2013 : Ik ek fan dy
  • 2021 : Wyt ljocht

Berneboeken

  • 1976 : Romke Timen Tomke en oare opsizferskes (2e pr. 1978)
  • 1978 : De rare richelroek en oare opsizferskes
  • 1981 : De groetnis fan Anne
  • 1982 : Flintertútsjes
  • 1987 : Disse en Jinge en frou Hilarides (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tek. Laura Tietjens: Berneboekegeskink nû. 1)
  • 1988 : Frou Hilarides en it Museum foar Moderne Keunsten (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tek. Laura Tietjens: Berneboekegeskink nû. 2)
  • 1989 : De saak Hilarides (mei Akky van der Veer, muzyk Jaap Oosterwyk, tek. Laura Tietjens: Berneboekegeskink nû. 3)
  • 1990 : Omke Siger is in liger (tek. Carla van der Heijde, muzyk Jaap Oosterwyk: Berneboekegeskink nû. 4)
  • 1994 : Buorfrou Flap hat grutte earen (tekeningen Geart Gratama, muzyk Mette Meinou Piebenga)
  • 1997 : It swurd fan Lytse Pier (mei Akky van der Veer, tek. Karin Poiesz, Aksjeboek foar bern nû. 1)
  • 1997 : Kadootsje yn papier, berneferskes (tekeningen Babs Wynstra, muzyk Jaap Oosterwyk)
  • 1999 : Samar foetsy
  • 2001 : Lokaal 13
  • 2004 : De poes mei de lange sturt
  • 2004 : De blauwe loftfyts
  • 2006 : Dûnsje op in hynstekont
  • 2008 : Koesboek
  • 2009 : Koesboek (miny-edysje)
  • 2009 : Pasta, pizza & patat
  • 2012 : Snot & triennen en oare gedichten

Musikals en muzykteksten

  • 1981 : De letterfretter (en 1983) (bernemusikal)
  • 1983 : Romkje Roekenêst (bernemusikal)
  • 1987 : Villa Aria (en 1988) (muzykprojekt foar bern yn gearwurking mei Omrop Fryslân, Tryater en it Frysk Orkest)
  • 2002 : Tritichtûzen doazen (muzyk Peter Sijbenga, bernemusikal)

Ferskaat

  • 1983 : Doch sels I (Karkribelje) (mei Meindert Bylsma, muzyk Hans ten Have, tek. Frits Klein)
  • 1985 : Doch sels II (spulje en spylje) mei Meindert Bylsma, muzyk Swami Anand Johannes (Hans ten Have), tek. Frits Klein)
  • 1985 : Doch sels III (It geheim fan it Gouden Ljocht) (mei Meindert Bylsma, muzyk Swami Anand Johannes (Hans ten Have), tek. Frits Klein)
  • 1985 : Patat Spesjaal. In lês-, sjoch-, en dochboek (mei Meindert Bylsma, Douwe Kootstra, Tiny Mulder)
  • 2002 : Ivich Underweis 125 jaar wegen, vaarwegen en kunstwerken Provincie Fryslân
  • 2006 : De stien (mei Sjoerd Bottema, Boekewikegeskink)
  • 2007 : Dat wie doe sa: skoalle (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 1)
  • 2007 : Dat wie doe sa: beroppen (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 2)
  • 2008 : Dat wie doe sa: feest (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 3)
  • 2008 : Dat wie doe sa: iten & drinken: (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 4)
  • 2009 : Dat wie doe sa: sport (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 5)
  • 2009 : Dat wie doe sa: sjonge & spylje (mei Akky van der Veer, Beltsjeblomrige diel 6)
    Postúm
  • 2023 : De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder, in boek mei yllustraasjes en poëtyske teksten oer freonskip, leafde en jinsels wêze (oersetting fan The Boy, the Mole, the Fox and the Horse fan Charlie Mackesy)

Prizen

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Baukje Wytsma WurkpaadBaukje Wytsma PublikaasjesBaukje Wytsma PrizenBaukje Wytsma1 april1946202229 desimberFryslânReduzumSjoernalistSkriuwster

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SudokuMegan VaughnLeppeltsje-leppeltsjeTaiwanKanadeeske beverSpanjeMarijn KuipersBuenos AiresFaasjeScatlers kroandoKroandowenNoelle EastonTechnologySint-Hippolytustsjerke (Olterterp)NoemilkElizabeth II fan it Feriene KeninkrykItaljaanskNoardfryskZaya CassidyIerdeDûbele puntRosa CaraccioloPornhubArtystenammeMediaWikiDe Holder (bernetydskrift)HawaïFingerjenFrankrykHelpArameeskTony van der MeulenSpartakusVoltaireEve MadisonRocco SiffrediWurdFriesEmmanuel WaegemansBlankenbergeSclaters kroandoMichelle TuckerCharles III fan it Feriene KeninkrykFrysktalige WikipedyEreksjeMeint WiegersmaYndo-Jeropeeske talenAero Contractors (Nigearia)Turkske folkenVanessa SkyGrutte OseaanSaskatchewanJeropaJaylene RioLiteratuerAmerikaanske LegerManchester City FCYnternet1968Sanskryt1757FleanfjildRia RodrigezAnita BlondWeenske oesterFjilddowen fan de Âlde Wrâld🡆 More