Sa Bist

Sa Bist, yn it oarspronklike Midnederlânsk bekend ûnder de Aldfrânske namme fan de Esopet (d.w.s.

de "Lytse Esopus"), is in samling fan 67 berime bistefabels fan in trochstrings satiryske strekking, dy't datearret út 'e 13e iuw. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 1985.

Sa Bist
algemiene gegevens
oarspr. titel Esopet
auteur Calfstaf en Noydekyn (?)
taal Midnederlânsk
foarm poëzij
sjenre bondel berime fabels
skreaun ±1275
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Sa Bist
publikaasje 1985, Baarn/Ljouwert
útjouwer Bosch & Keuning/De Tille B.V.
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. 9 02 46 45 379

Eftergrûn

De Esopet giet werom op 'e Klassike Aldheid, doe't de Grykske skriuwer Aesopus, Aisopos of Esopus in bondel mei fabels skreau, dy't neitiid yn it Latyn bewurke en útwreide waard troch earst Faedrus (om it jier 50 hinne) en letter Avianus (om 450 hinne). Dy Latynske bewurkings foarmen de boarne foar de saneamde Romulus, út 'e 10e iuw. Dêrút waarden noch wer letter, om 1275 hinne, 67 fabels oerset en berime yn it Midflaamsk ta in folle behindiger samling dy't sadwaande de namme fan de "Lytse Esopus" krige. In fierders net identifisearre boarne wol hawwe dat dizze oersetting en beriming troch twa Flaamske dichters dien is, mooglik de troch Jakob fan Maerlant yn syn Spieghel Historiael neamde Calfstaf en Noydekyn.

It iennichste oerlevere hânskrift fan 'e Esopet hat de Universiteitsbibleteek Leien op 'e noed (hs. Letterk. 191-3). Yn 1965 ferskynde dêrfan in faksimilee-útjefte ûnder de titel: Esopet, Facsimile-uitgave naar het Enig Bewaard Gebleven Handschrift, ynlaat en taljochte troch Garmt Stuiveling. De Esopet waard yn 1985, ûnder de titel Sa Bist, oerset nei it Frysk (allyksa yn berime foarm) troch oersetter Klaas Bruinsma, en kaam mei stipe fan 'e provinsje Fryslân út by útjouwerij Bosch & Keuning te Baarn yn gearwurking mei boekhannel De Tille te Ljouwert.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sa Bist (oers. Klaas Bruinsma), Baarn/Ljouwert, 1985 (Bosch & Keuning/De Tille B.V.), ISBN 9 02 46 45 379.
  • Kuiper, Willem, De Middelnederlandse "Esopet", yn: Spektator, tijdschrift voor Neerlandistiek 21 (1992), s. 35-54.
  • Sacke, K. van (ed.), Uit de Middelnederlandse Fabelbundel Esopet, 1979.
  • Stuiveling, Garmt, Esopet, Facsimile-uitgave naar het Enig Bewaard Gebleven Handschrift (2 dln.), Amsterdam, 1965.

Tags:

13e iuw1985AldfrânskFabelFryskKlaas Bruinsma (oersetter)MidnederlânskSatire

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Joshua ReynoldsKonstantinopelBasketbalWikipedyAksjefilmWurdIesEkonomyTaal1438Heather LeeSonoarawoastynFryskSensual JaneVienna BlackThe Lion King (film út 1994)1967Frozen (franchise)GonzopornografyLetlânWittenskip12e iuwAlkmar (gemeente)SkipBo SinnSuffolkGeorge I fan Grut-BrittanjeYslânskK2Vina SkySêfte pornografyDakota Plains Yndianereservaat 6A1914Ekwatoriaal-GuineeDaisy SummersJimmy Wales1095Ines RidereHurdfytsenEarste Frânske KeizerrykDreves UitterdijkGaya PatalOlympyske Simmerspullen 2024Valentina NappiArtefakt (archeology)Audree JaymesLalla WeissNoard-NederlânRachel AzianiBonêreDierenAlain DeloinFrouljusboarst2012Konstantius IIIWrâldkampioenskip fuotbal 1990Adolf HitlerKranteFerdrach fan VersaillesBrazilian waxJulius CaesarWetjouwende machtGreenwich (Londen)1941FBIMieke van der WeijHachette LivreUrsula K. Le GuinMarica HaseOmgong fan Spanje foar frouljuOrgasmeFriezen🡆 More