Joshua Reynolds

Sir Joshua Reynolds (Plympton St.

Maurice (Devon), 16 july 1723 - Londen, 23 febrewaris 1792) wie in Ingelsk skilder út de 18e iuw. Hy waard yn 1769 ridder troch kening George III.

Joshua Reynolds
Joshua Reynolds, Selsportret

Libben

Reynolds waard berne yn Plymouth st. Maurice, Devonshire as soan fan in geastlike. yn 1740 gong er yn de lear by de portretskilder Thomas Hudson dêr't er oant 1743 bleau. Yn de folgjende jierren wenne er yn Plymouth en Londen. Yn Plymouth krige er kunde oan Lord Edgecumb dy't syn fierdere libben syn patroan bliuwe soe. Edgecumb brocht Reynolds yn 'e kunde mei Augustus Keppel dy't it haad wie fan de Britske marine yn it Middellânske Seegebiet. Mei him farde er mei nei Minorca dêr't syn reis nei Itaalje begûn. Yn Rome bestudearre er de Italjaanske masters en antiken. Dizzen wiene de ynspiraasjeboarne foar syn fierdere karriêre.

Wurk

Mei Thomas Gainsborough wie er de dominante portretskilder út de twadde helte fan de 18de iuw. Reynolds skildere yn in mear ydealisearre styl dan syn rivaal. Neist syn portretten, der wurdt in totaal rûsd fan 2000, hat er ek allegoryske portreten makke sa as Mrs Siddons as de tragyske muze (1784), in genre dat er allinne tapaste by syn froulike modellen. Ien fan mar in pear histoarjestikken, dy't er neffens syn Grand Manner makke wie It bern Herkules (1787). Wat mear opsmiet wie it saneamde Fancy Picture dy't somtiden in eroatysk karakter hiene sa as Cupido as in keppelder (1774). Yn 1784 wurdt Reynolds hierd as hofskilder fan kening George III.

Yn 1789 waard Reynolds blyn oan syn loftereach en op 23 febrewaris 1792 stoar er yn syn hûs yn Leicester Fields te Londen. Hy waard begroeven yn St. Pauls katedraal.

Status en reputaasje

Reynolds' karriêre hat nea grutte hichtepunten kind. Hy wie ien fan de earste leden fan de Royal Society of Arts, hat meidien oan de stifting fan de Society of Artists, en fêstige mei Gainsborough de Royal Academy of Arts as in soarte ôflate organisaasje dêrfan. yn 1768 waard er de earste foarsitter fan de RA's en dat is er bleaun oant syn dea. As learaar wurdt er betocht fanwege de Discourses on Art (tusken 1769 en 1790) dy't opfoelen troch gefoelichheid en sekuere wiernimming. Yn ien fan dy redes wie er fan betinken dat "invention, strictly speaking, is little more than a new combination of those images which have been previously gathered and deposited in the memory."

Reynolds en de Royal Academy waard ferskillend oer tocht. Ta syn kritisy hearden in protte fan de Pre-Rafaeliten en William Blake. De lêste publisearre syn by tiden fitrioele Annotations to Sir Joshua Reynolds' Discourses yn 1808. Lykwols wiene mannen as J. M. W. Turner en James Northcote leafhawwers fan syn wurk: Turner fersocht om letter neist Reynold yn it grêf lizze te meien, en Northcote (fjouwer jier Reynolds' learling west) skreau oan syn famylje: "I know him thoroughly, and all his faults, I am sure, and yet almost worship him." (Earst stie der adore yn stee fan worship.)

Galery

Joshua Reynolds  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Joshua Reynolds fan Wiki Commons.

Tags:

Joshua Reynolds LibbenJoshua Reynolds WurkJoshua Reynolds Status en reputaasjeJoshua Reynolds GaleryJoshua Reynolds16 july17231769179218e iuw23 febrewarisDevonIngelânLonden

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Daisy SummersPalermoDeaJoost KleinAustralyske dollarInes Ridere8 septimberDollar2000-er jierrenWetterstofAfantasyBroeinettelHarmony WonderMasturbaasjeFryske Ryk1957HaadsideJaylene RioPontius PilatusWest YorkshireDanijel DizdarevicLegaatNederlânsk Kanker YnstitútDionysusYnternetHolokaustMia LiNitraatAldfryskSpanjeMinnie BeetsWat is duurzame ontwikkeling?ProstitueeIslamityske SteatGregoriaanske kalinderPsychologyFilosoofLeafdeFrysktalige WikipedyMoskouHuningblomList fan planetoïden 5001-6000Krusiging fan Jezus26 maartGokkenKazachstanReidhintsjeFulkaanAlgerijeWebcam2023Nikola TeslaNije TestamintDûbele penetraasjeGeorge W. BushPetrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)TrochgongRome (stêd)Victoria CakesNew York (stêd)RagenfridNoard-IerlânStasjon StedumNapelsClyde Tombaugh14e iuw🡆 More