Federico García Lorca (Spaanske útspraak: ; folút: Federico del Sagrado Corazón de Jesús García Lorca; Fuente Vaqueros, 5 juny 1898 – Viznar, 19 augustus 1936) wie in progressyf Spaansk toanielskriuwer, dichter en toanielregisseur, dy't ynternasjonale erkenning krige as it boechbyld fan 'e Generaasje fan '27.
As iepentlik homoseksueel en elitêre modernist mei loftse politike en maatskiplike ideeën stied er foar alles dat troch de reäksjonêre faksisten fan generaal Franco ferspijd waard. Oan it begjin fan 'e Spaanske Boargeroarloch, doe't er 38 jier wie, waard er as ûnderdiel fan 'e rjochtse terreur fermoarde troch de frankwisten. García Lorca wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e grutste dichters dy't Spanje ea fuortbrocht hat en ien fan 'e wichtichste fertsjintwurdigers fan 'e tweintichste-iuwske wrâldliteratuer. Syn wurken binne yn withoefolle talen oerset.
Federico García Lorca | ||
skriuwer | ||
Federico García Lorca yn 1932. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Federico del Sagrado Corazón de Jesús García Lorca | |
nasjonaliteit | Spaansk | |
berne | 5 juny 1898 | |
berteplak | Fuente Vaqueros (Spanje) | |
stoarn | 19 augustus 1936 | |
stjerplak | Viznar (Spanje) | |
etnisiteit | Andalûsysk | |
wurk | ||
taal | Spaansk | |
sjenre | toaniel, poëzij, senario's, reisferhalen | |
perioade | Ynterbellum | |
streaming | modernisme | |
bekendste wurk(en) | Amor de Don Perlimpín con Belisa en Su Jardín Bodas de Sangre Yerma La Casa de Bernarda Alba | |
jierren aktyf | 1918 – 1936 | |
offisjele webside | ||
www.garcia-lorca.org |
García Lorca wie in bereizge, mar geastlik tramtearre man út in rike famylje, dy't sûnt syn studintetiid, doe't er rjochten en filosofy studearre hie, kunde hie oan 'e komponist Manuel de Falla, de sineast Luis Buñuel en de skilder Salvador Dalí, op wa't er fereale waard. Hy skreau syn earste toanielstik, El Maleficio de la Mariposa ("De Flinter syn Tsjoede Bestjoening"), en liet it ek opfiere, yn 1920. It wie in stik yn fersen oer de ûnmooglike leafde tusken in kakkerlak en in flinter, en it waard al nei fjouwer opfierings ôfblaasd om't it publyk it net wurdearje koe. Syn earste dichtbondel publisearre er yn 1921.
Geandewei de jierren tweintich rekke er almar mear behelle yn 'e Spaanske avant-garde. Syn Romancero Gitano ("Sigeunerballade"), út 1928, waard syn bekendste dichtwurk en brocht him rom en ferneamdens net inkeld yn Spanje, mar ek yn Latynsk-Amearika. Troch syn homoseksualiteit, yn dy tiid noch op syn bêst in maatskiplik taboe en op syn minst in krimineel fergryp dêr't men jierren foar it tichthús yndraaie koe, kaam er geastlik almar mear yn 'e knipe en rekke er yn djippe depresjes. Syn famylje, dy't fan syn swierrichheden (sij it faaks net fan 'e oarsaak derfan) ôfwist, beävensearre yn 1929-1930 in lange reis nei de Feriene Steaten en Kuba foar him. Yn New York studearre er Ingelsk, mar hy wie mear dwaande mei syn skriuwwurk as mei syn stúdzje.
García Lorca syn weromkear nei Spanje, yn 1930, foel gear mei de fal fan Primo de Rivera syn diktatuer en de werfêstiging fan 'e Spaanske Republyk. Yn 1931 waard er oansteld as regisseur fan in teäterselskip fan studinten, Teatro Universitario de Barraca, dat op kosten fan it nije regear de opdracht krige om fergese foarstellings fan klassike Spaanske stikken yn ôfhandige, ferearmoede úthoeken fan it Spaanske plattelân op te fieren, om sa de meast efterstelden ûnder de Spaanske befolking yn 'e kunde komme te litten mei sok kultuerguod. Wylst er mei syn selskip op toernee wie, skreau García Lorca syn meast ferneamde toanielstikken, de offisjeuze "Plattelânstrilogy" fan Bodas de Sangre ("Bloedbrulloft"), Yerma en La Casa de Bernarda Alba (It Hûs fan Bernarda Alba).
Doe't de Spaanske Boargeroarloch útbriek, wie García Lorca thús by syn famylje, yn Granada. Op 18 augustus waard de sosjalistyske boargemaster fan Granada, Manuel Fernández-Montesinos, deasketten. Dyseldichste middeis waard García Lorca oppakt. Men giet derfan út dat er de oare deis fermoarde is troch de faksistyske milysje, mooglik yn 'e mande mei trije oaren, Joaquin Arcollas Cabezas, Francisco Galadi Mergal and Dioscoro Galindo Gonzalez, op in plak dat Fuente Grande ("Grutte Fontein") hjit en oan 'e wei fan Viznar nei Alfacar leit.
Yn 2008 waard it ûndersyk nei García Lorca syn dea weriepene en waard der by Fuente Grande besocht om syn grêf te finen, mar dat wie om 'e nocht. Under it regear fan Franco is in protte bewiis foar de faksistyske terreur út 'e jierren tritich en letter ferneatige. It bliuwt ûndúdlik wêr't it lêste rêstplak fan Federico García Lorca is.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Federico García Lorca, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.