Ingrid Andress

Ingrid Andress (Southfield (Michigan), 21 septimber 1991) is in Amerikaansk sjongster fan countrymuzyk.

Ingrid Andress
Ingrid Andress sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ingrid Andress
nasjonaliteit Ingrid Andress Amerikaansk
berne 21 septimber 1991
berteplak Southfield (Michigan)
etnisiteit Ingrid Andress Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
sjenre country & western
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint stim, piano
grutste hit(s) More Hearts Than Mine
jierren aktyf 2018 – no
offisjele webside
www.ingridandress.com

Libben en karriêre

Andress waard yn 1991 berne yn Southfield, yn 'e Amerikaanske steat Michigan, mar groeide op yn Highlands Ranch, yn Kolorado. As bern learde se pianospyljen en drummen, wylst se op skoalle lid wie fan it skoalkoar, wêrmei't se dielnaam oan ferskate sangwedstriden. Nei't se de middelbere skoalle ôfrûne hie, learde se fierder oan it Berklee Kolleezje foar Muzyk, dêr't se ôfstudearre mei as haadfakken sjongen en songwriting.

As ien fan de oprjochters fan 'e a kappella-groep Pitch Slapped naam Andress yn har studintetiid diel oan 'e talintejacht The Sing-Off, op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder NBC. In oare band dêr't se lid fan wie, Delilah, die oan itselde tillefyzjeprogramma mei en einige op it sechsde plak. Nei't se ôfstudearre wie, waard Andress yn in mentorskipsrelaasje begelaat troch skriuwster fan poplieten Kara DioGuardi. Letter ferfear se nei Nashville, yn Tennessee, dat it sintrum fan de countrymuzyk is. Dêr skreau se lieten foar artysten as Sam Hunt, Alicia Keyes en Charli XCX.

Mids 2018 sleat Andress in kontrakt mei platemaatskippij Warner Nashville, wêrnei't se yn 2019 debutearre mei de single More Hearts Than Mine. Dat liet behelle it 56e plak op 'e Amerikaanske Billboard Hot 100-hitlist, it 10e plak op 'e Hot Country Songs-hitlist en it 8e plak op 'e Country Airplay-hitlist. Yn Kanada brocht it liet it ta it 12e plak op 'e countryhitlist. Andress neamde Faith Hill en de Dixie Chicks as har wichtichste muzikale ynspiraasjeboarnen. Se waard yn 2019 nominearre foar in Academy of Country Music Award yn de kategory bêste nije froulike artyst, en brocht datselde jiers noch in extended play út mei as titel The Rosebank Acoustic Sessions. Yn 2020 ferskynde har earste studio-album, Lady Like.

Diskografy

Albums

    Studio-albums
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
2020 Lady Like
    EP's
jier titel prizen en nominaasjes resultaat
2019 The Rosebank Acoustic Sessions

Singles

jier titel prizen en nominaasjes resultaat
2019 More Hearts Than Mine Ingrid Andress  Ingrid Andress  (goud)

Prizen en nominaasjes

jier priis resultaat kategory foar it nûmer/album
2019 ACM Award nominearre nije froulik artyst fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Ingrid Andress Libben en karriêreIngrid Andress DiskografyIngrid Andress Prizen en nominaasjesIngrid Andress Keppelings om utensIngrid Andress199121 septimberCountryFeriene SteatenMichiganSjongster

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MuzykVina SkyBaskyskWebsteePierre WoodmanMiamiRaffarinadeNew York Stock ExchangeFeankeninginneMiranda WerkmanEarmoedeFrysk Ynternasjonaal KontaktNicole BexleyAldskouLiteratuerMegan VaughnWetArtefakt (archeology)Seksuele yntimidaasjeMoriah MillsDe Boarn30 jannewarisSean LawlessKarma RosenbergNeakenfotografyLexi DiamondKunnilingus2008PilekaaneftigenAldfryskKeiran LeeMoanne (tiid)Aleksander PûsjkinWoansdeiJayden LeeAfganistanTsjaadKatee OwenVienna BlackGielDigital Sin1949FingerjenLeppelbekOezbekistanDomeinnammeMegan SalinasAlexa Flexy6 maartBlauBetlehimDomtsjerke fan GrossetoJob CohenEuroTripNoardfryskNational Basketball AssociationNasjonaal Park YellowstoneKatedraal fan OtrantoHûntsjeshâlding4 maartEmiel StoffersSietske PoepjesBasketbalMaría del Carmen Carricart1933🡆 More