In band (útspr.: , likernôch: bent), fan it Ingelske band (útspr.: , likernôch: bênd), is in groepke muzikanten dat popmuzyk spilet of ymprovisearret, mei-inoar optredens fersoarget en faak ek eigen muzyk publisearret yn 'e foarm fan albums en/of singles.
De term 'band' ymplisearret dat alteast guon fan 'e leden fan sa'n muzykgroep muzykynstruminten bespylje; is dat net it gefal, dan sprekt men earder fan in popgroep as fan in band.
De meast foarkommende opstelling fan in band dy't popmuzyk spilet, bestiet út in gitarist (faak de lead-gitarist neamd), in basgitarist en in drummer. Dêropta kinne der noch bespilers fan oare ynstruminten wêze, lykas in synthesizer of in saksofoan . As de band gjin popmuzyk, mar jazz spilet, sjocht men faker in opstelling mei in piano, drumstel, trompet, saksofoan en kontrabas, wylst men yn 'e countrymuzyk faak ien of mear gitaren, in drumstel, in fioele en in pedaalstielgitaar brûkt, mei fral yn 'e bluegrass faak ek in banjo derby. De beneaming 'band' wurdt ek wol brûkt om in dûnsorkest oan te tsjutten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Band, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.