Billboard Hot 100

De Billboard Hot 100 (útspr.: , likernôch: bil-board hot ûan-han-drud) is de wichtichste Amerikaanske hitlist foar singles fan popmuzyk.

De list wurdt sûnt 1958 ienris yn 'e wike publisearre troch it tydskrift Billboard. Hy wurdt gearstald op basis fan ferkeapsifers (fysyk en digitaal), airplay (hoe faak oft in nûmer op 'e radio draaid wurdt), en hoe faak oft it yn 'e Feriene Steaten online streamd wurdt.

Billboard Hot 100
It logo fan 'e Billboard Hot 100.

De perioade op basis wêrfan't de Billboard Hot 100 gearstald wurdt, rûn oarspronklik fan moandei oant en mei snein doe't it bedriuw Nielsen yn 1991 úteinsette mei it byhâlden fan 'e ferkeapsifers, mar yn july 2015 waard dy perioade feroare yn freed oant en mei tongersdei. Deselde perioade foar it fêstlizzen fan data jildt ek foar online streaming media. Hoefolle útstjoertiid oft op 'e radio oan in beskaat nûmer bestege wurdt ('airplay'), wurdt byholden yn in syklus dy't fan moandei oant en mei snein rint (foarhinne woansdei oant en mei tiisdei). Billboard stalt eltse tiisdei in nije Hot 100-hitlist gear en makket dy deselde deis noch iepenbier.

De earste nûmer 1-hit fan 'e Billboard Hot 100 wie Poor Little Fool, fan Ricky Nelson, op 4 augustus 1958. Oant en mei de wike dy't einige op 2 maaie 2020 hie de hitlist 1.098 ferskillende nûmer 1-hits hân.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article uses material from the Wikipedia Frysk article Billboard Hot 100, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); Billboard Hot 100 Wiki additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.

Tags:

Billboard Hot 100

Keppelings om utens bewurkje seksje Billboard Hot 100

1958

Billboard (tydskrift)

Feriene Steaten

Ferkeap

Hitlist

Online

Popmuzyk

Radio

Single (muzyk)

Streaming media

Tydskrift

Wike

Ynternet

Útspr.

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PankoekstermoleSnieFaginaRita FaltoyanoThe Hobbit (filmtrilogy)The SimpsonsKai NobelStedsk1987Savana GingerEon ProductionsKanon (kultuer)Douwe TammingaLondenWaarlamkeV1972ZSinaAant Jelle SoepboerBasketbalRadioWetter20e iuwDieverijJan PolKrieë YndianereservaatPlasma (natuerkunde)1769IerskKust1954WoansdeiGrytman201990-er jierrenJannewarisSwartkieltsjeStille OseaanTitelsong (titelmuzyk)1983Tine BethlehemSurinaamsk-Kreoalsk17e iuwRezjyFilm7 septimberSint-Nikolaas fan Tolentyntsjerke (Wytmarsum)Mia Li26 junyIrakHaadrolDiamond JacksonJazz8001802Oscar1975🡆 More