Talintejacht

In talintejacht is in evenemint wêrby't troch de organisators besocht wurdt om fia in wedstryd nije talinten op te spoaren.

Sokke talinten kinne in grut ferskaat oan dissiplines omfiemje, lykas sport, muzyk, teäter en tillefyzjepresintaasje. Ek in talintejacht sels kin withoefolle foarmen oannimme. Sa binne der bgl. scouts dy't troch nei fuotbalwedstriden te gean, nij fuotbaltalint besykje te ûntdekken. Meastal giet it by in talintejacht lykwols om in organisearre gearkomste wêrby't de dielnimmers om bar harren talint (of it brekme dêroan) yn in beskaat ekspertizefjild toane kinne oan in faksjuery en in publyk.

Sûnt 2000 binne talintejachten in wichtich ûnderdiel fan realitytillefyzje wurden, mei programma's as Idols, The X Factor en The Voice of Holland. Ek foartiid wiene der al talintejachten op 'e tillefyzje te sjen, lykas de Soundmixshow. In tradisjonelere foarm fan in talintejacht wurdt foarme troch muzykkonkoersen, wêrby't klassike musisy harren talinten sjen litte kinne.

De winner fan in talintejacht ûntfangt almeast by wize fan priis in oanbod op it mêd fan syn of har dissipline, bgl. in grut optreden of in fermelding yn in faktydskrift.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

FuotbalMuzykPresintatorSportTeäter (keunstfoarm)TillefyzjeWedstryd

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Krystal SwiftOanslach1955ArûbaTouFryslân20212019Skaai (taksonomy)Koen EekmaSybren fan RoptaGemysk wapenJohn de MolMarilyn CrystalJezabel Vessir1901Kwame NkrumahMaartTermodynamika2005EgypteKoloanjeVictoria CakesList fan Belgyske keunstskildersHRuri Saijo29 desimberTiisdeiYvette BovaMariûpolAccraJulianna Vega10 jannewarisHearlikheid FryslânGizeh13 maartYnterfryske FlaggeSalomonseilannenGroubekpappegaaidoCassandra WildePûn sterling29 maartJeropeeske UnySûmbapappegaaido28 novimberTopografyske Wurkgroep FryslânAstronoomSam Walton2009Joo Min Lee9 septimberSokratesPornhubParysOflûken (seksualiteit)Keninkryk Grut-BrittanjeKagney Linn KarterKeatsen1927HadrianusRae Lil BlackLânbou10 desimber16 febrewarisDútskDedemsvaart (doarp)Noarsk9 maartEva WiessingDe factoEarste WrâldkriichTonga🡆 More