Eastermar

Eastermar is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, súdeast fan de Burgumer Mar.

De buorskippen It Heechsân en It Wytfean hearre ek ta Eastermar.

Eastermar
Wâltsje
Wâltsje
Emblemen
Eastermar               Eastermar
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Eastermar Fryslân
Gemeente Eastermar Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal 1.585 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 21.17 km², wêrfan:
- lân: 16,24 km²
- wetter: 4,93 km²
Befolkingsticht. 499 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 10' N 6° 03' E
Doarpsgebiet Eastermar (grien) yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel
Doarpsgebiet Eastermar (grien) yn 'e gemeente Tytsjerksteradiel
Offisjele webside
Side fan Eastermar
Kaart
Eastermar (Fryslân)
Eastermar

De kom fan it doarp lei by it Heechsân, op it sân fan in morene, trije meter heger as de Burgumer Mar. Dêr stiet ek noch de tsjerketoer út de 14e iuw. Troch de feanterij by it Wytfean waard de buorskip 'De Wâl' oan De Lits fan mear belang, oant dy de kom fan it doarp foarme.

Eastermar hat 1.585 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Geografy

Eastermar 
Kûliselânskip benoarden Eastermar op de hichte fan it Heechsân

Oer de Sumarderwei hat it doarp ferbining mei Sumar; de Toerloane ferbynt it mei it Heechlân en slút dêr oan op de yn 2007 Skûlenboargerwei, nei Skûlenboarch. De Lits ferbynt it doarp nei it noarden ta mei de Burgumer Mar en nei it suden ta mei de De Leien. Yn 2007 is der in natuerpaad om De Leien oanlein.

It doarpsgebiet fan Eastermar leit sa likernôch tusken 1 en 4 meter boppe seenivo.

Geology

Nei Eastermar is it Eastermar Ynterglasiaal neamd. It 'Eastermar ynterglasiaal' wie in reedlik waarme tiidrek út it Mid-Pleistoseen. De omkriten fan Eastermar hawwe in kûlisselânskip mei houtwâlen.

Buorskippen

Yn de himrik fan Eastermar lizze de buorskippen It Wytfean en It Heechsân. Om betizing mei Hoogezand yn Grinslân foar te kommen wurdt ek wol Heechsân-Eastermar sein.

Skiednis

Eastermar 
Eastermar op in kaart út de atlas fan Blaeu, ± 1630

Al yn 4000 f.Kr. wennen der nomaden yn de kontrei. Oan de Burgumer Mar is in wichtige archeologyske fynst dien dêr't soks út bliken docht. Dizze fynst stiet bekend as it Leien-Warten Kompleks. Om Eastermar hinne binne ek mammoetkiezzen en gouden ringen fûn. Se lizze yn it Streekmuseum Burgum. De earste boeren fêstigen har op de hegere grûn be-easten de Burgumer Mar. De earste stienen tsjerke waard om 1200 boud op it plak dêr't no it tsjerkhôf op It Heechsân is, mar de mienskip moat in pear iuwen âlder wêze. Yn de midsiuwen stienen der al meardere pleatsen om de tsjerke hinne en oan de noard- en súdkant fan It Heechsân.

Eastermar 
It haventsje fan Eastermar

Op in kaart út 1605 is goed te sjen dat it hjoeddeiske Heechsân doe Eastermar hiet. Dêrop is ek goed te sjen dat de Burgumer Mar (ûntstien yn de iistiid) der wol wie, mar De Leien noch net. De mar De Leien is ûntstien út de feanôfgraving. Tusken 1500 en 1750 waard der op grutte skaal ferfeante, dêr't de omjouwing tige troch feroare. Doe't it fean om 1750 hinne op rekke wie der gjin wurk mear foar feanarbeiders. Mei it ferdwinen fan it fean stûke de befolkingsgroei fan de oarspronklike kearn It Heechsân. Yn dy tiid ûntstie it nije buorskip De Wâl. De Wâl lei oan De Lits, tusken de Burgumer Mar en De Leien yn. It waard in brûsplak fan skipfeart, hannel en ambacht. Dat buorskip ûntwikkele him fierder ta it moderne doarp Eastermar. Nei it ôfgraven fan it fean ûntstienen der om Eastermar en It Heechsân hinne ferskillende boerepleatsen.

Tusken 1904 en 1964 wie der yn it doarp in suvelfabryk. It ferlies oan wurkplakken troch de sluting fan it suvelfabryk waard diels opfongen mei de bou fan in nij yndustryterrein oan it Prinses Margrietkanaal, noardlik fan It Heechsân by it buorskip Skûlenboarch. It yn kultuer bringen fan lân troch de boeren wie yn it jier 1920 klear. It dêrút ûntstiene kûlisselânskip wurdt hjoed-de-dei yn stân hâlden. Yn 1992 waard dêrfoar de feriening 'Eastermarder Lânsdouwe' oprjochte. Yn 2007 waard it nij havengebiet mei de namme 'De Komerk' iepene.

Yn 2018 foel de oant doe ta heechste Postkoadekanjer ea op in postkoade fan Eastermar. De bewenners mei de postkoade 9261 wûnen meiïnoar in bedrach fan 53,9 miljoen. 273 dielnimmers wûnen it lot 76.968 euro as hja yn 2017 yn alle trekkingen meidiene. Yn de winnende strjitte waarden bedragen wûn fan 8,9 miljoen euro en 17,9 miljoen euro. De measte winners brûkten it jild om it hûs op te knappen, in nije wein te keapjen of sinnepanelen op it hûs te lizzen.

Mienskip

De feriening foar Doarpsbelangen is oprjochte op 15 maart 1915 mei de namme 'Vereniging: Plaatselijk Belang'. It doarpshûs hjit 'De Kjellingen'. It nije gebou krige dy namme nei in priisfraach om foar de tydlike namme 'Klustermar' in nije namme te betinken. De Kjellingen is in ferheging yn it lânskip, dêr’t har sa’n santûzen jier lyn minsken nei wenjen setten.

It doarpskrantsje 'Marnijs' ferskynt fjouwer kear yn 't jier. Der is alle jierren in doarpsfeest en it strjittefestival dat sûnt 2000 hâlden wurdt hjit 'It Easterbarren'.

Yn it doarp stiet de Broekophâlder, in brûnzen byld fan Aizo Betten (1938-2014). It byld ferwiist nei de skelnamme fan de Eastermarders, 'broekophâlders', en de tiid dat de ynwenners it net breed hiene.

Tsjerke

Eastermar 
Nije Tsjerke oan de Toerloane

Oant 2006 hie Eastermar in grifformearde tsjerke yn Eastermar en in herfoarme tsjerke op it Heechsân. Troch de foarming fan ien protestantske gemeente yn Eastermar waard it grifformearde gebou oerstallich. Tsjintwurdich is de eardere grifformearde tsjerke ferboud yn in hûsartsenpraktyk, wylst frijwilligers de eardere herfoarme tsjerke oan de Toerloane ferbouden en restaurearren.

Skoalle

Troch de delgong fan it tal skoalbern yn it doarp binne op 1 augustus 2018 de kristlike basisskoalle 'De Balsemyn' en de iepenbiere skoalle 'De Bolster' fusearre ta de basisskoalle 'Twirre'.

Ferienings

  • Feriening Eastermar's Lânsdouwe
  • Fuotbalferiening Eastermar
  • Fûgel- en Natoerbeskermingswacht Eastermar
  • Gymnastykferiening Eastermar (gymnastyk, streetdance en follybal)
  • Kristlike Sjongferiening 'Ta Gods Eare'
  • Kuorbalferiening DOW (De Oanhâlder Wint)

Eveneminten

Eastermar 
Bloeiende parrebeammen oan it Waltsje
  • Sûnt 2000 wurdt der alle jierren in strjittefestival hâlden, it Easterbarren. Yn ferskillende strjitten yn it sintrum steane poadiums foar muzyk, teater, kabaret, dûns, skilderkeunst en akrobatyk
  • It jierlikse doarpsfeest.
  • Eastermarruters - it jierlikse hynstespektakel dat yn augustus of septimber hâlden wurdt
  • By it Snertbarren kin de snertbarrenwikseltrofee wûn wurde. De winner mei him in jier lang de bêste snertmakker fan it doarp en omkriten neame. Der is wurdt ek in Snertkuiertocht holden.

Bekende Eastermarders

Befolking

De histoaryske befolkingsûntjouwing fan Eastermar:

Eastermar

Doarpsgesicht

Strjitten

Oer de Strjitten fan Eastermar

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Eastermar 
>

Eastermar 
Tytsjerksteradiel
Eastermar 
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
wizigje

Tags:

Eastermar GeografyEastermar SkiednisEastermar MienskipEastermar BefolkingEastermar DoarpsgesichtEastermar StrjittenEastermar Sjoch ekEastermarBuorskipBurgumer Mar (mar)It HeechsânIt WytfeanTytsjerksteradiel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

JoadenLiberalismeAldheidTibeariasGod2601 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 20101721Stripper3501 f.Kr.Skiednis fan PoalenLeif ErikssonGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2010Clara TrinityRuben L. OppenheimerBorneo9 oktoberFeriene SteatenFeriene KeninkrykWaylon JenningsYndoneezjeSkearmês fan OckhamParaguay3000 f.Kr.Julia TcherneiAudiSt Paul's Cathedral (Londen)Priya PriceTrio (seksualiteit)Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 2015ISSNFingerjen1600 f.Kr.901 f.Kr.8e milenniumGrutte Priis Formule 1 fan Brazylje 2018San FransiskoBarentsseeJayden LeeMarijn Kuipers500 f.Kr.MilfpornografyHimelsblauKonstantyn de Grutte700 f.Kr.TessalonikiHillige Roomske RykStien fan RosettaSean LawlessNoard-IerlânPinsjoenLolita (pornografysk aktrise)Dimter (gemeente)Fernando Alonso16721622GokkenBritney SpringKya Tropic2101 f.Kr.SloveenjeLexxxi LockhartTsjechjeYouTubePierre-Simon LaplaceTransfiguraasjekatedraal (Nizjni Novgorod)🡆 More