Elte Beima

Elte Martens Beima (Eastermar, 11 febrewaris 1801 - Leien, 24 febrewaris 1873) wie in stjerrekundige, wiskundige en bibliofyl.

Elte Beima
Elte Beima (1829)
(Jan Hendrik Heijmans (1806-1888))

De dûmny fan Eastermar ûnderkende rillegau de wittenskiplike kwaliteiten fan de jonge Beima. Beima studearre op kosten fan jonkhear Idzert Aebinga van Humalda yn Leien. Hy die yn 1830/31 as soldaat mei oan de Tsiendeiske Fjildtocht tsjin Belgje; de Universiteit fan Leien levere derta in Kompanjy frijwilligers. Hy promoveare yn 1842 yn wis- en natuerkunde, mar op in astronomysk ûnderwerp (De Annulo Saturni). Dêrnei waard er konservator oan it Ryksmuseum foar Natuerlike Histoarje, dêr't him earst dwaande hâlde mei astronomy en letter it behear hie oer de samling mineralen (geology).

Yn 1852/53 makke er in stúdzjereis troch Jeropa en it Heine Easten mei de jonge Hector Livius, baron fan Heemstra; hy kaam werom mei geologyske foarwerpen foar it museum. It ferslach fan dy reis waard publisearre.

Oer geology hat Beima neat publisearre. Hy sette wol natuer-histoaryske wurken yn it Nederlânsk oer, ûnder oare fan Alexander von Humboldt, Kosmos (5 dielen, 1846-1863). Hy wie ek astronomysk meiwurker oan de Fryske Folksalmenak.

Beima hat nea troud west en liet in grutte bibleteek nei. Hy waard beïerdige op it tsjerkhôf oan de Groensteeg yn Leien.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Beima, Elte Martens.

  • Olthuis, L. B. Rijksmuseum van natuurlijke historie 1820-1958. Side 28

Tags:

11 febrewaris1801187324 febrewarisEastermarLeienStjerrekundigeWiskundige

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

IsraelHêgelânspoarTeudebert IIKiesrjochtBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1972GR-PadenAbrahamityske religyenBeirûtRebecca RomijnA.S. ByattIzerBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1920PoalenSean CombsDonald TrumpDC++San Lorenzo fuori le muraWrâldkampioenskip fuotbal 2022FietnamoarlochKrystal SwiftSwahily (taal)Russyske BoargeroarlochGroepseksKoergan (oblast)Wrâldkampioenskip fuotbal 1950Giorgio MorandiGeslachtsmienskipMichael (aartsingel)GotlânLudwigshafenCambridgeTsjustere matearjeGdańskCody BryantEstlânAldenburchSúdeast-AazjeStjerAaliyah HadidGysbert JapiksMidsiuwenLuna SilverJoeri AndropovAutoRôfdierenLjouwert (stêd)Wrâldkampioenskip fuotbal 1958Mao Tse-toengFal fan Konstantinopel (1453)Skiednis fan JeropaCoward of the County (liet)StillibbenGrutte-boarstesjenre1986Boccia op de Paralympyske SimmerspullenJamie Lee CurtisOklahoma CityLeonid BrezjnevMartelderVoronezj (oblast)Daisy SummersMeindert SchroorRomeinske sifersThe GuardianHockey op de Olympyske Simmerspullen 2000DeastrafTwadde WrâldkriichEkwadorMegan SalinasTaekwondo op de Olympyske Simmerspullen 2000Oflûken (seksualiteit)Silverstone CircuitJeremia (bibelboek)🡆 More