Sumar

Sumar is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel, súdlik fan Burgum en leit sa'n twa kilometer súdwestlik de Burgumer Mar.

Under Sumar falle ek de buorskippen Sumarreheide en De Harste. De namme komt fan besuden de (Burgumer) Mar, dêr't in sânrêch lei. East fan de tsjerke binne bewenningsresten út de 12e iuw fûn. Yn in ferdrach mei Grins wurdt de namme Sumar yn 1447 foar it earst neamd. De doarpstsjerke út (1769) is it âldste gebou fan Sumar.

Sumar
De Heidepleats oan de Hearewei 24
De Heidepleats oan de Hearewei 24
Emblemen
Sumar               Sumar
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Sumar Fryslân
Gemeente Sumar Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal 1.385 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 11,89 km², wêrfan:
- lân: 11,54 km²
- wetter: 0,35 km²
Befolkingsticht. 118 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 10' N 5° 59' E
Offisjele webside
Doarpsferiening fan Sumar
Kaart
Sumar (Fryslân)
Sumar

Sumar hat 1.385 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Skiednis

Yn de prehistoarje wie it in gebiet mei rûntrekkende jagers en samlers. Der waard op wyld jage en fruchten, beien en knollen sammele. Spoaren fan dy jagers-samlers binne fûn oan de ouwers fan de Burgumer Mar, mar ek tichteby Sumar. Spoaren fan permaninte bewenning binne ûnder oare fûn yn 1994 by de oanlis fan de Koekoekswei (fuortby de Iestwei). Spoaren yn it sân joegen de kontoeren te sjen fan in skuorre dy 't dêr om 1200 stien hawwe moat.

    Bebouwing

Oant ± 1850 wie Sumar in boeredoarp. Yn dy iuw waard ek de heide besuden it doarp oanmakke en ûntstie Sumarreheide. Yn it earstoan stienen der spitketen, letter kamen der ek stiennen arbeidershúskes en lytse boerespultsjes. By it oanmeitsjen fan de heide spile boer Jelke Sjoerds Hoekstra in grutte rol. Nei him is in sânpaad ferneamd, besuden it doarp. Dêr is noch oan te sjen hoe't de wegen om Sumar hinne derút seagen, al binne se no ferhurde.

    Tsjerke
Sumar 
Tsjerke fan Sumar

De yn 1769 boude doarpstsjerke oan de Grutte Buorren is de opfolger fan in koart dêrfoar ôfbrutsen tsjerke. Dêr wer foar hat der nei alle gedachten in houten tsjerkje stien. It bewenne gebiet fan Sumar lei doe in stik noardeastliker, dêrtroch stiet de tsjerke net yn de midden, mar krekt oan de noardeastside fan it hjoeddeiske doarp.

Oan de Hearrewei stiet de (eardere) grifformearde Rehobothtsjerke. De lêste tsjerketsjinst wie op 13 febrewaris 2005. It gebou wurdt no bewenne. Foargonger Joute van der Meer lei op 5 oktober 1911 de earste stien. Nei him is op Sumarreheide in wei ferneamd. Ek oan de Hearrewei (tichteby De Tike) hat oant ± 1925 noch in gebou stien dat as tsjerke brûkt waard. Sûnt 2009 wurde allinnich noch tsjerketsjinsten holden yn de Doarpstsjerke fan it doarp.

    Yndustry
Sumar 
Sonac Burgum B.V., yn 'e folksmûle 'it stjonkfabryk' of 'de sjimmy'

Nei 1900 ferlear Sumar stadichoan it karakter as boeredoarp. Benammen yn it noarden, by de Grinzer feart (no Prinses Margrietkanaal) fêstigen har ferskate fabriken. Dy bedriuwen hienen noch in dúdlike bining mei de lânbou en greidbuorkerij. Yn dat ramt kin it sûkereifabryk neamd wurde en de N.T.F. (letter Rendac neamd, tsjintwurdich Sonac, yn'e folksmûle it 'stjonkfabryk' of 'de sjimmy'). It molkfabryk fan Sumar stie net yn it doarp, mar op De Harste, in buorskip súdeastlik fan it doarp. Fan de agraryske fabriken sleat it sûkereifabryk de doarren om 1920, it molkfabryk yn 1931. De N.T.F/Rendac/Sonac sit noch yn Sumar, en net yn Burgum sa't faak troch de namme tocht wurdt. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam der mear yndustry nei Sumar. De skipswerf kaam op it terrein fan it eardere sûkereifabryk. Foar it papierfabryk en Burgum Stielbou (yn Sumar) waard in nij yndustryterrein oanlein. Om 2000 waard dat útwreide en kamen mear bedriuwen en bedriuwkes yn Sumar.

Mûnen

Sumar 
De Hoop yn 2022

Nôtmûne 'De Hoop' is de iennichste nôtmûne yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De mûne stiet oan it Mounepaed en wurdt troch frijwillige mûnders yn it wurk holden.

    Ferdwûne mûnen

It is net de iennichste yndustrymûne dy't Sumar hân hat. Tichteby Burgumerdaam stienen om 1910 twa oare mûnen:

  • De mûne fan Pijbes, oan de noardside fan de Grinzer Feart. De mûne stie winliken op de himrik fan Burgum en is foar 1915 ôfbrutsen. De mûne stie op it terrein dêr't no Damen Shipyards festige is.
  • De mûne fan Aalfs, oan de súdside fan de Grinzer Feart. Werkenber as mûne oant ± 1927. Doe ferdwûnen de wjukken. De romp hat it útholden oant 1995. De mûne hat stien op it stee dêr't no Noppert Beton is.

Mienskip

Sumar 
Bolstiennen hûs, Harstewei 12

De Feriening Doarpsbelang fan Sumar is oprjochte yn novimber 1945. It hat as Wurkgroepen: Skiednis, Kultuer en Natuer, Ympuls, behear Webside en Behear Lisplakken haven Sumar (CBL) en de Boarterstúnkommisje. De Koekoek is de doarpskrante dy't hast alle moannen ferskynt. De strjitten “De Jister” en “De Finne” hawwe tegearre de buertferiening Nij Begjin. Ien kear yn de twa jier is der in doarpsfeest.

Tsjerke

Skoalle

De iepenbiere Master (Kornelis Lieuwes) De Vriesskoalle en de kristlike De Wyngert binne yn 2015 fusearre ta de Bernemienskip It Bynt Pjutteskoalle is 'It Boartersplak'.

Sumar 
Lânsbuorren 10
Sumar 
Restant heide Joute van der Meerwei

Ferienings

  • De Harste- damjen
  • De Ofswaaiers - darten
  • De Kamp - biljerten
  • De Bleense - iisclub
  • De Harste - klaaidosjitten
  • De Eendracht muzyk
  • De Lofstim - fanfare
  • Fûgelwacht Burgum en omkriten
  • Mei Nije Moed - toaniel (webstee)
  • Lytse Mar - fûgelwacht (webstee)
  • De Trochsetters - folksdûnsjen
  • Wurkgroep tsjerkûlen Sumar
  • Fuotbalferiening Sumar
  • Sportferiening Sumar - gymnastyk, follybal en Streetdance -

Befolkingsferrin

Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2015 2020
Ynwenners 1.512 1.524 1.489 1.430 1.425 1.365 1.407 1.357

Bekende ynwenners

Sumar 
Bintsjemonumint Damsingel

Strjitten

Alle strjitten yn Sumar.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sumar 
Tytsjerksteradiel
Sumar 
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
wizigje

Tags:

Sumar SkiednisSumar MûnenSumar MienskipSumar StrjittenSumar Sjoch ekSumar Keppeling om utensSumar12e iuwBurgumBurgumer Mar (mar)De HarsteGrins (stêd)SumarreheideTsjerke fan SumarTytsjerksteradiel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PortegalAdam en EvaWim KanTonger (god)Turkske toartelGrutte PierAlexa Flexy1969Annejoke SmidsTynaarloDe Holder (literêr tydskrift)24 julySaya SongUpskirtLuna SilverSteatsfoarmOsmaanske Ryk20008 junyNoelle EastonUrkMeso-AmearikaJohan KaartpriisBoarstfergruttingItalyske talenMia LiHoutHeather Lee193715e iuwAlbertus Samuel Carpentier AltingBudgetHûntsjeshâldingGemme fan BurmaniaLongûntstekkingElia1769Moriah MillsHawaï418RepublykGoudSao Tomee en PrinsipeJureka del Mar1981Achille Devéria1993Comité flamand de FranceYslânOanslachSisca FolkertsmaHavana GingerPearsNigeariaWrâldsûnensorganisaasjeJ. Mac1 maartMozilla FirefoxJapanShalina DevineArmie FieldFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)HistoaryskWrâldkampioenskip fuotbal26 augustus🡆 More