Britney Spring

Britney Spring, echte namme ûnbekend (yn Ruslân, 6 septimber 1988), is in rêstend Russysk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Russysk komôf.

Hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Britney, Britney S., Brittany, Brittany Spring, Alisa, Anna Kinsky, Annie, Camilla, Chennin, Madeleine Dixon en Sima. Spring sette yn 2008 útein mei in wurkpaad yn 'e pornoyndustry en spile yn frijwat films. Yn 2015 beëinige se har karriêre as pornoaktrise.

Britney Spring
Britney Spring persoan yn de seksyndustry
Britney Spring
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Britney S., Brittany Spring,
Madeleine Dixon, Alisa,
Anna Kinsky, Annie, Britney,
Brittany, Camilla, Chennin, Sima
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Britney Spring Russysk
berne 6 septimber 1988
berteplak ûnbekend (Ruslân)
etnisiteit Britney Spring Russysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 20082015
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Britney Spring waard yn 1988 earne yn Ruslân berne. Yn 2008 makke se mei tweintich jier har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se neitiid yn krapoan fyftich pornofilms spile, wêrby't se har benammen talei op it sjenre fan 'e lolitapornografy. Se wurke yn Jeropa û.m. foar it Sweedske Private-label en foar de Nederlânsk studio Video Art Holland.

Spring wie lykwols ek yn 'e Amerikaanske pornoyndustry aktyf, dêr't se meiwurke oan produksjes fan sokke foaroansteande labels as New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Devil's Film en Adam & Eve. Teffens wie se wol yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, yn 't bysûnder foar Reality Kings. Njonken har aktearwurk posearre Spring ek wol as neakenmodel foar neaken- en pornoblêden. Yn 2015 loek se har út 'e pornoyndustry werom.

Lichemsskaaimerken

Britney Spring is blank, mei brune eagen en blûn hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.57 m lang, mei in gewicht fan 53 kg, en in natuerlike kupmaat 34D. Se hat gjin piercings, útsein troch har earlellen, en likemin hat se tatoeaazjes.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Britney Spring Libben en karriêreBritney Spring LichemsskaaimerkenBritney Spring Keppelings om utensBritney Spring1988200820156 septimberArtystenammeEtnyske groepKomôfNammeNeakenmodelPornoPornoaktrisePornofilmPornografysk aktriseRuslânRussenWurkpaad

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

HomoseksualiteitCountryApollo 11Julianna VegaRivierKrystal SwiftStomme filmEjakulaasjeTúnCountry Music Association AwardBoppestammeAhmed AboutalebMya NicholeEastfryslânDaisy SummersSeptember ReignArabyskPenisIsaac NewtonMylBrazilian wax1974Inga Ridere1945WolfMaría del Carmen CarricartJapanBlanche BradburryTechnologyTakomstOrgasmeManVladimir Pûtin1998Julie SkyhighWithin TemptationSensual JaneNASAKunnilingusHenk de VriesZSkiednisWestgermaanske talenHeitWringedierenHaadsideRidelGemme fan BurmaniaFrits ThorsKontraktBasilyk fan San MarcoAFRONFjetnamFlechtleaze fûgelMia Li18181980FilipinenBluesFryslânHelpGewoan jier fan tongersdei ôf9 jannewaris1901Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan de NatoerMaxi MikitaU🡆 More