Suwâld

Suwâld is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel op de râne fan de Fryske Wâlden, súd fan Hurdegaryp en tsien kilometer súdeastlik fan Ljouwert.

Suwâld
Doarpshûs de Suderfinne
Doarpshûs de Suderfinne
Emblemen
Suwâld               Suwâld
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Suwâld Fryslân
Gemeente Suwâld Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal 625 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 13,45 km², wêrfan:
- lân: 12,65 km²
- wetter 0,8 km²
Befolkingsticht. 51 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 10' N 5° 55' E
Offisjele webside
Side Suwâld
FB-side Doarpsbelang Suwald
FB-side Ald Suwâld
Kaart
Suwâld (Fryslân)
Suwâld

Suwâld hat 625 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Skiednis

Suwâld 
Protestantske Georgiustsjerke

De namme komt fan suderwâld. It streekdoarp is ûntstien op in lange smelle sânrêch bewesten de Wide Ie. Oan beide kanten fan de sânrêch lei leechfean. It doarp komt al as Suethawald foar yn 1328 en as Zuwawald yn 1419. Yn de 12e iuw moat der al in tsjerkje stien hawwe.

Suwâld hat de earste sinnepont fan 'e wrâld, dy pont mei de namme 'Schalkediep' fart oer it Prinses Margrietkanaal en wurdt in soad brûkt troch fytsers. Yn it simmerseizoen fart hy alle dagen fan 11:00 oere oant 20.30 oere, sneins oant 18 oere. Oan it Prinses Margrietkanaal is in jachthaven foar passanten.

Suwâld hat 625 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Mienskip

Suwâld hat in aktyf ferieningslibben. Boppedat wenje der ferskate keunstners mei in eigen atelier dy't op ôfspraak foar de besiker ipen binne. Yn de buorren fan it doarp stean de restaurearre tsjerke en it doarpshûs 'De Suderfinne' mei de jeugdsoas It Pypke. De doarpskrante hjit 'Mei Inoar'. De bewenners wurde ek wol 'kanaäniten' neamd.

Tsjerke

Suwâld hie njonken de herfoarme tsjerke ek in grifformearde tsjerke (sjoch: Eben-Haëzer (Suwâld)). De grifformearde tsjerke waard yn 2000 ferkocht nei't de grifformearden en herfoarmen tegearre gyngen en docht tsjintwurdich tsjinst as wenhûs. Yn it ramt fan de foarming fan in PKN-gemeente krige de herfoarme tsjerke de namme fan foar de reformaasje werom.

Skoalle

Suwâld 
Skoalle

Ferienings

Befolkingsferrin

Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2015 2020
Ynwenners 672 613 616 589 544 622 663 638

Berne

Strjitten

Suwâld 
Suderein

Alde Lunewei, Aldemiede, Daniel Bouweswei, De Warren, Ds Oosterhuisstrjitte, Ds Pelstrjitte, Heechhiem, Louwsmarwei, Monnikenwei, Mostermûne, Noarderein, Symen Halbeswei, Suderein, Tsjerkebuert.

Sjoch ek

Suwâld 
Tytsjerksteradiel
Suwâld 
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
wizigje

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Suwâld SkiednisSuwâld MienskipSuwâld StrjittenSuwâld Sjoch ekSuwâldFryske WâldenHurdegarypLjouwert (stêd)Tytsjerksteradiel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MasturbaasjeMagno AlvesGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2018Sensual JaneFryslân BoppeThomas JeffersonMoriah MillsGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2017Ljouwert (stêd)28 septimberFingerjen1501Grutte Priis Formule 1 fan Dútslân 2016Grutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2010NeakenfotografyWikidataJudas IskariotPerûKarel II fan IngelânDeastrafMisjonarishâldingTransistor3300 f.Kr.Noard-Ierlân1625Nikolaaskatedraal (Nizjni Novgorod)1 juny1836Jehannes de Dopertsjerke (Solikamsk)Grutte Priis Formule 1 fan Sina 2016List fan states en stinzen yn FryslânGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2010Grutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2011Bûnsrepublyk DútslânSan Jose (Kalifornje)René Descartes1700 f.Kr.1401Leif Eriksson600 f.Kr.Vanessa Sky26 maartJeropeeske UnyEarizerAleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)Formule 1 yn 2010Julie SkyhighGrutte Priis Formule 1 fan Kanada 201610e milenniumAdolf Hitler11e iuw f.Kr.2200StedumNarteksItaalje2800 f.Kr.FlearSan Paolo fuori le MuraMaria Curie-SkłodowskaJoyce OliveiraMarijn KuipersIllinois7e milenniumSekshâldingTwadde WrâldkriichEkshibisjonismeBrailleClara Trinity🡆 More