Distrikt

In distrikt, fan it Latynske districtus (fan distringere, útinoar lûke), fia it Aldfrânske district, is in ûnbeskaat soarte fan ûnderferdieling fan in geografysk gebiet.

Hoewol't distrikten oer it algemien net ûnbidige grut binne, en sadwaande meastal lytser as in regio of provinsje, komt it ek foar dat distrikten grutter binne en mear as ien provinsje bestrike. Meastal, lykwols beslane se earder ien of mear gemeenten. Foarbylden fan distrikten binne kiesdistrikten, postale distrikten en skoaldistrikten. Guon lannen hawwe in bestjoerslaach dy't út gebieten bestiet dy't wier oantsjut wurde as distrikten, lykas Afganistan, Banglades en Hongarije. Yn Dútslân soene de Kreisen oerset wurde kinne as distrikten. Yn Belgje binne gruttere stêden, lykas Antwerpen, opdield yn bestjoerlike distrikten, dy't yn Nederlân dielgemeenten neamd wurde soene. Ek komt it foar dat lannen ien federaal distrikt hawwe, dêr't de federale haadstêd yn leit, en dat net ta ien fan 'e yn meardere of mindere mjitte autonome dielsteaten heart. Dat is bygelyks sa yn it gefal fan 'e Feriene Steaten (it Distrikt Kolumbia), Austraalje (it Australysk Haadstedsk Territoarium), Meksiko (it Distrito Federal de México) en Brazylje (Distrito Federal).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

AfganistanAldfrânskAntwerpen (stêd)Austraalje (lân)Australysk Haadstedsk TerritoariumAutonoomBangladesBelgjeBestjoerBrazyljeDistrikt KolumbiaDistrito Federal (Brazylje)Distrito Federal de MéxicoDútslânFeriene SteatenGemeente (bestjoer)GeografyHaadstêdHongarijeKiesdistriktKreisLatynLânMeksikoNederlânProvinsjeRegioStêd

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Adina JewelEarmoedeFryslânKoördinearre Wrâldtiid1901Leppeltsje-leppeltsjeList fan Nederlânske gemeentenMenno BandstraEnsyklopedyOlivia del RioPresidint fan de Feriene SteatenAustraalje (lân)GrypskerkDomeinnammeDe DoelleazenWikidataNij-GuineäWelsum (Olst-Wijhe)Tiffany Towers (pornografysk aktrise)Jenna BrooksFryskAdolf HitlerDemokrasyBethany BenzOezbekistanIerdeArjen TerpstraMay ThaiAcademy of Country Music AwardMuzyksjenreSyprusISO 3166-1AfganistanPornografyKomykDomtsjerke fan GrossetoGrou (plak)1766Julie SkyhighSimone Scheffer1992GokkenTwadde WrâldkriichKânselierGraham SwiftToplessAnno GalamaJean-Yves LecastelNynke HeegTriem (ynformatika)Job CohenStikelbaarch1896Delotta BrownPersia MonirJulianna VegaJade KushRocky Mountains5 jannewarisFryske FrijheidGielBilly GlideSkamhierAteneAldfryskHollân22 julyFryske Bernekrante🡆 More