Dassen

De dassen foarmje yn 'e taksonomy in ynformele kloft binnen de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae).

Der binne alve libbene soarten dassen, dy't yndield binne by trije ûnderfamyljes fan 'e martereftigen: de Jeraziatyske dassen (9 soarten ferdield oer 3 skaaien, allegearre út Jeraazje), de hunichdassen (1 soarte út Afrika en Aazje) en de sulverdassen (1 soarte út Noard-Amearika). De beide soarten Aziatyske stjonkdassen waarden foarhinne by de Jeraziatyske dassen yndield, mar koartby hat genetysk ûndersyk útwiisd dat sy neier besibbe binne oan 'e stjonkdieren, wat harren yn 'e famylje Mephitidae pleatst.

Dassen
De sulverdas út Noard-Amearika.
De sulverdas út Noard-Amearika.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: poalrôfdieren (Arctoidea)
boppefamylje: marterdieren (Musteloidea)
famylje: martereftigen (Mustelidae)
(ynformeel): dassen

Dassen binne koartskonkige, groulivige bisten, mei krêftige klauwe poaten dy't bedoeld binne om mei te graven. Se hawwe swarte koppen mei karakteristike wite streken. Harren gewicht rint útinoar fan 9-11 kg (guon sinnedassen) oant 18 kg (de Jeropeeske das).

Soarten

  • ûnderfamylje hunichdassen (Mellivorinae)
    • skaai hunichdassen (Mellivora)
      • hunichdas (Mellivora capensis)
  • ûnderfamylje Jeraziatyske dassen (Melinae)
    • skaai bargedassen (Arctonyx)
      • bargedas (Arctonyx collaris)
    • skaai Jeraziatyske dassen (Meles)
      • Aziatyske das (Meles leucurus)
      • Japanske das (Meles anakuma)
      • Jeropeeske das (Meles meles)
    • skaai sinnedassen (Melogale)
      • Birmeeske sinnedas (Melogale personata)
      • Borneosinnedas (Melogale everetti)
      • Fjetnameeske sinnedas (Melogale cucphuongensis)
      • Javaanske sinnedas (Melogale orientalis)
      • Sineeske sinnedas (Melogale moschata)
  • ûnderfamylje sulverdassen (Taxideinae)
    • skaai Chamitataxus
      • Chamitataxus avitus
    • skaai Pliotaxidea
      • Pliotaxidea garberi
      • Pliotaxidea nevadensis
    • skaai sulverdassen (Taxidea)
      • sulverdas (Taxidea taxus)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

AazjeAfrikaFamylje (taksonomy)GenetikaJeraazjeJeraziatyske dassen (ûnderfamylje)MartereftigenNoard-AmearikaSkaai (taksonomy)SoarteTaksonomy

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TaartpuzelIenhoarnCody BryantNoard-Amearika1974Kantoar1970-er jierren29 aprilArmeenjers20071973Ingelsk800Elemint (skiekunde)SkiekundePenis7 julyYnstrumintelâningssysteemRomeinske Ryk2017SinaDublinJapanBritsum23 oktoberOmgong fan Spanje foar froulju 202428 aprilPleatsDohaUndertitelingWeblochHynderKameroenWyt-RuslânCreative CommonsPavel DoerovISSNParys166623 febrewarisPutter1904Inga RidereStomme filmBirma1893Man (sekse)MediaWiki776PakistanOffisjele taalPoalenMassachusetts17 septimberBISBNNotarisMontreal2018Roomsk-Katolike Tsjerke72027 maaieJaylene RioEreksje1134FrankrykWurdYiming CuriosityEarste WrâldoarlochNoard-KoreäSibearje🡆 More