De martereftigen of murden (wittenskiplike namme: Mustelidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), dêr't û.o.
de harmeling, wezeling, murd, fret, otter, stienmurd, beamotter en das ta hearre. It lytste lid fan 'e famylje is de wezeling, dy't mar 35 g weaget, wylst it swierste de Súdamerikaanske reuze-otter is, mei in gewicht fan 32 kg. Foarhinne waarden ek de stjonkdieren ta de martereftigen rekkene, mar dy binne koartby yn in eigen famylje, de stjonkdieren (Mephitidae) pleatst.
Martereftigen | ||
In pear rivierotters. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
ûnderskift: | hûndieren (Caniformia) | |
tuskenskift: | poalrôfdieren (Arctoidea) | |
boppefamylje: | marterdieren (Musteloidea) | |
famylje: | martereftigen (Mustelidae) | |
Fischer von Waldheim, 1817 | ||
Martereftigen binne grutdiels nachtdieren en komme op alle wrâlddielen útsein Antarktika foar (al binne se yn Oseaanje troch de minske yntrodusearre). Se libje yn seeën, woastinen, berchtmes en toendra's. De measte soarten kinne mei harren anaalklieren in sterke muskesrook produsearje en beskikke oer in skoandere pels dy't der de reden fan is dat se ek wol yn finzenskip troch de minske fokt wurde (al wurdt de fret gewoan as selskipsdier holden).
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Martereftigen, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.