Rôfdieren

De rôfdieren (Latynske namme: Carnivora) foarmje in grut skift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), dêr't û.m.

de famyljes fan de kateftigen, de hûneftigen, de bearen, de martereftigen en de seehûnen ûnder falle.

Rôfdieren
Rôfdieren
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
Bowdich, 1821
    Rôfdieren Dizze side giet oer it taksonomyske skift fan 'e rôfdieren (Carnivora). Foar rôfdier yn 'e sin fan predator, sjoch: rôfdier.

Hoewol't it Latynske Carnivora "fleisiters" betsjut, hearre ta dit skift ek guon allesiters en sels in pear útslutende plante-iters, lykas de reuzepanda. Rôfdieren yn 'e smellere taksonomyske sin (op it mêd fan 'e wittenskiplike yndieling fan bistesoarten) moatte trouwens net betize wurde mei rôfdieren yn 'e bredere sin fan "predatoaren" (oftewol bisten dy't libje fan 'e jacht op oare bisten; sjoch: rôfdier).

De leden fan it skift fan 'e rôfdieren libje ferspraat oer alle wrâlddielen, Antarktika ynbegrepen. De lichtste is mei 35 g de wezeling (Mustela nivalis), wylst de súdlike seeoaljefant (Mirounga leonina) wol 5 ton weagje kin. Yn it ferline waarden de lânrôfdieren (Fissipedia) en de seerôfdieren (Pinnipedia) yn aparte ûnderskiften of sels aparte skiften pleatst, mar dy yndieling is efterhelle. Yn 'e hjoeddeiske taksonomy wurde de rôfdieren ûnderferdield yn 'e ûnderskiften fan 'e hûndieren (Caniformia) en de katdieren (Feliformia).

Skiftopbou

  • skift rôfdieren (Carnivora)
    • ûnderskift hûndieren (Caniformia)
      • famylje bearhûnen (Amphicyonidae) †
      • famylje hûneftigen (Canidae): 35 soarten
      • tuskenskift poalrôfdieren (Arctoidea)
        • boppefamylje beardieren of beareftigen (Ursoidea)
          • famylje bearen (Ursidae): 8 soarten
          • famylje healhûnen (Hemicyonidae) †
        • boppefamylje marterdieren (Musteloidea)
          • famylje lytse bearen of waskbeareftigen (Procyonidae): 14 soarten
          • famylje lytse panda's (Ailuridae): 1 soarte
          • famylje martereftigen (Mustelidae): 60 soarten
          • famylje stjonkdieren (Mephitidae): 12 soarten
        • boppefamylje seerôfdieren of finpoatigen (Pinnipedia)
          • boppefamylje earrobeftigen (Otarioidea)
            • famylje earrobben (Otariidae): 15 soarten
            • famylje walrussen (Odobenidae): 1 soarte
          • famylje oerseerôfdieren (Enaliarctidae) †
          • boppefamylje seehûneftigen (Phocoidea)
            • famylje seehûnen (Phocidae): 18 soarten
            • famylje sturtseehûneftigen (Desmatophocidae) †
    • ûnderskift katdieren (Feliformia)
      • famylje Afrikaanske palmrôlers (Nandiniidae): 1 soarte
      • boppefamylje echte katdieren (Feloidea)
        • famylje Aziatyske linsangs (Prionodontidae): 2 soarten
        • famylje kateftigen (Felidae): 40 soarten
        • famylje Noardamerikaanske Mioseenske ûnechte sabeltigers (Barbourofelidae) †
      • tuskenskift siveteftigen (Viverroidea)
        • famylje sivetkatten (Viverridae): 36 soarten
        • boppefamylje mangoesteftigen (Herpestoidea)
          • famylje hyena's (Hyaenidae): 4 soarten
          • famylje Madagaskarsivetkatten (Eupleridae): 10 soarten
          • famylje mangoesten (Herpestidae): 33 soarten
      • famylje ûnechte sabeltigers (Nimravidae) †
      • boppefamylje ûnechte sivetkateftigen (Stenoplesictoidea)
        • famylje ûnechte hyena's (Percrocutidae) †
        • famylje ûnechte sivetkatten (Stenoplesictidae) †

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

BearenFamylje (taksonomy)HûneftigenKateftigenKlasse (taksonomy)LatynMartereftigenSkiftSûchdieren

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Antonie Frederik ZürcherBabyloanjeKartaachske RykDedemsvaartEkshibisjonismeOerflakMagyJayden Lee19452020Havana GingerMoskouWittenskiplike nammePrêrjewolfYndoneezjeNoarsk1980KompjûterkloftFryske talen1852Ridel28 novimberSkift6 augustusStrawelteBachelortitelKoördinearre WrâldtiidGNU/FDLDe facto15 april1200Baaiklean2009TennisJezabel VessirHellendoorn (gemeente)IslamismeNijverdalSûchdieren27 maartToplessGrutte-boarstesjenreGregoriaanske kalinder1925Weenske oesterSûmbapappegaaidoGenêsmiddelAnita Blond27 septimberHistoaryskKatalaanskTurkskCassidy Banks22 april1978MartelderLibrary of CongressLouis PasteurDútslânTiranaGeografy9 septimber1915Ester (skiekunde)PornhubSlach by AneKortikosteroïdeBalkbrug2019Emiraat DûbaiWikipedyAmerikaanske dollar🡆 More