Tjirk

De tjirk of tsjirk (Tringa totanus) is in fûgel út de famylje fan de snipfûgels (Scolopacidae).

tjirk
Tjirk
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje snipfûgels (Scolopacidae)
skaai tjirken (Tringa )
soarte
Tringa totanus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet
Tjirk

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


Foarkommen

De tjirk is in 25 oant 30 sm grutte greidefûgel. Hy hat hielendal brune fearren, mar is goed wer te kennen oan syn lange reade poaten en syn reade snaffel mei swarte punt. Besibbe soarten wêr't der wol wat op liket binne de krekt gruttere Grienskonk, mar dat ferskil is oan de poaten goed te sjen. Fierders is der ek noch de Sewyt dy't krekt sa grut is en ek reade poaten hat. Dy soart is lykwols by't simmerdeis folle donkerder, suver swart. By't winterdeis is de sewyt wer ljochter, mear brúngriis.

Tjirk 
In tjirke-aai.

Fersprieding

Yn Fryslân komme tjirken allinnich by't simmer foar. Yn it Feriene Keninkryk en Portegal binne de bisten it hiele jier troch. Sommige tjirken briede yn East-Jeropa en lûke yn 'e winter nei it suden ta. Yn 2006 wiene der minder as 25000 briedpearen yn Nederlân, mei in justjes weromrinnende trend. De tjirk stiet op de Nederlânske Reade List fan bedrige of kwetsbere soarten.

Fuortplanting

It briedseizoen fan de tjirk rint fan heal april oant yn juny. It brieden duorret 22 - 25 dagen. Dizze greidefûgel leit ornaris fjouwer aaien fan gemiddeld 45 x 32 mm, yn in kûltsje yn it gers, meastal yn in stik lân. De raaien om it nêst wurde oer it nêst bûcht, wêrtroch't it goed ferburgen is. Typearjend is dat de tjirk faak op mar in pear meter ôfstân briedet fan it nêst fan in ljip. De tjirk profitearret dêrtroch fan de techniken dy't de ljip hat om fijannen op ôfstân te hâlden.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Tjirk  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Tringa totanus fan Wiki Commons.

Tags:

Tjirk FoarkommenTjirk FerspriedingTjirk FuortplantingTjirk Sjoch ekTjirk Keppeling om utensTjirkSnipfûgels

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Jada StevensDresdenH.G. WellsJ.R.R. TolkienBlanche BradburryNobelpriis foar de Fysiology of GenêskundeYndoneezjeRivierDoekle Terpstra23 septimberYves BaillatMediaWikiMaya BijouSeptember Reign30 juny1950-er jierrenWringedierenFerdrach fan VersaillesElektrotechnykIlse DeLangeInga RidereGreonterpHonkbalWyt-RuslânHaadwurd2011Stasjon HoltenReadnekibisJulie SkyhighJoy Kiss9 jannewarisIt Hearrenfean (gemeente)Richard KrajicekMylMilenniumBluesShrima MalatiMalala YousafzaiBeskerme steds- en doarpsgesichten yn FryslânJapanVina SkyOlivier van de VoortFjetnamMount EverestFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)HinNeakenfotografyPunch (drinken)4 aprilAmerikaanske dollar1977Prêrjewolf1922Marijn KuipersBruce VentureIngelskCherokee d'AssBeauty DiorJoadedomNoelle EastonGebouEreksjeIsaac NewtonMasturbaasjeStasjon RijssenKatoenEala Frya FresenaRjochterSibearyske lemmingDouglas C-47 SkytrainRuslân1998🡆 More