Dresden

Dresden is in stêdsdistrikt (kreisfreie Stadt) oan de rivier de Elbe.

Dresden is de haadstêd fan de Dútske dielsteat Saksen.

Dresden
Stedsdistrikt Dresden yn Saksen
Stedsdistrikt Dresden yn Saksen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Saksen
Distrikt Stedsdistrikt Dresden
Boargemaster Helma Orosz (CDU)
Sifers
Ynwennertal 529.781 (2011)
Oerflak 328,30 km²
Befolkingsticht. 1614 / km²
Stêdekloft 1.143.197
Hichte 113 m
Oar
Postkoade 01067–01328
Tiidsône (UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Offisjele webside
www.dresden.de

Skiednis

Sûnt 1485, doe't de regearende famylje Wettin har dêr fêstige, waard Dresden in wichtige stêd. Under foarst August de Sterke waard de stêd yn de 18e iuw in keunst- en kultuersintrum. Troch de protte barok- en rokokoarsjitektuer krige de stêd de bynamme Elbflorenz (Florâns oan de Elbe). Nei 1889 wie Dresden troch Heinrich Ernemann ít plak foar de Jeropeeske fotografyske yndustry. In soad technologyske fernijings kamen hjirwei lykas de earste ieneagige lytsbyld (24 x 36 mm) spegelreflekskamera fan de wrâld. Fierders wie Dresden yn de 20e iuw thúshaven fan it VEB Pentacon fabryk dy't ûnder mear de Praktica makke. Begjin 20e iuw waard de keunstnersgroep Die Brücke yn Dresden oprjochte. Yn 1908 waard it Universeel Esperantokongres hâlden.

Bombardemint op Dresden

Yn de nacht fan 13 op 14 febrewaris 1945 waard Dresden ferwoaste troch in Britsk bombardemint. Mear as 25.000 boargers kamen om en 75.000 wenningen ferdwûnen fan de kaart. De ekstreem hjitte flammesee feroarsake in fjoerstoarm dy't minsken de flammen ynsûge. Histoarisy binne it net iens oer de aard fan it bombardemint. Gie it om wraak of om in sinleaze oanfal op boargerdoelen, lykas de Dútske histoarikus Jörg Friedrich yn syn Der Brand beskriuwt? Of wie Dresden in strategysk doelwyt wêrby't allinnich in bombardemint de Twadde Wrâldoarloch beëinigje koe, sa't de Brit Frederick Taylor suggerearet yn 'Dresden, tiisdei 13 febrewaris 1945'? Of wie it bombardemint in produkt fan in doldraaide militêre burokrasy, in de sin fan 'wat sille we hjoed ris dwaan' lykas Kurt Vonnegut, in Amerikaan dy't as kriichsfinzene it bombardemint meimakke, yn ‘Slaughterhouse 5’ skreaun hat?

Dizze ferwoasting wie net de ienige dy't de stêd teheistere:

  • Yn 1760 ferwoaste troch in kanonnebesjitting yn de sânjierrige oarloch;
  • Yn 1849 troch it ûnderdrukken fan in opstân foar in grûnwet, it Dresdener oproer;
  • Yn 1491 ferwoaste troch in grutte brân;
  • Yn augustus 2002 teisteren oerstreamings de stêd, in gefolch fan de soad rein yn it streamgebiet fan de Elbe

Nei de Twadde Wrâldoarloch woenen de kommunistyske autoriteiten Dresden ombouwe ta in sosjalistyske metropoal. Dat hâld yn dat hast alle ruïnes yn it stêdssintrum oprêden waarden. Histoarysk weardefolle gebouwen waarden sloopt, nettsjinsteande guon protesten, lykas de Sophienkirche dy't yn 1962 ôfbrutsen waard. In pear histoaryske gebouwen waarden werboud lykas de Zwinger en de Semperopera. De ruïnes fan de Frauenkirche bleauwen stean as in monumint.

It besjen wurdich

Dresden 
Frauenkirche
Dresden 
Dresden yn jûnljocht
  • Semperoper (Sächsische Staatsoper)
  • Zwinger, mei de folgjende musea:
    • Gemäldegalerie Alte Meister (mei as bekendste stik: de Sikstynske Madonna fan Rafael)
    • Mathematisch-Physikalischer Salon (in samling ynstruminten, lykas oerwurken, globes, astronomyske ynstruminten)
    • Porzellansammlung
    • Rüstkammer (harnassen, pistoalen e.d.)
  • Residenzschloss
  • De Fürstenzug, wierskynlik it grutste tegeltableau fan de wrâld mei dêrop alle foarsten fan it Hûs Wettin oant 1918
  • Kathedrale Sankt Trinitatis (eardere Katholische Hofkirche)
  • Brühlsche Terrasse
  • Grünes Gewölbe (samling keunsthânwurk)
  • Frauenkirche (weropbou yn 2005 foltôge)
  • Kreuzkirche
  • Schauspielhaus am Zwinger
  • Taschenbergpalais
  • Jägerhof
  • Dreikönigskirche
  • Yenidze sigarettefabryk
  • Großer Garten (stêdspark)
  • Gläserne Manufaktur (glêzen Folksweinfabryk)
  • Stânbyld fan August de Sterke (Goldene Reiter)
  • Pfunds Molkerei
  • De ienige berchsweefbaan fop de wrâld (ferbining tusken de stêdsdielen Loschwitz en Oberloschwitz)
  • Stoomskippen op de Elbe
  • Ernemann Turm (eardere kamerafabryk en no technysk museum)

In 18 kilometer lang gedielte fan it dal fan de Elbe, wêrûnder ek in gedielte fan Dresden, is troch UNESCO ta wrâlderfgoed ferklearre.

Stêdsdielen

  • Altstadt, mei: Innere Altstadt, Friedrichstadt, Johannstadt, Pirnaische Vorstadt, Seevorstadt, Wilsdruffer Vorstadt
  • Neustadt, mei: Albertstadt, Äußere Neustadt, Innere Neustadt, Leipziger Vorstadt, Radeberger Vorstadt
  • Pieschen, met: Pieschen, Trachenberge, Mickten, Kaditz, Trachau, Übigau
  • Klotzsche, mei: Klotzsche, Hellerau, Hellerberge, Wilschdorf
  • Loschwitz, mei: Loschwitz, Weißer Hirsch, Rochwitz, Wachwitz, Niederpoyritz, Hosterwitz, Söbrigen, Oberpoyritz, Bühlau, Pillnitz, Dresdner Heide
  • Blasewitz, mei: Blasewitz, Striesen, Tolkewitz, Gruna, Dobritz, Seidnitz
  • Leuben, mei: Leuben, Laubegast, Alttolkewitz, Kleinzschachwitz, Zschieren, Meußlitz, Großzschachwitz, Sporbitz, Niedersedlitz, Dobritz
  • Prohlis, mei: Großluga, Kleinluga, Kauscha, Leubnitz-Neuostra, Lockwitz, Nickern, Niedersedlitz, Prohlis, Reick, Strehlen, Torna, Teile
  • Plauen, mei: Plauen, Südvorstadt, Coschütz, Gittersee, Kaitz, Kleinpestitz, Mockritz, Gostritz, Räcknitz, Zschertnitz
  • Cotta, mei: Briesnitz, Kemnitz, Stetzsch, Cotta, Omsewitz, Leutewitz, Gorbitz, Wölfnitz, Löbtau, Naußlitz, Roßthal, Dölzschen
  • Altfranken
  • Cossebaude, mei: Gohlis, Niederwartha, Cossebaude, Neu-Leuteritz
  • Gompitz, met: Gompitz, Ockerwitz, Pennrich, Roitzsch, Steinbach, Zöllmen, Unkersdorf
  • Langebrück
  • Mobschatz, mei: Alt-Leuteritz, Brabschütz, Merbitz, Mobschatz, Podemus, Rennersdorf
  • Oberwartha
  • Schönborn
  • Schönfeld-Weißig, mei: Borsberg, Cunnersdorf, Eichbusch, Eschdorf, Gönnsdorf, Helfenberg, Krieschendorf, Malschendorf, Pappritz, Reitzendorf, Rockau, Rossendorf, Schönfeld, Schullwitz, Weißig, Zaschendorf
  • Weixdorf, mei: Weixdorf, Marsdorf, Lausa, Friedersdorf, Gomlitz

Fotogalerij

Ferneamde ynwenners fan Dresden

Berne yn Dresden

  • Hindrik V fan Saksen (16 maart 1473), hartoch fan Saksen
  • Anna fan Saksen (23 desimber 1544), twadde frou fan Willem fan Oranje
  • August II fan Poalen (12 maaie 1670), kening fan Poalen
  • August III fan Poalen (17 oktober 1696), kening fan Poalen
  • Nikolaus fan Zinzendorf (26 maaie 1700), stifter fan de Hernhutters
  • Freark Kristiaan fan Saksen (5 septimber 1722), karfoarst fan Saksen
  • Frederik August I fan Saksen (23 desimber 1750), kening fan Saksen
  • Maximiliaan fan Saksen (13 april 1759), prins
  • Johan fan Saksen (12 desimber 1801), kening fan Saksen
  • Albert fan Saksen (23 april 1828), kening fan Saksen
  • George fan Saksen (8 augustus 1832), kening fan Saksen
  • Alfred Hettner (6 augustus 1859), geograaf
  • Frederik August III fan Saksen (25 maaie 1865), kening fan Saksen
  • Melitta Bentz (31 jannewaris 1873), útfynster fan it kofjefilter
  • Paula Modersohn-Becker (8 febrewaris 1876), keunstskilderesse
  • Conrad Felixmüller (21 maaie 1897), keunstskilder
  • Margaretha Carola fan Saksen (24 jannewaris 1900), Saksysk prinsesse
  • Luise Krüger (11 jannewaris 1915), spearsmytster
  • Horst Sindermann (5 septimber 1915), East-Dútsk politikus
  • Andreas fan Bülow (17 july 1937), Dútsk politikus
  • Jörg Peter (23 oktober 1955), hurdrinner
  • Matthias Sammer (5 septimber 1967), fuotballer en trener

Earne oars berne

  • Heinrich Schütz (Köstritz, 9 oktober 1585), komponist en organist
  • Wilhelm Friedemann Bach (Weimar, 22 novimber 1710), komponist
  • Ludwig Tieck (Berlyn, 31 maaie 1773), skriuwer
  • Carl Maria fan Weber (Eutin, 18 novimber 1786), komponist
  • Petrus Johannes Schotel (Dordrecht, 11 novimber 1808), Nederlânske keunstskilder
  • Robert Schumann (Zwickau, 8 juny 1810), komponist
  • Richard Wagner (Leipzig, 22 maaie 1813), komponist
  • Heinrich Hertz (Hamburg, 22 febrewaris 1857), natuerkundige
  • Heinrich Mann (Lübeck, 27 maart 1871), skriuwer
  • Sergej Rachmaninov (Novgorod, 1 april 1873), komponist, pianist en dirigint
  • Ernst Ludwig Kirchner (Aschaffenburg, 6 maaie 1880), keunstskilder
  • Angela Raubal (Braunau am Inn, 28 july 1883), healsuster fan Adolf Hitler
  • Lothar-Günther Buchheim (Weimar, 6 febrewaris 1918), skriuwer en keunstskilder
  • Hans Hermann Groër (Wenen, 13 oktober 1919), kardinaal, emeritus-aartsbiskop fan Wenen
  • Hans Modrow (Jasenitz, 27 jannewaris 1928), East-Dútsk politikus
 
Landkreise en Kreisfreie Städte fan Saksen
Dresden 

Bautzen - Chemnitz - Dresden - Erzgebirgskreis - Görlitz - Leipzig (stêd) - Leipzig - Meissen - Mittelsaksen - Nordsaksen - Sächsische Schweiz-Osterzgebirge - Vogtlandkreis - Zwickau

Tags:

Dresden SkiednisDresden Bombardemint op Dresden It besjen wurdichDresden StêdsdielenDresden FotogalerijDresden Ferneamde ynwenners fan DresdenDielsteatElbeSaksen (dielsteat)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

23 maaieDe Holder (literêr tydskrift)Ljouwert (stêd)WolkekliuwerWolverineWordlePornhubWrâldkampioenskip fuotbalMia LiMeksikoKalifornjeErotykMårten Eskil WingeWolf1 augustusFryslânFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952Tel AvivLatynSeptember ReignOezbekistanFêsteljûnFilosofyAeolus SeisbierrumEuropean Girls Adult Film DatabaseEmiel StoffersDoekle TerpstraHarmony WonderTechnologyDownblouseRiemkje PitstraSavannah GoldVina SkyDelotta BrownCJ MilesFingerjenYnternasjonale Kynologyske FederaasjeUnderwiisReidsjongersRommert de BreeCharlie Chaplin15 aprilPearsAnnejoke SmidsNovialGeorges SimenonRain ManHistoaryskSaya SongGeert van TuinenAmerikaansk fuotbalAsa fan JudaEreksjeSjongersFiere EastenKrúswurdpuzelSlach om BerlynJohan KaartpriisBurgum1901Armie FieldBlaudokeNeakenfotografyOflûken (seksualiteit)Dyami Millarson3 febrewarisMidden-Amearika🡆 More