Utert Súdwest

Utert-Súdwest is in wyk yn de Nederlânske stêd Utert, haadstêd fan de provinsje Utert.

De wyk hat 38.428 ynwenners (Boarne: gemeente Utert, 2019) en is neffens ynwenners de fjirde wyk fan de stêd.

Súdwest
Zuidwest
Lokaasje fan de wyk Súdwest yn de gemeente Utert
Lokaasje fan de wyk Súdwest yn de gemeente Utert
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert Súdwest Utert
Gemeente Utert Súdwest Utert
Plak Utert Súdwest Utert
Sifers
Ynwennertal 37.725 (2017)
Oerflak 555 ha
Oar
Koördinaten 52° 4' 18" NB, 5° 6' 11" EL
Offisjele webside
http://www.utrecht.nl/zuidwest/
Utert Súdwest
Dichterswijk by it Stasjon Utert-Sintraal
Utert Súdwest
Jutphaseweg mei Vaartse Rijn mei de wettertoer op eftergrûn

De wyk grinzget yn it westen troch it Amsterdam-Rynkanaal oan de wyk Leidsche Rijn, yn it noarden troch de Weg der Verenigde Naties oan de wyk West, yn it noardeasten troch de Stedsbûtengrêft oan de Binnenstêd, yn it sudeasten troch de Vaartse Rijn mei de wyk Súd en yn it suden troch de A12 oan de gemeente Nieuwegein. Allinnich de ûnderwyk Westraven stekt as in punt súdlik fan de A12 yn de gemeente Nieuwegein.

It Merwedekanaal rint dwers troch de wyk hinne en it gebiet westlik fan dat kanaal wurdt dat part fan de wyk yn de folksmûle oantsjut as Kanaleneiland, wylst neffens de wykyndieling dat part fan de wyk ûnderferparte is yn de ûnderwiken Kanaleneiland en Transwijk.

De ûnderwiken Dichterswijk en Rivierenwijk binne de foarkriichske buerten fan de wyk. Dichterswijk is deun tsjin it spoar foar it Stasjon Utert-Sintraal oer en bestiet út arbeiderswenten. Rivierenwijk is in foarkriichske arbeiderswyk dy't oan de Vaartse Rijn boud waard. Transwijk en Kanaleneiland waarden nei de kriich boud en benammen Kanaleneiland hat in soad heechbou.

Troch de wyk rint de flugge tram nei Nieuwegein en Iselstein. De wyk is mei de Binnenstêd en East de iennige wyk mei in tramferbining.

Wykyndieling

Utert-Súdwest wurdt ûnderferparte yn de folgjende ûnderwiken en buerten:

  • Transwijk
    • Transwijk-Noard
    • Transwijk-Súd
    • Bedriuweterrein Kanaleneiland (mei it Merwedekanaalgebiet en Westraven)
  • Rivierenwijk/Dichterswijk
    • Dichterswijk
    • Rivierenwijk

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Utert Súdwest  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Utert-Súdwest fan Wiki Commons.
Utert Súdwest 
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Utert Súdwest 
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
wizigje

Tags:

NederlânUtert (provinsje)Utert (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

HongarijeSeksuele yntimidaasjeNaughty AmericaEnsyklopedyNoardfryskPhoenix (Arizona)Havana GingerSasha BeartEl NiñoMiljardêrSandy MilzKira Eggers1925Jade JantzenNynke HeegMoanne (tiid)NoetseleSalomonseilannenLiza ShayAVN AwardSeksboartersguodMarika FruscioTsjechoslowakijeMiamiCarmen HayesHelen DuvalBaskyskCharles III fan it Feriene KeninkrykVoodoo (pornografysk akteur)24 aprilServjeAleksander PûsjkinGrover ClevelandVienna BlackArwen GoldDomtsjerke fan Massa MarittimaFriezen2012DemokrasyArjen TerpstraRhylee RichardsMisjonarishâlding1896Erika BellaFjoerCowgirlhâldingMasturbaasjeCriss StrokesRock 'n rollJohn de MolFryske gemeenten22 julyMaksiminus TraksISO 3166-1AlkoholismeHeather LeeJasmine BlackEastenrykKatedraal fan OtrantoKrisjnaEkonomyHylpenList fan Nederlânske gemeentenDuomo San RufinoPierre WoodmanOseanografyLuma CariocaDomtsjerke fan Orvieto🡆 More