Vleuten-De Meern

Vleuten-De Meern is in wyk fan de gemeente Utert yn de Nederlânske provinsje Utert.

De wyk hat 50.502 ynwenners (Boarne: gemeente Utert, 2021) en is neffens ynwenners de grutste wyk en neffens oerflak, it tredde part fan it totaal gemeente-oerflak, ek fierwei de grutste wyk. Yn de wyk lizze de kearnen Vleuten, De Meern en Haarzuilens en de polder Rijnenburg súdlik fan De Meern.

Vleuten-De Meern
Lokaasje fan Vleuten-De Meern yn de gemeente Utert
Lokaasje fan Vleuten-De Meern yn de gemeente Utert
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Vleuten-De Meern Utert
Gemeente Vleuten-De Meern Utert
Sifers
Ynwennertal 50.502 (2017)
Oar
Postkoade 3450 - 3455, 3546
Koördinaten 52° 6' NB, 5° 1' EL
Vleuten-De Meern
Nijbou yn Vleuten-De Meern
Vleuten-De Meern
In pleats yn de buorskip Themaat

Vleuten-De Meern wie foar 2001 in selsstannige gemeente. Yn de 1990-er jierren waard mei it grutskalige nijbouprojekt Leidsche Rijn úteinset. Dat projekt wie op it grûngebiet fan de gemeenten Utert en Vleuten-De Meern en wie doetiids de grutste Vinex-lokaasje yn Nederlân.. Yn 2001 waard Vleuten-De Meern by Utert foege, wylst de gemeenterie en it grutste part fan de befoling yn in referindum net by Utert woene. It waard der dochs trochhinne drukt en ek de polder Rijnenburg waard de gemeente Nieuwegein oan de gemeente Utert ôfstien. De nij keazen gemeenterie fan Utert besleat de trije doarpen as offisjele wenkearnen oan te hâlden. It eastlike part fan de eardere gemeente waard part fan de wyk Leidsche Rijn. Tusken de twa wiken yn leit it Máximapark. Yn dat park leit de buorskip Alendorp oan de Alendorpweg, dy't eartiids de dyk tusken Vleuten en De Meern wie.

Wykyndieling

De wyk Vleuten-De Meern bestiet út de folgjende ûnderwiken:

  • Vleuten, Haarzuilens
  • Veldhuizen, Vleuterweide
  • De Meern
  • Rijnenburg

Underwiken wurde ûnderferparte yn buerten. De wyk hat de folgjende buerten, ûnderbeflapt nei wenkearn:

    Haarzuilens
    Vleuten
  • Haarrijn
  • Vleuten
  • Vleuterweide-Noard, -East en -Sintrum
  • Vleuterweide-West
  • Vleuterweide-Súd, mei útsûndering fan de Zandweg yn it uterste suden fan dy buert, dy't yn de wenkearn De Meern leit
  • Máximapark (mei de buorskip Alendorp)
    De Meern
  • Vleuterweide-Súd, allinnich de Zandweg
  • Veldhuizen as De Meern-West neffens de ANWB
  • De Meern-Súd (mei buorskip Reijerscop)
  • De Meern-Noard
  • Bedriuweterrein Oudenrijn
    Utert

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Vleuten-De Meern  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vleuten-De Meern fan Wiki Commons.
Vleuten-De Meern 
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Vleuten-De Meern 
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
wizigje

Tags:

De MeernHaarzuilensNederlânPolderRijnenburgUtert (provinsje)Utert (stêd)Vleuten

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

2004AldfryskDuëtMarijn Kuipers22 julyHûntsjeshâldingShrima Malati1968FilmJade JantzenIerdeServjeSean LawlessDomtsjerke fan GrossetoMarika FruscioPresidint fan de Feriene SteatenLesotoFryslânMaría del Carmen CarricartDomtsjerke fan OrvietoGemeenten fan NederlânJada StevensKânselier1980Kylee StruttEdsger Wybe DijkstraAnale seksArtefakt (archeology)22 aprilList fan Nederlânske gemeentenErflikheidslearDe Boarn4 maart19e iuwGielHarmony WonderKatedraal fan NotoMicrosoft Windows873 f.Kr.KleurSasha BeartIranEdelgasWytsingenTroudLetlânGrut-BrittanjeWebsteeRaffarinadeTurkskGeologySyprusMaya BijouStikelbaarch23 aprilArjen TerpstraAugust TaylorDelotta BrownEjakulaasjeNasjonaalsosjalismeBo SinnFaasjeProstitueeHeather LeeCody BryantBaskyskFebrewarisAugustus Oktavianus🡆 More