Leidsche Rijn

Leidsche Rijn is in wyk en in nijboulokaasje yn de Nederlânske stêd Utert, haadstêd fan de provinsje Utert.

De wyk leit westlik fan it Amsterdam-Rynkanaal en is neamd nei de Leienske Ryn (Nederlânsk: Leidse Rijn of ferâldere: Leidsche Rijn). Westlik fan de wyk leit de wyk Vleuten-De Meern. De wyk hat 42.783 ynwenners (Boarne: gemeente Utert, 2021) en is neffens ynwenertal de tredde wyk fan Utert nei Vleuten-De Meern en Noardwest. Mei it úteinsetten fan it bouwen fan de wyk yn de 1990-er jierren en de jierren dêrnei, wie de wyk de grutste Vinex-lokaasje fan Nederlân.

Leidsche Rijn
Lokaasje fan Leidsche Rijn yn de gemeente Utert
Lokaasje fan Leidsche Rijn yn de gemeente Utert
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Leidsche Rijn Utert
Gemeente Leidsche Rijn Utert
Plak Leidsche Rijn Utert
Sifers
Ynwennertal 42.783 (2017)
Oerflak 1126 ha
Oar
Koördinaten 52° 3' 53" NB, 5° 3' 8" EL
Offisjele webside
https://www.utrecht.nl/leidsche-rijn/
Leidsche Rijn
Sintrale plein yn Leidsche Rijn
Leidsche Rijn
Arsjitektuer Leidsche Rijn
Leidsche Rijn
Kranen yn bedriuw by it bouwen fan wenten
Leidsche Rijn
It Stasjon Utert-Leidsche Rijn

Skiednis

Doe't it nijbouprojekt úteinsette, wie dy ferdield oer de gemeente Utert en buorgemeente Vleuten-De Meern. Op 1 jannewaris 2001 waard Vleuten-De Meern by Utert foege. De gemeenterie en 83% fan de befolking fan Vleuten-De Meern by in referindum wie lykwols op dy anneksaasje tsjin, waard dy gemeente tsjin syn sin dochs by Utert foege. Ek in part fan Nieuwegein westlik fan de A2 waard by Utert foege. De nij keazen gemeenterie fan Utert besleat doe de trije doarpen Vleuten, De Meern en Haarzuilens as offisjele wenplakken fuortbestean te litten. De trije doarpen en it grutte poldergebiet súdlik fan De Meern, Rijnenburg, waarden ûnderbrocht yn de nije wyk Vleuten-De Meern.

By de bou fan de nijboulokaasje waarden der wichtige argeologyske fynsten dien, lykas de âlde romeinske limeswei by de Ryn del en guon âlde skippen dy't troch it sompige gea dêre reedlik goed bewarre bleaun binne.

It gebiet, mei polder Rijnenburg ynbegrepen, is 2500 hektare grut. It projekt wie ornearre foar 30.000 wenten foar 90.000 ynwenners. Yn 2019 waard dat ynwennertal helle, mei 40.000 yn de wyk Leidsche Rijn en 50.000 yn wyk Vleuten-De Meern. Der wurdt ferwachte dat de 100.000 helle wurdt.

Wykyndieling

De wyk Leidsche Rijn is ûnderferparte yn de folgjende ûnderwiken en buerten:

  • Terwijde, De Wetering
    • Bedriuweterrein De Wetering
    • Terwijde-West
    • Terwijde-East
  • Het Zand
    • Het Zand-West
    • Het Zand-East
  • Leidsche Rijn-Sintrum en omkriten
    • Leidsche Rijn-Sintrum
    • Grauwaart
    • Hoge Weide
    • Leeuwesteyn
  • Parkwijk, Langerak
    • Parkwijk-Noard
    • Parkwijk-Súd
    • Langerak
  • Leidsche Rijn-Súd
    • Rijnvliet
    • Bedriuweterrein Strijkviertel
    • Bedriuweterrein Papendorp

Foarsjennings

Der is it Stasjon Utert-Leidsche Rijn. De wyk hat twa winkelsintrums, ien tichteby it stasjon en dy't nei de Binnenstêd it grutste fan de stêd is, en twa buertwinkelsintrums. Ek is der in bioskoop en it Sint-Antonius-sikehûs hat in fêstiging yn Leidsche Rijn.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Leidsche Rijn  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Leidsche Rijn fan Wiki Commons.
Leidsche Rijn 
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Leidsche Rijn 
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
wizigje

Tags:

Leidsche Rijn SkiednisLeidsche Rijn WykyndielingLeidsche Rijn FoarsjenningsLeidsche Rijn Keppelings om utensLeidsche Rijn1990-er jierrenAmsterdam-RynkanaalLeienske RynNederlânNederlânskNoardwest (Utert)Utert (provinsje)Utert (stêd)Vleuten-De MeernWyk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1 maartNASAAlexa FlexyWikipediaTiidsôneLexi DiamondCowgirlhâldingSlach om BerlynKalifornjeBeierenLiifmoerBurj KhalifaUnderwiisDoekle TerpstraKeunstriden op de Olympyske Winterspullen 2018Osmaanske RykFranklin D. RooseveltTwitterMegan VaughnMasturbaasjePornofilmLos AngelesTrio (seksualiteit)Omnibus (boek)1937Gina GersonEastenrykKunnilingusYrreligyMisjonarishâldingPlestikKetsjûa (taal)Seksuele penetraasjeYslânJ. Mac4 aprilTechnologyHertpuzelKrystal Swift1 augustusLongûntstekking1907Georges SimenonGrutte PierHylke SpeerstraWrâldsûnensorganisaasjeSkiednisNicole OringMem5 oktoberNijsMustafa Kemal AtatürkJierMeso-AmearikaBedrigingJoyce OliveiraOarlochsmisdiePolitykFryslânMicrosoftTambora26 augustusFeriene KeninkrykDe Holder (literêr tydskrift)Charlie ChaplinGazastripeFerspriedingsgebietMuseum Martena🡆 More