Nouakchott

Nouakchott (Arabysk: نواكشوط) is de haadstêd fan Mauretaanje en ek de fierwei grutste fan it lân.

De stêd leit yn it westen oan de Atlantyske kust. De stêd is noch jong en hat mei dêrtroch suver gjin hege gebouwen. De stêd is ien fan de grutste yn de Sahara en it ekonomyske en bestjoerlike sintrum fan it lân.

Nouakchott
Sintrum mei de Grutte Moskee
Sintrum mei de Grutte Moskee
Polityk
Lân Nouakchott Mauretaanje
Distrikt Nouakchott
Boargemaster Ahmed Hamza (2007-)
Sifers
Ynwennertal 894.403 (2013)
Oerflak 1000 km²
Befolkingsticht. 894/ km²
Oar
Koördinaten

Offisjele webside
[]
Nouakchott
Utsjoch oer de stêd

Oant 1958 wie Nouakchott in fiskersdoarpke, mar neidat Mauretaanje ûnôfhinklik fan Frankryk waard, groeide it út ta in stêd, mei troch syn seehaven. Yn 1962 waard it de haadstêd fan it selsstannich Mauretaanje. Yn de jierren '70 eksplodearre it ynwennertal, meast troch de grutte drûchte yn de Sahel dy't de minsken nei de stêd twong.

Ekonomy en ynfrastruktuer

De stêd hat in haven dy't foaral foar ymport tsjinnet (96,4 %), mar der wurdt ek koper útfierd. Dêr binne diken nei Néma, Boutilimit en Kiffa en de stêd hat in ynternasjonaal fleanfjild, Nouakchott International Airport.

Nouakchott produsearret sâlt, sement, insektisides, kleden, tapiten en ambachtsprodukten. Der binne goed 30 lytse of middelgrutte fabriken yn de stêd. Oerheid en finansjele ûndernimmingen binne ek fan belang. Fleanmaatskippij Mauritania Airways hat syn haadkertier yn de stêd.

Fask wetter

Alhoewol't de grûn ûnder de stêd in mânsk reservoir swiet wetter hat, it saneamde Trarza-mar, is der dochs fask-wetter krapte, in gefolch fan de grutte groei fan de stêd. Yngenieurs hawwe al warskôge dat it wetter op wêze kin yn 2054; de foarried wurdt nammentlik net oanfold mei reinwetter. Benammen yn de drûge bûtenwiken fan de stêd, dêr't de measte minsken wenje, kin dat mei de tiid swierrichheden jaan.

No is it al sa dat in protte minsken wetter keapje moatte en dat is djoer yn ferhâlding ta it trochsneed fertsjinst yn de stêd.

Underwiis

De Universiteit fan Nouakchott, is de iennichste universiteit yn Mauretaanje, iepene de doarren yn 1981, en hat likernôch 8000 studinten. Oare ynstellings foar heger ûnderwiis binne ûnder oaren de Nasjonale Skoalle foar Administraasje en it Nasjonaal Ynstitút foar Fuorstset Islamityske Stúdzjes. Der binne fierders in protte legere en middelbere skoallen en in American International School of Nouakchott.

Merken yn Nouakchott

Susterstêd

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    Keppelings om utens

Tags:

Nouakchott Ekonomy en ynfrastruktuerNouakchott Fask wetterNouakchott UnderwiisNouakchott Merken yn Nouakchott SusterstêdNouakchottArabyskAtlantyske OseaanHaadstêdMauretaanjeSahara

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Britske prinsen-gemaal en keninginnen-gemalinnePornoaktrise13 jannewarisWenenCayden Moore15 septimber1809Elizabeth Bowes-LyonNederlânJierHaskerlân19e iuwAbby Lee BrazilLisa AnnFerkiezingSekondeIngelânSint-Marten (lân)1977OhioList fan lannen en territoariaSkipperssankjeCrista Moore (pornografysk aktrise)Twadde WrâldkriichEmdenEskPortegal15142e iuwAndorAnale seksPopcaanBirds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn)DeenskNatura 2000Periodyk systeem fan de eleminten22M42HurddraverijJewels JadeLitouskItaaljeMisjonarishâlding16 maartRobert I fan SkotlânInga Ridere22e iuwDykAda SanchezMozilla FirefoxPraachRoomsk-katolike tsjerkeYnformatikaAlvestêdetochtAuxiliary Power Unit1884Elvis PresleyAlde LeieDJ Parisa9 oktoberSinkFinlânMyl1926IzerStêd🡆 More