Ferkiezing

In ferkiezing is in formeel beslútfoarmingsproses troch in stimming, wêrby't de stimberjochtige leden fan in befolking (it elektoraat) kieze wa't fan in stikmannich kandidaten in beskate publike funksje útoefenje mei.

Ferkiezings binne al sûnt de santjinde iuw it gebrûklike meganisme dêr't yn 'e Westerske wrâld represintative demokrasyen troch funksjonearje. Ferkiezings hearre frij en earlik te wêzen, mar binne dat net altyd. Sa kin der sprake wêze fan it yn 'e pine setten of alhiel útsluten fan 'e opposysje, fan yntimidaasje fan of geweld tsjin 'e kiezers, of fan geknoei mei de útslach, in ferskynsel dat stimbusfraude of ferkiezingsfraude neamd wurdt. De tûke fan de wittenskip dy't ferkiezings, de útkomsten fan ferkiezings en oare statistiken oangeande ferkiezings bestudearret, is de psefology.

Ferkiezing
In stimformulier wurdt yn 'e stimbus dien.

By ferkiezings wurde faak, en yn Nederlân allinnich mar, leden fan 'e wetjaande macht keazen, te witten it lanlike parlemint, Provinsjale Steaten, de gemeenterieden en de wetterskippen. Yn in protte oare lannen wurde ek leden fan 'e útfierende macht keazen, lykas de presidint, gûverneurs fan ûnderskate lânsdielen en boargemasters. Yn 'e Feriene Steaten wurde ek leden fan 'e rjochterlike macht (rjochters) by ferkiezings keazen, en teffens oare gesachsdragers, lykas ofsieren fan Justysje en sheriffs. Fierders wurde ferkiezings ek in protte holden binnen organisaasjes, fan pleatslike ferienings oant mondiale stiftings en (yn 'e bestjoersried fan) grutte ûndernimmings. Ek by talintejachten, skientmewedstriden en eveneminten as it Eurofyzjesongfestival wurdt de winner (faak) troch in soarte fan ferkiezing bepaald.

It ferskynsel 'ferkiezings' giet werom op it Atene út 'e Klassike Aldheid, dat regearre waard troch in systeem fan direkte demokrasy, wêrby't de stimberjochtige boargers oer elts ûnderwerp stimden. Sokke ûnderwerprelatearre ferkiezings wurde ek tsjintwurdich noch wol holden, mar wurde no yn 'e regel referinda neamd. Om't yn moderne lannen mei harren befolking fan miljoenen minsken direkte demokrasy meastal as ûnwurkber beskôge wurdt, meitsje demokratyske lannen tsjintwurdich gebrûk fan represintative demokrasy, wêrby't de boargers lju kieze dy't harren yn it parlemint fertsjintwurdigje, de saneamd 'folksfertsjintwurdigers'.

By direkte ferkiezings wurde sokke folksfertsjintwurdigers rjochtstreeks troch it elektoraat keazen. By yndirekte ferkiezings (miskien better bekend ûnder de Nederlânske term getrapte verkiezingen) kiest men folksfertsjintwurdigers dy't dan op har beurt wer oare folksfertsjintwurdigers kieze. Sa giet it bgl. om en ta by it kiezen fan 'e leden fan 'e Earste Keamer fan 'e Nederlânske Steaten-Generaal: it elektoraat kiest de leden fan 'e Provinsjale Steaten, en de leden fan 'e Provinsjale Steaten kieze dêrnei de leden fan 'e Earste Keamer.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


Tags:

BefolkingElektoraatGeweldOpposysje (polityk)Santjinde iuwStatistykStimbusfraudeStimrjochtWesterske wrâldWittenskip

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Spoar fan Mariënberg nei AlmeloCarles PuigdemontJoop den UylFriezen2017Omgong fan FrankrykBoarstfergrutting17 junyMáxima ZorreguietaIUCNTwadde WrâldkriichSineeske baltsjesBoete (jildstraf)Paulina SeikolaCreative CommonsGrytzKeatsenHaadsideMisjonarishâldingGewoane kjifstikelbaarchGrutte Priis Formule 1 fan Eastenryk 2021LykstivensYnternetPappegaaidowenPeaske-eilânAldebiltdykKoji SasakiToby AlderweireldTongaOmgong fan Itaalje 1987Circuito de JerezGraldaSkyy BlackGrutte BrekkenGenemuidenGNU/FDLRjûkjûpappegaaidoRosamund PikeSophie HilbrandReedriden op de Olympyske Winterspullen 1994JapanFisigoatenPake- en beppesizzerWalter Benjamin20 aprilSkiednis fan de provinsje FryslânNeakenmodelKampen (gemeente)Grut-LondenVanessa SkyCassandra WildeMia LinaTearnsAtoomList fan Romeinske keizersJerine FleurkeIerdgasGrimalkin (mytysk wêzen)GriiskrúnpappegaaidoList fan hûnerassen🡆 More