Amman

Amman (عمان; yn de âldheid: Philadelphia) is de haadstêd fan Jordaanje.

De stêd leit yn it noarwesten fan it lân, mar inkelde tsientallen kilometers fan de Westlike Joardaanouwer en de Deade See. Yn 2000 hie de stêd likernôch 1,5 miljoen ynwenners.

Amman
Amman
Polityk
Lân Jordaanje
gûvernemint Amman
Boargemaster Omar Maani
Sifers
Ynwennertal Grut Amman ± 4.500.000 (2016)
Oerflak 1.680 km²
Befolkingsticht. 2.380 / km²
Hichte 700 - 1100 m
Oar
Stifting 7250 f.Kr.
Tiidsône UTC+2
Simmertiid UTC+3
Koördinaten
Offisjele webside
Webstee gûvernemint Amman
Amman
Lizzing Amman

Amman is it politike-, kulturele- en kommersjele sintrum fan Jordaanje en ien fan âldste trochgeand bewenne stêden fan de wrâld. De stêd is frijwat 'ferwestere' fergelike mei oare grutte stêden yn de regio. De stêd leit mids en op hichten (no 19). De wichtichste stedsdielen binnen neamd nei de hichte dêr't sy op boud binne. Wichtige ferfiermiddels binne de bus, de taksy, en de dielde taksy. Amman is it foarneamste ferkearsknooppunt fan it lân.

Ut de skiednis

Yn de omkriten fan Amman binne archeologyske fynsten út de Nije Stientiid dien. Yn de 13e iuw f.Kr. hjitte de stêd Rabbath Ammon of Rabat Amon (troch de Ammoniten. Yn de bibel wurdt Amman oantsjut as Rabbat Ammon. Yn de rin fan de iuwen waard de stêd ferôvere troch de Assyrjers, folge troch de Perzen en de Griken. Ptolemaeus II Philadelphus, de Hellenisyske hearsker oer Egypte, werneamde it Philadelphia. De stêd hearde ûnder it Nabateeske keninkryk oant 106; dêrnei sloegen de Romeinen dêr foar master op. Yn de Romeinske perioade hearde Amman, doe Philadelphia, ta de stêden fan de Dekapolis.

It moderne Amman waard stifte yn 1878, doe't it Ottomaanske Ryk dêr in groep Tsjerkessyske ymmigranten ûnderbrocht. Sy foarmen oant healwei de 20e iuw de mearderheid fan de befolking. Under oaren troch de grutte ymmigraasje fan Palestinen, dy't fanwege de Israelysk-Arabyske oarloggen nei 1948 nei Jordaanje flechten, hat de stêd in grutte groei trochmakke.

It besjen wurdich yn Amman

  • it Romeinske teater fan Amman
  • it Odeum fan Amman
  • it Romeinske forum
  • it folkloaristysk museum
  • de timpel fan Herkules
  • it archeologysk museum
  • de Byzantynse tsjerke
  • het paleis fan de Umayyaden
  • de Hoesseinimoskee
  • de kening Abdullah moskee
  • it nasjonaal museum
  • de Abdounbrêge, in tuibrêge dy't part is fan de rûnwei om de stêd

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is fral basearre op ynformaasje út Jordan, The Rough Guide fan Matthew Teller en feiten fan de Ingelsktalige Wikipedia

Tags:

Amman Ut de skiednisAmman It besjen wurdich yn Amman Keppeling om utensAmmanDeade SeeJordaanjeÂldheid

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

JapanSjongers8 febrewaris1927Simone WestAlbertina SoepboerAld Selskip1977YndoneezjeWurdlLuna SilverFrysk hynderWolkekliuwerFryske gemeentenEliaAmstel (rivier)Clara TrinityGemme fan BurmaniaWordleNegevNoelle EastonKatedraal fan Piazza ArmerinaEkwadorMegan Vaughn1945SúdlarenEeldeRoemeenskKalifornjePieter Breuker1937PlestikPsychologyLexxxi LockhartFryskIngeborg Uyt den BoogaardISBNSitaatpuzelUnbreakable (film)Grutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2001WikipedyGina GersonMarijn KuipersEuropean Girls Adult Film DatabaseYnternetKeatsenNovialMinnie BeetsYnternasjonale Kynologyske FederaasjeTongerblomPiet MiedemaLatynJade KushHarley RaineGazastripeEastenryk19351 augustusInga RidereSkotskJeropa3 febrewarisJacht (aktiviteit)Sarah Young8 augustusFryslânAdam en Eva🡆 More