Jewels Jade

Jewels Jade, echte namme: Julie Anne Wadley (San Diego (Kalifornje), 13 oktober 1971), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Dútsk, Ingelsk en Italjaansk etnysk komôf.

Hja sette yn 2001 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en ûntjoech har sûnt ta ien fan 'e wichtichste aktrises fan it sjenre fan 'e milfpornografy.

Jewels Jade
Jewels Jade persoan yn de seksyndustry
Jewels Jade
persoanlike bysûnderheden
echte namme Julie Anne Wadley
nasjonaliteit Jewels Jade Amerikaansk
berne 13 oktober 1971
berteplak San Diego (Kalifornje)
etnisiteit Jewels Jade Dútsk
Jewels Jade Ingelsk
Jewels Jade Italjaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
jewels-jade.com

Libben en karriêre

Jade waard (neffens de measte boarnen) yn 1971 berne yn San Diego, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja makke yn 2001, doe't se tritich jier wie, har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn goed 160 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Diabolic Video, Penthouse, Wicked Pictures, New Sensations, Evil Angel, Digital Sin, Anabolic Video, Zero Tolerance, Elegant Angel, Digital Playground en Devil's Film.

Fierders hat Jade ek wol wurke foar minder bekende studio's, wêrûnder Pure Play Media, Third Degree Films, Extreme Associates, Metro, Girlfriends Films en Jill Kelly Productions. Dêrnjonken hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, lykas BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Jade hat har ûntjûn ta ien fan 'e meast foaroansteande aktrises út it sjenre fan 'e milfpornografy. Yn 2003 waard se nominearre foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste nije stjer. Njonken har pornokarriêre sjongt Jade opera's en bespilet se de akkordeön.

Lichemsskaaimerken

Jewels Jade hat brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 53 kg. Se hat kupmaat 34DDD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Yn in fraachpetear joech Jade oan dat se deis teminsten twa oeren yn 'e sportskoalle trochbringt om har lichem yn goede kondysje te hâlden. Se hat in nâlpiercing, piercings troch har spiennen, en ferskate tatoeaazjes, wêrûnder in ûnderrêchtatoeaazje; de tekst "Lovely" en in read hertsje mei "Jay" op har rjochterskouderblêd; en in tribal-bân om har rjochterboppe-earm hinne.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2003 AVN Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Jewels Jade Libben en karriêreJewels Jade LichemsskaaimerkenJewels Jade Prizen en nominaasjesJewels Jade Keppelings om utensJewels Jade13 oktober19712001DútsersEtnyske groepFeriene SteatenIngelsenItaljanenKalifornjeMilfpornografyNeakenmodelPornoPornografysk aktriseSan DiegoStripper

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Douglas DC-37e iuwSneonSarajevoKeatsenGeografyAddis AbebaBeauty DiorFal fan it Westromeinske RykPappegaaidowenNoarsk29 junyMediaWikiNoardfryskMozilla FirefoxKneppelfreedGroubekpappegaaidoHolon (plak)FilmISBNAld SelskipDedemsvaart (doarp)Shalina DevineOpera (browser)Library of CongressFerspriedingsgebietÛndersoarte1855Angelica RavenTiisdeiEvelyn LinFuotbalJulie SkyhighBernepornografyTwinterâne3 aprilEksplosyfIerlânLeafde6 augustusKontraktYndoneezjeMasturbaasjeSarah YoungNASAFrankfurt am MainJacht (aktiviteit)Linda TerpstraOanslachGrutte-boarstesjenreMaasPrêrjewolfFrou19522007J.R. CarringtonJapanNovialOrkestKya TropicKatolisismeGrikelânYndustriële RevolúsjeDûbaiFaksisme🡆 More