Maraton

In Maraton is in rinôfstân.

Maraton
Maraton fan Frankfurt

Skiednis

Atene

De Maraton is ûntstien by de earste moderne Olympyske Spullen, yn Atene yn Grikelân. Der wie foar dy spullen besocht om klassike ûnderdielen op te nimmen, lykas keppeling mei de klassike Olympyske spullen, dat doe't se besleaten ta it opnimmen fan in ôfstân fan 40 km. waard dêrfoar it trajekt naam dat de Ateenske boadskipper Phidippides nei de slach by Maraton (490 f.Kr.) rûn hawwe soe om troch te jaan dat de Griken wûn hienen.

Londen

Dy lange rinôfstân is in fêst ûnderdiel yn de Atletyk wurden, mar by de earste Olympyske spullen wie de krekte ôfstân eltse kear oars. De ôfstân sa't dy no rûn wurdt is foar it earst rûn yn 1908 by de Olympyske Spullen fan Londen. Dat hie doe 40 km. wêze moatten, mar om reden fan organisaasje waard it 42,195 km. Deselde ôfstân waard rûn by de Olympyske Spullen fan 1920 yn Antwerpen, en sûnt dy tiid is dat de fêste ôfstân foar de Maraton.

Hjoed de dei

Om't de Maraton net op de baan rûn wurdt, mar oer de wei, is eltse maraton eins wer oars en eltse maraton wurdt dan ek as in apart barren beskôge. Dochs hâldt de IAAF mei yngong fan 2004 de bêste tiid op de maraton by, foar maratons dy't oerienstimme mei de standert fan de IAAF. Mar der is dochs noch in grut ferskil tusken dy maratons. It fluchst wurdt rûn op flakke maratons likernôch op seenivo.

Bêste tiid ea

De IAAF hat de twa fluchste tiden oant en mei 2003 as bêste tiid op de maraton oannnommen. Foar manlju stiet dy op namme fan de Keniaan Paul Tergat, dy't op 28 septimber 2003 de Maraton fan Berlyn rûn yn in tiid fan 2:04:55. Fluchste by de froulju is de Britske Paula Radcliffe dy't op 13 april 2003 de Maraton fan London yn 2:35:15 rûn.

Maratons

Maratons wurde it hiele jier troch en oer hiel de wrâld holden. Hjirûnder in stikmannich dy't it neamen wurdich binne.

Sjoch ek

Tags:

Maraton SkiednisMaraton Hjoed de deiMaraton Sjoch ekMaraton

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

RedbadHarmony WonderKrúswurdpuzelBluesFryske Bernekrante9e iuw f.Kr.GielsnaffelleppelbekGryptsjerkUleboerdRae Lil BlackNoemilkSilyKleanInes RidereVanessa SkyFaasjeNasjonale feestdeiRôze leppelbekAdina JewelCarmen HayesEkonomyFrysk Ynternasjonaal KontaktProvinsjes fan NederlânLuma CariocaUnbemanne fleanmasineJoyce Oliveira24 aprilFellatioAnno GalamaKatedraal fan NapelsAldfryskMegan SalinasRocco SiffrediBlau2004LesotoAdolf HitlerServjeWestland WyvernKarma RosenbergSûpengrottenbrijAldskouKatedraal fan NotoMuzyksjenreWilhelmusAteneHantsjemierNeakenfotografy18632020Twadde WrâldkriichLytse leppelbek1990Fryske FrijheidIrakSasha BeartShae Summers1925FjoerTiffany Towers (pornografysk aktrise)Pet (holdeksel)ISO 3166Jayden LeeEnsyklopedyCherokee d'AssZaya CassidyDe DoelleazenMahabharata🡆 More