Maratonriden is in foarm fan groepstart reedriden, oer grutte ôfstân, riden yn omgongen op keunstiis, of yn omgongen of tochten op natueriis.
It maratonriden yn Nederlân is yn de fyftiger jierren fan de 20e iuw fuortkaam út de losse lange-ôfstân reedrydtochten, doe't dêr it omgongriden bykaam. Twa desennia letter waard, nei in tal fan waarme winters, foar it omgongriden it keunstiis populêr. Dêrmei ûntstie it organisearre maratonriden.
Yn de winter fan 1971-1972 waard it earste kampioenskip hâlden. Al gau waard de sport akseptearre troch it KNSB; der waarden jildsjitters fûn, en der kaam in klassemint foar de binnendoarwedstriden. Fierder kaam der fan 1973 ôf in Alternative Alvestêdetocht. Sa ûntstie in rige fan lange wedstryden mei in grutte mar fêste groep reedriders, mei belangen dy't langer golden as ien wedstriid. As gefolch dêrfan ûntstienen reedrydploegen, en waard ploegespul part fan de wedstriden, lykas dat ek by it hurdfytsen bart.
De fêste wedstriden binne no:
Bij genôch natueriis ek:
Oant no ta is it maratonriden gjin ynternasjonale sport. Yn 1997-1998 hat der in Jeropeeske kompetysje maratonriden west, mar dat is net fierder gongen. Utsein wat dielnimmers oan de Alternatyve Alvestêdetochten út de lannen dêr't dy holden wurde, is der net in soad belangstelling út oare landen as Nederlân.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Maratonriden, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.