Akteur Leonard George

Leonard George (folút: Leonard Henry George; ek wol: Chief Leonard George neamd, Ingelsk foar opperhaad Leonard George; North Vancouver, 18 augustus 1946 – yn Britsk-Kolumbia, 6 desimber 2017) wie in Kanadeesk akteur fan etnysk Yndiaanske komôf.

Hy wie de soan fan 'e bekendere akteur Dan George. Syn bekendste rollen hie Leonard George yn 'e films Little Big Man, Smoke Signals en Kevin of the North.

Leonard George (akteur)
Akteur Leonard George akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Leonard Henry George
nasjonaliteit Akteur Leonard George Kanadeesk
berne 18 augustus 1946
berteplak North Vancouver
   (Britsk-Kolumbia)
stoarn 6 desimber 2017
stjerplak ûnbekend (Britsk-Kolumbia)
etnisiteit Akteur Leonard George Tsleil-Wautût
jierren aktyf 19702017
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre

Komôf

Leonard George waard yn 1946 berne yn it Burrard Inlet Reservaat 3, yn it distrikt North Vancouver (net te betiizjen mei de stêd mei deselde namme), fuort benoarden Vancouver yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia. Hy wie in etnyske Tsleil-Wautût en in lid fan 'e Tsleil-Wautût Naasje, dêr't syn heit Dan George fan 1951 oant 1963 it opperhaad fan wie.

Karriêre

As akteur makke Leonard George syn debút yn 'e Amerikaanske westernfilm Little Big Man, út 1970, dêr't syn heit ek yn spile. Hy fertolke dêryn de rol fan in Kriesk ferkenner foar it Amerikaanske Leger. Neitiid tsjinne er in skoft as it opperhaad fan 'e Tsleil-Wautût Naasje, en yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren pakte er it aktearjen wer op mei in gastrol yn in ôflevering fan 'e Amerikaanske aksjesearje MacGyver, yn 1987.

Oare gastrollen hie George yn ôfleverings fan searjes as Stargate SG-1 (1998), The Crow: Stairway to Heaven (1998), Call of the Wild (2000), Peacemakers (2003), en The Chris Isaak Show (2004). Hy spile Leonard Red Crow yn 'e film Man of the House, út 1995. Ien fan syn bekendste rollen hied er yn 1998 yn 'e dramafilm Smoke Signals, as Lester Fallsapart. In oare bekende rol spile er yn 2001 yn 'e film Kevin of the North.

Oare films dêr't George yn te sjen wie, wiene Skins (2002) en The Stickup (2002). Yn 'e tillefyzjesearje Moose TV hied er yn 2007 yn fiif ôfleverings in weromkearende rol as Ernie. Fierders spile er yn 'e tillefyzjefilm DreamKeeper (2003), de dramasearje Northern Town (2006), en de minysearje Klondike, oer de Goudkoarts fan Klondike, wêryn't er de rol in âldere Tlingit-jager fertolke. Ek wurke er mei oan ferskate dokumintêres.

Priveelibben

Leonard George wie troud mei syn frou Susan, mei wa't er fiif bern hie. As in âldste fan 'e Tsleil-Wautût stied er bekend om syn wiisheid, gefoel foar humor en syn krewearjen om 'e kultuer en natuerlike helpboarnen fan syn folk te beskermjen.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Akteur Leonard George Libben en karriêreAkteur Leonard George Keppelings om utensAkteur Leonard George18 augustus194620176 desimberAkteurBritsk-KolumbiaDan George (akteur)Etnyske groepFilmIngelskKanadaKomôfLittle Big Man (film)North Vancouver (distriktgemeente)OpperhaadSmoke Signals (film)SoanYndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

CambridgeTsjoenderij1989Jamie Lee Curtis30 jannewarisChicagoRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1900May Thai271818Jimmy WalesAldenburchThe Wall Street JournalSensual Jane1927Man (sekse)Angelica Raven1195MoskeeJosef StalinAshley OceanSkimmelsThe Number of the Beast (album)SpulRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1904Benito MussoliniTailânTsjechoslowakijeJelle DamWrâldkampioenskip fuotbal 2014SonarBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2004Wrâldkampioenskip fuotbal 1950Berchfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2000TuberkuloazeArmeenjeFietnamoarlochIngelAl Gore1941Skiednis fan DútslânOpnamen (film)WikidataWite TongersdeiMoammar al-KadaffySkriuwerHûntsjeshâldingKunnilingusMontevideoMarksismeAmerikaanske LegerThe Fox and the HoundPornoakteurMyanmar1990Redbad Klijnstra-KomarnickiOsmaanske RykPeaskeAmerikaanske dollar1918Wetterpolo op de Olympyske Simmerspullen 2020Ljouwert (stêd)Megan SalinasJohan FerrierMeksikoWalesSydneyLexxxi LockhartSean LawlessNorwichJoachim Hoppers🡆 More