Jessie J

Jessica Ellen Cornish, artystenamme Jessie J (Londen, 27 maart 1988), is in Britske singer-songwriter.

Sy hat lieten skreaun foar Justin Timberlake, Miley Cyrus, Christina Aguilera en Alicia Keys. Febrewaris 2011 wûn de Critic's choice award op de BRIT Awards 2011. Har debútsingle 'Do it like a dude' waard folge troch 'Price Tag' dêr’t hja tegearre mei rapper B.O.B. oan wurke hat. De single dy’t dêrnei kaam, 'Who you are', hat it ek bêst dien.

Jessie J
Jessie J yn 2008
Jessie J
Jessie J by de útrikking fan de Sony Arards yn 2012

Wurkpaad

Doe’t Jessie alve jier wie waard sy cast foar in rol yn Andrew Lloyd Webber syn West End-produksje fan Wistle down the wind. Mei 16 jier gong sy studearjen oan de BRIT-skoalle (The London School for Performing Arts & Technology) en doe’t hja 17 wie sette sy útein mei in famkesband. Jessie J hat in ûnregelmjittige hertslach sûnt har 11e en krige op har 18e in lytse beroerte.

Jessie har platemaatskippij wie Gut Records. Sy naam dêr in album op, mar foardat it materiaal frijkaam gie it bedriuw fallyt. Dêrnei waard sy súksesfol as lieteskriuwster. Teffens song hja mei op Cyndi Lauper har Bring Ya To The Brink-omgong yn Ingelân (2008). Jessie har karriêre krige faasje doe’t sy lieten skreaun hie foar artysten sa as Rihanna, Justin Timberlake, Alicia Keys, Christina Aguilera en Miley Cyrus. De grutste single dy’t hja skreau wie it nûmer foar Miley Cyrus, 'Party in the USA'.

Yn 2010 makke Jessie J har solo-debút mei de single 'Do It Like a Dude'; har twadde single 'Price Tag' waard in hit.

Jessie har debútalbum, 'Who you are', waard ein febrewaris 2011 yn it Feriene Keninkryk en yn de Feriene Steaten útbrocht. ‘In dream dy’t útkaam’, hat se dêroer sein. Begjin 2011 hat Jessie sein dat hja biseksueel is.

Diskografy

Albums:

  • Who You Are (2011)
  • Alive (2013)
  • Sweet Talker (2014)
  • R.O.S.E. (2018)
  • This Christmas Day (2018)

Prizen

Jier Organisaasje Priis Resultaat
2010 BBC Sound of 2011 Sound of 2011 Wûn
2011 MTV Brand New 2011 Next Big Thing 2e
2011 BRIT Awards 2011 Critic's Choice Wûn

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Jessie J WurkpaadJessie J DiskografyJessie J PrizenJessie J Keppelings om utensJessie J198827 maartChristina AguileraFeriene KeninkrykLonden

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

DifyzjeKeninginne-gemalinne1978MylHagia Sofia (Istanbûl)EalsumTsjaadChina National Space Administration2016IsraelCrista Moore (pornografysk aktrise)KlitorisNazy-Dútslân17Armeenske kalinderDútslânGlasgowKees van KootenSineeske kalinder19e iuwOYndiaaske kalinderEvenhoevigenNobelpriis foar de LiteratuerLittenseradielSekshâldingNederlân18091994KunnilingusIvan IV fan RuslânAbby Lee BrazilErebiaMegan VaughnMaitiid315e iuwKleurGeslachtsidentiteit20e iuw1928Stynske weetMoriah MillsOktaaf2e iuwWolgaHynder1 oktoberPornoaktrise1982Michelle SambaAchillesNoardgermaanske talen7 maartPresidintLofthaven Frankfurt am MainLil BabyRegio's fan Frankryk1926SkriftList fan lannen en territoariaWâldGross-out1939Stripper1GrêfI24 maartGeslachtsmienskipNammeHalona Vog🡆 More