Keninginne-Gemalinne

In keninginne-gemalinne (mt.: keninginnen-gemalinne) is de aadlike titel dy't taparte wurdt oan 'e frou fan in regearjend kening.

Oarsom wurdt de man fan in regearjend keninginne ornaris in prins-gemaal neamd. Yn 'e regel wurdt de tafoeging 'gemalinne' lykwols weilitten en sprekt men simpelwei fan 'keninginne', behalven as men it ferskil oantsjutte wol tusken in keninginne-gemalinne (dy't inkeld keninginne is fanwegen har houlik mei in kening) en in regearjend keninginne (dy't út eigen namme keninginne is).

Begjin 2017 wiene der yn 'e wrâld njoggen keninginnen-gemalinne fan ûnôfhinklike lannen (nammentlik fan Belgje, Bûtan, Jordaanje, Lesoto, Nederlân, Noarwegen, Spanje, Sweden en Tonga). De Nederlânske keninginne-gemalinne wie Máxima Zorreguieta, de frou fan kening Willem-Alexander.

Dêrnjonken wurdt de oarehelte fan 'e sultan fan Brûnei oantsjut as de raja isteri, wat ekwivalint is mei in keninginne-gemalinne. Men kin fierders de term 'gemalinne', in formele oantsjutting foar in froulike houlikspartner, ek taheakje oan oare titels: keizerinne-gemalinne (lykas de frou fan 'e keizer fan Japan), gruthartoginne-gemalinne (lykas de frou fan 'e gruthartoch fan Lúksemboarch), foarstinne-gemalinne (lykas de frou fan 'e foarst fan Lychtenstein), prinsesse-gemalinne (lykas de frou fan 'e prins fan Monako), ensfh.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Aadlike titelHoulikKeningKeninginneMeartalOareheltePrins-gemaalRegearSuo jure

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Katedraal fan UdineAteneMarcel Hirscher2004Domtsjerke fan GrossetoMiamiVanda VitusKeiran LeeHantsjemierJ.R. CarringtonSilyVanessa SkyKatedraal fan NotoBo SinnDelotta BrownFryske FrijheidTriem (ynformatika)Sporthal1863Maya BijouPresidint fan de Feriene SteatenKleur30 jannewarisJade JantzenRoplettersSyprusMahina Zaltana1992FryskDomtsjerke fan Parma1933Frysktalige WikipedyBlau1932Heather LeeAngelina JolieInterstellar (film)BasketbalCountry Music Association AwardJeropaFrysk Ynternasjonaal KontaktAnouk WipprechtPornografySeksuele yntimidaasjeMaksiminus TraksProvinsjes fan NederlânLuma CariocaGielJasmine AlohaSeimunds pappegaaidoGrammy AwardZaya CassidyShalina Devine22 aprilCarles PuigdemontBluesMuzyksjenreJean-Yves LecastelMoskouPet (holdeksel)MediaWikiPeter BoszFrankrykWikipedy1896Skiednis fan Fryslân1925MaltaErflikheidslearWhitney TaylorMûs (kompjûter)🡆 More