Gruthartoch

Gruthartoch is in aadlike titel dy't leger fan stân is as kening, mar heger as hartoch of (soeverein) prins en likernôch fan gelikense hichte as aartshartoch en grutfoarst.

In froulike gruthartoch of de frou fan in gruthartoch is in gruthartoginne. It gebiet dêr't in gruthartoch oer hearsket, is in gruthartochom. Saakkundigen binne fan betinken dat de titel 'gruthartoch' yn it Hillige Roomske Ryk ûntstien is, dêr't men nammentlik mei de term Großherzog ferwiisde nei de grutfoarsten fan 'e Midsiuwske Russyske stêdsteaten.

Gruthartoch
Hindrik fan Lúksemboarch is no wrâlds iennichste regearjende gruthartoch.

Tsjintwurdich is de iennichst oerbleaune regearjende gruthartoch de hearsker fan Lúksemboarch, dat as in gruthartochdom bestiet sûnt 1815. Fanwegen it feit dat it no it iennichste yn syn soarte is, wurdt Lúksemboarch ek wol koartwei "it gruthartochdom" neamd. De oansprektitel foar de gruthartoch fan Lúksemboarch is, krekt as by in kening: "Jins Keninklike Majesteit", en yn 'e trêde persoan inkeltal: "Syn Keninklike Majesteit".

Foarhinne bestiene der mear gebieten mei in gruthartoch oan it haad, benammen yn Dútslân:

  • it Gruthartochdom Aldenburch (1829-1918)
  • it Gruthartochdom Baden (1806-1918)
  • it Gruthartochdom Berch (1806-1813)
  • it Gruthartochdom Hessen (1806-1918)
  • it Gruthartochdom Frankfort (1810-1813)
  • it Gruthartochdom Fulda (1815-1866)
  • it Gruthartochdom Meklenburch-Schwerin (1815-1918)
  • it Gruthartochdom Meklenburch-Strelitz (1815-1918)
  • it Gruthartochdom Poasen (1815-1918) (ûnderdiel fan it Keninkryk Prusen)
  • it Gruthartochdom Saksen-Weimar-Eisenach (1815-1918)
  • it Gruthartochdom fan de Underryn (1815-1918) (ûnderdiel fan it Keninkryk Prusen)
  • it Gruthartochdom Würzburg (1806-1814)

Bûten de Dútske gebieten kamen gebieten mei in gruthartoch oan it bewâld mar in bytsje foar:

Fierders wurdt de titel 'gruthartoch' ek wol brûkt foar de net-regearjende leden fan it Hûs Romanov, fan 'e tsaren fan Ruslân. Harren titel wurdt lykwols ek wol oerset as 'aartshartoch'.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Aadlike titelAartshartochFroulikHartochHillige Roomske RykKeningMidsiuwskOareheltePrinsRuslânSoevereinStêdsteat

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Bolstjurrich StraatfestivalNoardfryskPaleis HolyroodhouseOlst-WijheOekraynskT-sekshâldingYouTubeTatarstanToanielstikWeenske oesterAustraalje (lân)Trekker trekMilaanArjen TerpstraSekshâldingBibelLeppeltsje-leppeltsjeNeakenensRijssen-HoltenGnostisismeYiming CuriosityLingtemjitteList fan planetoïden 49901-5000015 aprilFrankrykTatoeaazje1925Horatio NelsonDirck CamphuysenBalkbrugLexi DiamondGaya PatalAlpenmarmotTyneOlstArgentynjeFamylje (taksonomy)Ivy SherwoodGrykske mytologyGeorge I fan Grut-BrittanjeKristina SchwartzStasjon MariënbergDútskPornografyJezabel VessirVeronica BrazilWillem III fan Oranje-NassauDútslân15 desimberJohnny CashCowgirlhâldingTver1675GeldermalsenSkiednis fan FryslânYnternetRaffarinadePornografyske filmBarbara DollMarcel HirscherVanessa PrideJosy BlackUrkNicole BexleyYnsekten🡆 More