1810: Jier

Iuwen: 14e 15e 16e 17e 18e 19e iuw 20e 21e 22e 23e 24e
Jierren: 1805 1806 1807 1808 1809 1810 1811 1812 1813 1814 1815

1810: Foarfallen, Berne, Ferstoarn Kalinders
Gregoriaanske kalinder
 1810: Foarfallen, Berne, Ferstoarn
1810 MDCCCX
Ab urbe condita 2563
Armeenske kalinder 1259

ԹՎ ՌՄԾԹ

Etiopyske kalinder 1802 – 1803
Hebriuwske kalinder 5570 – 5571
Hindoekalinders
- Vikram Samvat 1865 – 1866
- Shaka Samvat 1732 – 1733
- Kali Yuga 4911 – 4912
Iraanske kalinder 1188 – 1189
Islamityske kalinder 1225 – 1225
Juliaanske kalinder
 1810: Foarfallen, Berne, Ferstoarn
Gregoriaansk
min 12 dgn.
Sineeske kalinder 4506 – 4507

丙巳 – 丁午

1810 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1810.)

Foarfallen

    jannewaris
  • 14 - Ferdrach yn Parys tusken Frankryk en it keninkryk Westfalen. It eardere karfoarstendom Hannover wurdt benei folslein oan Westfalen taheakke.
    febrewaris
  • 16 - Ferdrach yn Parys tusken Frankryk en de foarst-primaat. It eardere prinsbisdom Regensburg wurdt oan Frankryk ôfstien. Frankryk stiet it meastepart fan it greefskip Hanau en it eardere prinsbisdom Fulda ôf. De kriten fan de foarst-primaat wurde ferienige yn it gruthartochdom Frankfurt. Jin hawwe Eugène de Beauharnais op it each as opfolger fan de foarst-primaat.
  • 20 - De Tiroolske opstannelinge-oanfierder Andreas Hofer wurdt troch in Frânske kriichsrie ta de dea feroardiele en eksekutearre.
  • 28 - Ferdrach yn Parys tusken Frankryk en it keninkryk Beieren. It Italjaansk pratend part fan Tirol wurdt troch Beieren oan Frankryk ôfstien. Beieren krijt Salzburg, de proasdij Berchtesgaden, it foarstendom Regensburg en it foarstendom Bayreuth tasein.
    maaie
  • 9 - It vorstendom Regensburg wurdt troch de foarst-primaat oerdroegen oan Frankryk.
  • 11 - Ferdrach tusken Frankryk en Hessen-Darmstadt. Part fan it greefskip Hanau wurdt oan Hessen-Darmstadt oerdroegen.
  • 15 - Fulda en Hanau wurde oerdien oan it gruthartochdom Frankfurt.
  • 18 - Ferdrach yn Parys tusken de keninkriken Beieren en Württemberg, grinsferoarings wurde regele.
  • 22 - It foarstendom Regensburg wurdt troch Frankryk oerdroegen oan it keninkryk Beieren.
  • 25 - Ynwenners fan Buenos Aires ferdriuwe de Spaanske ûnderkening.
  • 26 - Ferdrach yn Parys tusken it keninkryk Beieren en it gruthartochdom Würzburg, grinsferoarings wurde fêstlein.
    juny
  • 7 - Yn Bolzano wurdt de grutte fêststeld fan it Italjaansk pratend part fan Tirol dat troch it keninkryk Beieren oan Frankryk ôfstien wurde moat.
  • 23 - Beiers patint oer it ôfstean fan in part fan Tirol.
  • 29 - Frankryk draacht it Bayreuth oer oan it keninkryk Beieren.
    july
  • 3 - Loadwyk Napoleon Bonaparte ferlit, beselskippe fan generaal Travers en admiraal Treslong syn Hollânske keninkryk.
  • 9 - It Keninkryk Hollân wurdt troch Napoleon by dekreet anneksearre. Dat betsjut dat ek Nederlânske jonges no ûnder de Frânske tsjinstplicht falle. Tagelyk wurdt ek de tiërcering ôfkundige. Dat hie te betsjutten dat noch mar in tredde fan de rinte oer de steatsskuld betelle waard.
  • 20 - Kolombia wurdt ûnôfhinklik.
    septimber
  • 8 Ferdrach yn Parys tusken de gruthartochdommen Baden en Hessen-Darmstadt, grinsferoarings wurde regele.
  • 12 - Oerdracht troch Frankryk oan it keninkryk Beieren fan Salzburg, de proasdij Berchtesgaden en it Innviertel
  • 16 - Grito de Dolores: Miguel Hidalgo ropt op ta ûnôfhinklikens foar Meksiko.
  • 18 - Sily wurdt ûnôfhinklik.
    oktober
  • 2 - Ferdrach yn Parys tusken it keninkryk Württemberg en it gruthartochdom Baden, dêr't grinsferoaringen yn regele wurde. Baden krijt û.o. it lângreefskip Nellenburg.
  • 17 - Mei it houlik fan kroanprins Loadewyk I fan Beieren ûntstiet de tradysje fan de Oktoberfeesten yn München.
    desimber
  • 13 - Senaatsbeslút oer de ynliving fan Hollân, de Hânzestêden, Lauenburg en krite yn noardwest Dútslân. It giet om it keninkryk Hollân, mei East-Fryslân, de hearlikheden Jever, Kniphausen en Varel, dêr't 9 july al in dekreet oer ôfkundige wie. Fan it gruthartochdom Berg it eardere hartochdom Kleef, in part fan it eardere prinsbisdom Münster, it greefskip Tecklenburg en it greefskip Lingen. It foarstendom Salm mei de rykshearlikheid Gemen. Fan it hartochdom Arenberg de amten Meppen en Dülmen. It hartochdom Oldenburg. Fan it keninkryk Westfalen it eardere prinsbisdom Osnabrück, de helte fan it foarstendom Minden, it greefskip Hoya, it greefskip Diepholz, it hartochdom Bremen, it foarstendom Verden, in part fan Brunswyk-Lüneburg en it eardere greefskip Schaumburg. Fierders it hartochdom Lauenburg en de Hânzestêden Bremen, Hamburch en Lübeck.
  • 22 - De HMS Minotaur rint op in sânbank ûnder Teksel en fergiet, 570 deaden.
    gjin datum
  • Yusuf Qaramanli fan Tripolitanië hâldt in fjildtocht nei Ghadames om kontrôle te krijen op de slavehannel fan de Tûareg.
  • Hendrik Doeff, de Nederlânske direkteur fan Dejima wegeret om de koloanje oan de Ingelsken oer te jaan.
  • De Prusyske generaal Ernst von Pfuel stichtet yn Praach de earste militêre swimskoalle yn de wrâld.
  • As ienich goa komt Fryslân werom op de kaart en kriget fannijs de eigen namme, mar wol yn it Frânsk: "Departement de Frise".
  • Arizona wurdt ûnderdiel fan Meksiko.

Berne

    datum ûnbekend

Ferstoarn

Jierren: 1805 1806 1807 1808 1809 1810 1811 1812 1813 1814 1815
Iuwen: 14e 15e 16e 17e 18e 19e iuw 20e 21e 22e 23e 24e

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1810 Foarfallen1810 Berne1810 Ferstoarn1810

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PearsAnale seksGrut-Brittanje19251863GrinslânEtruskenGryptsjerkMisjonarishâldingJade JantzenLesotoBilly GlideOflûken (seksualiteit)1933NasjonaalsosjalismeBluesHollânAmerican Music AwardKira EggersMahabharataMuzykKultuerSeksuele penetraasje12 oktoberSkiednis fan FryslânAle S. van ZandbergenWhitney TaylorEl NiñoPakistan1901Adina JewelBo SinnBoylAteneLatynTyneDavid GilmourWebsteeTriem (ynformatika)PornoaktriseTurkskSophie HilbrandMaltaNoemilkTsjaadSûkerbôleBlau6 novimberLeppeltsje-leppeltsjeGrypskerk1896Nashville (Tennessee)30 jannewarisAubrey KateWylpreagerfûgelsShalina DevineCowgirlhâldingSasha BeartHaaien69 (sekshâlding)BaskyskHelpEkonomy5 jannewarisErika Bella1990-er jierrenPeter BoszVina SkyNeakenfotografyBethany Benz🡆 More