Ealsum: Doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân

Ealsum (Nederlânsk en offisjeel: Aalsum) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Ealsum leit noardlik fan Dokkum, westlik fan Wetsens en besuden Hantumerútbuorren. De doarpskearn fan it doarp leit oan de Mockamawei, de âlde ringwei fan de terp fan Ealsum.

Ealsum
Ealsum: Skiednis, Mienskip, Strjitten
Emblemen
Ealsum: Skiednis, Mienskip, Strjitten               Ealsum: Skiednis, Mienskip, Strjitten
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Ealsum: Skiednis, Mienskip, Strjitten Fryslân
Gemeente Ealsum: Skiednis, Mienskip, Strjitten Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 120 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 4,39 km², wêrfan:
- lân: 4,34 km²
- wetter: 0,05 km²
Befolkingsticht. 30 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' N 6° 00' E
Offisjele webside
Oer Ealsum
Kaart
Ealsum (Fryslân)
Ealsum

De buorskippen Tiltsjebuorren, Swarte Mosk en Sibrandahûs (gruttendiels) hearre ek by Ealsum.

Ealsum hat 120 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Skiednis

Ealsum komt as Atlesheim foar yn de Fuldalist fan 945.

Dokkum en Ealsum

Ealsum hat in aardich grutte himrik, mar dy hat yn it ferline noch grutter west. Dokkum hie gjin klokslach en de stedsgrêft wie ek de grins mei Ealsum. Tsjerklik is dat sa bleaun. In tal Dokkumers hearde tsjerklik by Ealsum en oare doarpen. Yn 2005 binne de herfoarme gemeenten fan Dokkum en Ealsum/Wetsens ien wurden. Dêr is it nedige oer praat. De Ealsumers hienen gjin nocht om troch in efterdoar Dokkumers te wurden.

Dokkum hie sels net in stasjon fan de Noord Friesche Lokale Spoorweg. Om't it stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Eanjum bûten de stêd lei, stie it Dokkumer Lokaaltsje yn Ealsum. Ek de doetiidske kristlike kweekskoalle stie op Ealsumer grûn. Troch de útwreiding fan Dokkum moasten der om de safolle tiid grinskorreksjes komme. In grinskorreksje joech faak spul tusken Dokkum en East-Dongeradiel. Der is sels in grinskorreksje net hielendal trochgien, om't de boargemaster fan East-Dongeradiel dan yn Dokkum kaam te wenjen.

De Tsjerke

Ealsum hat in romaanske tsjerke út omtrint 1200. De tsjerke wie foar de reformaasje wijd oan Katarina. Yn 1843 is de toer ôfbrutsen en it klokhûs op de nije westgevel set.

Yn it houten tuorke hinget in klok út 1440. Dy is getten troch Jan Butendiic (sjoch Steven Butendiic). Op de klok steane reliëfs fan de hillige Katarina, dy't ornaris ôfbylde wurdt mei in rêd en dy't ek it rêd yn it doarpswapen fan Ealsum ferklearret. .

De terp

Ealsum: Skiednis, Mienskip, Strjitten 
Ofgraving terp Ealsum om 1884

De terp is om 1880 hinne foar it grutste part ôfgroeven. Der binne doe wichtige archeologyske fynsten út de 7e iuw dien, dy't ek yn it bûtenlân omtinken krigen. De tsjerke stiet op in restant fan de terp, dy't in hichte fan 5,3 meter hat.

Twadde Wrâldoarloch

Yn de Twadde Wrâldoarloch wiene der sûnt de hjerst fan 1944 wapendroppings yn it fjild benoarden Ealsum by Tiltsjebuorren. Op 5 maaie 1965 is der in tichtby lizzende pleats nei ferneamd, 'Droppinghiem'. Net fier fan it âlde droppingsplak stiet it oarlochsmonumint 'Droppinghiem'.

De mûne

Ealsum: Skiednis, Mienskip, Strjitten 
Houtseachmole Eben Haëzer

Oan de Ealsumer Feart stie sûnt sawat 1750 de houtseachmûne 'Eben Haëzer'. Yn de Earste Wrâldoarloch hat der ek noch in mokselpelderij yn sitten. Yn 1927 is de mûne sloopt.

De States

Mockema State

Mockema state stie besuden de doarpsterp oan de Mockemawei.

De earste kear dat Mockema State neamd waard wie yn 1492, doe't skreaun waard dat Mockema State fernield wie troch minsken út de stêd Grins. It gebou bleau wol stean en waard yn 1611 ferkocht. Yn 1695 waard de state opnij ferkocht en yn 1811 waard der skreaun dat it stategebou yn pún lei en dat der fan de poarte noch in diel stie.

Fan de state is neat mear te finen en de grûn is ûnbeboud bleaun.

Stinstera State

Tsjin de grins fan de himrik fan Wetsens en eastlik fan de terp fan Sibrandahûs stiet de pleats Stinsterastate. De pleats stiet op in stik grûn mei in grêft der om hinne.

De earste kear dat Stinstrastate neamd waard is yn 1583. De pleats waard doe yn in weesboek omskreaun as in aldfrysk langhûs.

Op it terrein fan de state stiet noch hieltyd in kop-hals-romppleats.

Miedema Sathe

Neist de terp Sibrandahûs stiet in wichtige pleats mei de namme Miedema Sathe. De kop-hals-romppleats hat in hûs dat dwers op de skuorre boud is.

Mienskip

Ealsum: Skiednis, Mienskip, Strjitten 
Tsjerke fan Ealsum
Ealsum: Skiednis, Mienskip, Strjitten 
Kop-hals-romppleats yn Ealsum

Yn Ealsum is in Feriening foar Doarpsbelangen.

Tsjerke

Befolkingsferrin

Jier 1840 1954 1959 1964 1969* 1974 2004
Ynwenners 306 415 378 376 178 152 162
Jier 2013 2015 2020
Ynwenners 127 130 120

(* nei grinswiziging mei ûnder oaren Dokkum)
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Berne

Strjitten

  • Dokkumerwei - wei nei Dokkum
  • Droppingwei - Dropping fan wapens yn de Twadde Wrâldoarloch
  • Hantumerwei - wei nei it doarp Hantum
  • Tsjaerd Mockemawei - Tsjaard Mockema
  • Stinstrawei - Stinstrastate
  • Sybrandawei - rjochting Sibrandahûs (Dongeradiel). Waard eartiids Aldewei neamd as ûnderskied mei de Dokkumerwei. Ek de namme Sandwech waard oantsjutten op âlde kaarten. Neffens in beskriuwing fan S.E. Wendelaar Bonga yn de útjefte fan 1942 oer Ealsum âld en nij, soe dy ek jilde moatte foar de hjoeddeiske Sybrandawei.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De tsjerke
  • Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/De Dongeradelen. De Monumenten van Geschiedenis en Kunst, 1983. Aalzum

Ealsum: Skiednis, Mienskip, Strjitten 
Noardeast-Fryslân
Ealsum: Skiednis, Mienskip, Strjitten 
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
wizigje

Tags:

Ealsum SkiednisEalsum MienskipEalsum StrjittenEalsum Sjoch ekEalsumDoarpDokkumHantumerútbuorrenNederlânskNoardeast-FryslânTerpWetsens

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KoalstofBiskopLeppeltsje-leppeltsjeTrienke ElshofGlânsibisPornoakteurPyreneeske wrotmûsBolstjurrich Straatfestival69 (sekshâlding)HeipealhâldingJ. MacRosa CaraccioloNammeKatedraal fan de Hillige Jehannes de Doper (Turyn)AlpenmarmotISBNFrankrykJureka del MarKryptogramWiegels WjukkelmasineReesttsjerke (Balkbrêge)Jeropeeske Ekonomyske RomteKo-katedraal Sint-Bartoloméus (Lipari)ISO 3166-1MarrumKanielkoppappegaaido15 desimberSkilderkeunstTechnologyStammeJohannes VermeerJohan DerksenFryslânAldfryskGregoriaanske kalinderMoriah MillsFilmmusicalArwen GoldSpoar fan Mariënberg nei AlmeloMediaWikiGesinSkotskJosy BlackWrâldkampioenskip fuotbal 2006DraaioargelTatoeaazjeList fan ferdivedaasjeparken yn NederlânIngelânGalaktysk KeizerrykSaturnusNoetseleNôtmûsNijverdalHarley RaineVroomshoopDanyel CheeksHavenLisa AnnFellatioFroulike ejakulaasjeSeksuele opwiningWendy Whoppers31 maartVeronica BrazilMelissa LaurenGeorgysk1632NoardseeEastenrykMiss Montreal (band)🡆 More