De Earste Wrâldkriich (1914 - 1918) wie in kriich om it machtlykwicht yn hiel Jeropa.
Sa'n 9 miljoen soldaten sneuvelen yn de striid en nochris 23 miljoen waarden ferwûne, wylst 5 miljoen boargers stoaren as gefolch fan militêre aksjes, honger en sykte. Miljoenen oaren stoaren as gefolch fan genoside, wylst de Spaanske gryppandemy fan 1918 slimmer waard troch de ferpleatsing fan militêren yn de oarloch.
Earste Wrâldkriich | |
---|---|
| |
| |
Datum | 1914-1918 |
Stee | Wrâldwiid |
Oanliedings |
|
Machtsferhâldings | |
Wichtichste Alliearden | Britske Ryk Frankryk Itaalje (1915–18) Russyske Ryk (1914–17) Feriene Steaten (1917–18) |
Militêre Slachtoffers: 5 miljoen | |
Sintralen | Bulgarije (1915–18) Dútske Keizerryk Eastenryk-Hongarije Ottomaanske Ryk |
Militêre Slachtoffers: 4-9 miljoen | |
Gefolgen |
|
De Earste Wrâldkriich waard útfochten op de fronten:
It bekendste en wichtichste front rint fan de Belgyske dunen yn Nieuwpoort en De Panne oant de Frânsk-Switserske grins yn Bazel. De kuststreek waard ferdigene oan Belgyske side, fan Nieuwpoort fierder nei it suden by De Panne lâns oan de Frânske kusten ta. Oan Dútske side, fan Nieuwpoort nei it noarden oant Seelân en de Nederlânske grins ta. De Nederlânske grins wie fjider folslein ôfsletten mei ûnder stroom setten stikeltried oant yn de omkriten fan Venlo. Nederlân wie yn de oarloch neutraal en ûnbeset.
Belangrike kenmerken fan dizze oarloch wienen:
Dêrby makke de ûnfrede ûnder de Dútsers oer de ôfrin fan de oarloch (twongen herstelbetellings en slimme beheining fan de legermacht) de aspiraasjes fan Adolf Hitler en syn nazipartij, wat úteinlik mei de oanlieding wie ta de Twadde Wrâldkriich.
De casus belli foar de oarloch wie de moard op Frans Ferdinand, troanopfolger fan Eastenryk-Hongarije, en syn frou Sophie Chotek yn Sarajevo troch de Servyske nasjonalist Gavrilo Princip. De wiere oarsaken leinen lykwols djipper.
Yn it begjin fan de 20e iuw bestie yn Jeropa in wankel machtslykwicht dat troch in oantal foarfallen ûndermine waard:
It Ottomaanske Ryk keas yn de earste wrâldkriich de kant van Dútslân, Eastenryk-Hongarije en Itaalje yn de Triple alliânsje. Dit wie foar it Ottomaanske ryk in fatale kar. De Britten seagen fan it begjin ôf al it Ottomaanske ryk as de swakke keat fan de alliânsje. Yn 1915 besochten de Ingelsken om’e nocht in direkte oanfal op it Ottomaanske Ryk te dwaan. Omdat dy mislearre wie, besochten de Ingelsken op in soad oare manieren de Turken út de oarloch te stjitten. Ien fan dy manieren wie it opstoken fan in revolúsje yn it Ottomaanske ryk. Hjirfoar waard it Arabysk nasjonalisme ekstra oanwakkere. De Arabieren libben nammentlik ûngefear 400 jier sûnder problemen ûnder Ottomaanske ûnderdrukking, oant de jonge Turken dy’t oan’e macht kommen wienen it iuwenâlde rezjym oanpasse woene oan de Turkske noarmen en wearden. De Britten fûnen hjiryn in bûnsgenoat yn Sharif Hussein Ibn Ali, de sharif fan Mekka. In soad tige leauwige moslims leauwe dat hy de wiere erfgenamt fan de profeet Mohammed is. Dit late ta in Arabyske opstân tsjin de Ottomaanske hearskippij, mei as gefolch de Arabyske ûnôfhinklikheid.
Doe’t it Ottomaanske ryk fallen wie, fielden de Arabieren harren ferret, dûbeld ferret. Net allinnich hienen de Ingelsken it Sykes Picot ferdrach ôfsluten. Hjiryn hienen Frankryk en Ingelân ôfsprutsen it Midden-Easten ûnder Britsk-Frânsk mandaat te stellen. Boppedat hienen de Britten it sionisme oanpuonne troch yn de Balfour-declaration de joaden in eigen steat te beloovjen yn it hjoeddeiske Palestina. Eartiids wie dit lân it hillige Israel foar de Joaden. Yn dy tiid waard it lân troch in soad Arabieren bewenne. De Arabieren rôpen in ûnôfhinklike steat út yn Damaskus. De Arabieren koenen lykwols net lang tsjin de sterkere Jeropeanen stânhâlde. De Britten en Frânsken namen dus op dit momint de kontrole oer it Midden Easten oer en fierden in weryndieling troch dy’t harren it bêste útkaam.
Syrje waard dus ûnder direkt Frânsk mandaat steld. De kristlike dielen fan Syrje, dy’t oan de kust leinen, waarden ôfsplitst, en waarden omdoopt ta de steat Libanon. Irak en Palestina waarden dus ûnder Ingelsk mandaat steld. Irak krige in nije kening, nammentlik, de soan fan Sharif Hussein, Faisal. Palestina waard yn twaen dield. De eastkant waard omdoopt ta Transjordaanje, hjir kaam ek in soan fan Sharif Hussein oan de macht, Abdullah. De Westkant waard ûnder direkt Britsk gesach steld. Dit lân wie it beloofde lân foar de Joaden, sadat se einliks in eigen steat stiftsje koenen. Troch in hantlanger fan de Britten, Ibn Saoed, waard ek in nije steat oprjochte, nammentlik it keninkryk Saoedy-Araabje.
Tagelyk hie de fal fan it Ottomaanske ryk derfoar soarge dat Kemal Atatürk stikje by bytsje mear ynfloed krige. Hy sette in programma fan modernisaasje en sekularisaasje op. Hy die ôfstân fan it Kalifaat, en hy wie foar de emansipaasje fan de frou. Hy besocht der ek foar te soargjen dat de minsken harren mear westersk klaaien gienen. Hy fûn it trouwens ek belangryk dat der mear Turksk praten waard ynstee fan Arabysk. Neidat it Ottomaanske ryk fallen wie, bleau Turkije derop trochhammerjen in diel fan Jeropa te wêzen, en dat it dêrtroch dus ôfstân dien hie om in diel fan it Midden-Easten te wêzen.
In oar kearpunt yn de skiednis fan it Midden-Easten is de ûntdekking fan oalje yn Perzië, Saûdy-Araabje, Lybje en Algerije. It kaam derop del dat der yn it Midden-Easten de grutste foarrie maklik tagonklike rûge oalje lei, wat yn de 20e iuw de wichtichste grûnstof wie foar de yndustry. Hoewol’t it westen hast alle oalje eksportearje liet foar de opkommende auto-yndustry, en oare yndustriële ûntwikkelingen. Hjirtroch waarden de Arabyske keningen en emiraten ferskuorrende ryk. Dit soarge derfoar dat, at se oan’e macht bliuwe woenen, se der belang by hienen de westerske hegemony te behâlden.
Yn de jierren ’20 en ’30 wienen Egypte, Irak en Syrje op wei nei ûnôfhinklikens. Hoewol’t Ingelân en Frankryk se net offisjeel ûnôfhinklik ferklearre hie, waard dit harren wol twongen nei de twadde wrâldkriich. Yn Palestina soargen de konflikten tusken Arabysk nasjonalisme en Sionisme foar in sitewaasje dy’t de Ingelsken net ferhelpe koenen en ek koenen se haren hannen der net fan ôflûke. Ek de opkomst fan Adolf Hitler yn Dútslân soarge derfoar dat party Joaden stribben nei it hawwen fan in eigen steat yn Palestina. Dit soarge foar in soad alteraasje yn de Arabyske hoeke.
"Es ist nichts, es ist nichts" wienen de wurden fan Frans Ferdinand neidat hy delsketten wie. De prins fan Eastenryk-Hongarije hie wolris flaters makke mar hie selden slimmer de planke misslein doe’t hy dizze wurden bliedend en stjerrend yn syn auto útspruts.
De publike opynje yn Jeropa keas de kant fan Wenen. Sels de Russen lutsen harren hannen walgjend fan de Servjers ôf, dy’t nei de grouwélige keniningsmoard op de Servyske kening Alexander en keninginne Draga yn 1903 al in minne namme hienen. De oanslach like yn earste ynstânsje mei in sisser ôf te rinnen, Eastenryk like net te reagearjen. De saak waard ôfdien as in ynsidint feroarsake troch in pear jonge hjithollen.
Yn Wenen waard lykwols gniisd: libben wie de prins foar it hof in lestpost west, mar syn dea soe in ideaal ekskús wêze om Servje oan te pakken. Nei him fan Dútske stipe fersekere te hawwen (de blanko cheque) stelde Eastenryk op 23 july 1914 (hast in moanne nei de moard) in ultimatum (it July-Ultimatum) oan Servje. It ultimatum easke koartwei dat de saak oant de boaiem ta útsocht wurde moast. Hjirfoar moast Servje him in djipgeande ynbrek op de soevereiniteit oer syn kant gean litte, ûnder mear troch it tallitten fan Eastenrykske plysjebeämten. Servje stimde mei alle easken yn, op ien nei, wêrnei’t Eastenryk de saak op skerp sette en mei oarloch drige.
Yn 1914 waard de sitewaasje yn Jeropa hieltyd slimmer. Benammen nei de moard troch in Servjer op de Eastenrykske aartshartoch Frans Ferdinand op 28 juny stjoerde Jeropa op oarloch oan. In web fan ferdraggen en belangen makke dat at ien fan de grutmachten oanfalle soe, dat dan de oare grutmachten ek yn 'e oarloch komme soe.
Op 30 juny mobilisearre Ruslân, beskermer fan Servje. Dútslân stelde, as bûnsmaat fan Eastenryk, in ultimatum om dy mobilisaasje yn te lûken, en mobilisearre dêrnei ek. Frankryk, as bûnsmaat fan Ruslân mobilisearre ek. Dútslân begûn mei it útfieren fan it Von Schlieffenplan en ferklearre Frankryk de oarloch, op 3 augustus. De oarlochsferklearing oan Belgje waard troch Grut-Brittanje as casus belli brûkt, dat ferklearre dat it boarch stie foar de neutraliteit fan Belgje.
Mei dit Sniebaleffekt waard de oarloch dochs beskôge as in oarloch sa'r der mear west hienen. Der wie oannaam dat eltsenien thús wêze soe “as de blêden falle”.
Nei de Dútske ynfal flechten miljoenen Belgen nei Ingelân, Frankryk en Nederlân. It grutste part fan de boargerflechtlingen kaam lykwols foar de ein fan it jier wer nei hûs. Foar Belgen bûten harren heitelân waard wrâldwiid jild ynsammele.
Yn totaal binne by de ferovering fan Belgje mear as 5.000 boargers om hals brocht, wêrûnder froulju en bern. De Dútsers beslisten ta ôfgryslike represailles neidat se, nei eigen sizzen, troch boargers besketten waarden. De Britske propaganda skildere de Dútskers dêrnei ôf as barbaren út it easten. It Britske Ryk hie dêrnei yn it earstoan gjin probleem mei it oanfoljen fan it útinoar sketten beropsleger.
De Dútske legers marsjearren troch Belgje en Noard-Frankryk. De Frânsken fierden ûnderwilens yn de Elzas in oanfal út neffens harren eigen Plan XVII en waarden bloedich ôfslein by de Dútske rinfuorgen.
De siselfoarmige opmars fan de Dútsers troch Belgje en Noard-Frankryk like yn it earstoan aardich neffens plan te ferrinnen. De Dútsers teagen op oan de rivier de Marne ta, dêr’t de Frânsken besochten har op te kearen. De Dútsers berikten in lyts oerwicht, mar de Generale Stêf fûn dat it plan tefolle ôfwikings oprûn en liet it Dútske leger weromlûke op Chemin des Dames. It front woeks troch omlûkende bewegings fan beide partijen nei it westen oant de Noardseekust, de Rees nei de See. Nei oardel moanne leinen de fronten fêst yn in rinfuorgestriid dêr't hja foar hast de hiele oarloch bliuwe soenen.
De grutte slaggen oan it Westfront wienen:
Mar stadichoan kaam it besef dat al dy oanfallen neat úthellen om't de ferdigener altiten it foardiel hie. Dit wie it earst dúdlik foar de lju yn de rinfuorgen. Dat besef late ta twa kear in Krystbestân, yn 1914 en 1915, en yn 1917 ta in oproer yn it Frânske leger, dêr't hiele rezjiminten tagelyk wegeren anfalsoarders út te fieren. Foar it measte part wie de reaksje fan de offisieren om wa wegere dea te sktten, mar by it oproer besleat generaal Pétain mei de soldaten te praten, en dêrnei waard it Frânske leger net mear ynset foar grutte offensiven.
Yn it earstoan wie it relatyf stil oan it eastfront. Letter organisearren de Russen letter mear offensiven om harren westlike bûnsmaten te ferlichtsjen. Fanwegen de ferliezen bruts dêrnei yn Ruslân de revolúsje út. De kommunisten sleaten frede mei Dútslân, wat Dútslân út de tange liet.
Servje waard yn 1915 ynnaam. De alliearden waarden dêrnei fuortjeie, oant hja allinnich noch Korfoe en Thessaloniki yn hannen hienen. Oan de ein fan de kriich waard al it gebit lykwol weromwûn.
Bulgarije oan de kant fan de Sintralen en Itaalje oan de kant fan de Alliearden fochten allinnich mei sa fier hja harren eigen betwiste gebieten ynnimme koenen. Beiden dienen oars net mei oan de striid. Earst yn 1918 waard Eastenryk by Vittorio Veneto ferslein.
Op 5 novimber ferklearren de Turken de alliearden de oarloch. De Turken hienen yn it Heine Easten in front tsjin Grut-Brittanje en yn de Kaukasus in front tsjin Ruslân. De Alliearden koenen de Arabieren oerhelje ta de Arabyske Opstân dy't úteinlik de Turken op dat front ferdreau. Grut-Brittanje besocht ek troepen lanje te litten yn Turkije, mar waarden ferslein yn de Slach om Gallipoli. De Turken fochten mei wikseljend súkses tsjin Ruslân. Nei de Russyske Revolúsje besette it Turkske leger de Kaukasus, mar it moast him yn 1918 dochs oerjaan.
Yn de earste moanne fan de oarloch, augustus 1914, skeaten Frânske soldaten triengas (xylyl bromide) nei de Dútsers en waarden dêrmei dus de earsten dy’t gifgas brûkten. It Dútske leger wie dêr tjsinoer de earste dy’t serieus stúdzje die nei gifgas, en wie it earste dat it yn 1915 op grutte skaal brûkte. De wapens waarden dêrnei oan beide kanten brûkt, en ek nei it brûken fan syktmes as wapens waard oan beide kanten ûndersyk dien.
Dútslân beantwurde de seeblokkade fan de alliearden mei dûkboaten. Yn 1916 waard in skipslach útfochten, de seeslach by Jutlân, dy't de Ingelske fleat ferneatigje moast. It wie in Dútsk sukses, mar net genôch. Dútslân besleat ta ûnbeheinde dûkboatoarloch. Amearika, oant dy tiid yn twa kampen troch ferskaat komôf yn Jeropa, keas foar de Alliearden doe't it Zimmermanntelegram ûnderskept waard, wêrtroch dúdlik waard dat Dútslân Meksiko en Japan oerhelje woe nei Dútske side, om sa Amearika ôf te lieden. De Feriene Steaten heinen in grutte Marine, mar op it lân hie harren oanwêzigens ynearsten hast gjin ynfloed, om't der gjin materieel wie. Mei de tiid woene hja al ona ynfloed.
Yn de simmer van 1918 besleaten Hindenburg en Ludendorff noch ien kear alles op alles te setten. De Dútsers foelen ommers op trije punten oan, by de Marne, de Somme, en by Yper. Der waard al wûn, mar troch de oanwêzigens fan de farske Amearikanen kaam der gjin trochbrek, en waarden de Dútsers yn de hjerst fan 1918 weromdreaun.
Yn de hjerst fan 1918 sleaten Turkije en Bulgarije wapenstilstannen. Eastenryk-Hongarije folge op 3 novimber. Yn Dútslân bruts de opstân út, en de republyk dy't dêr út kaam, kaam in wapenstilstân oerien. De Oarloch waard op 11 novimber beëinige.
De Earste Wrâldkriich hat de kaarten fan Jeropa en de wrâld yngeand troch inoar skodde. De oarloch hie in grut oantal steatkundige, ekonomyske en maatskiplike gefolgen.
De kriich wurdt Earste Wrâldkriich neamd omdat it as de earste oarloch sjoen waard dêr’t lannen "út de hiele wrâld" aktyf of passyf by belutsen wienen. Hoewol’t letter de folle gruttere Twadde Wrâldkriich útbruts, wurdt de Earste Wrâldkriich noch hieltyd ek wol de "Grutte Oarloch" neamd, al waard de namme Earste Wrâldkriich al yn 1920 troch luitenant-kolonel Repington brûkt yn syn boek The First World War 1914-18; hy foarseach al dat de Earste Wrâldkriich in twadde útlokje soe. De namme "Earste Wrâldkriich" is oanfjochtber, omdat de Sânjierrige oarloch yn de 18e iuw al yn Jeropa, Amearika en Aazje útfochten waard.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Earste Wrâldkriich, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.