Ald Terp is in buorskip yn it doarpsgebiet fan Ie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
Ald Terp | ||
Polityk | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Ie | |
Oar | ||
Postkoade | 9131 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 20' N 6° 07' E[1] | |
Offisjele webside | ||
Side fan Ie | ||
Kaart | ||
Ald Terp leit noardeastlik fan Ie, noardwestlik fan Ingwierrum en súdwestlik fan Iesumasyl en bestiet út trije huzen.
Guon tinke dat de terp yn 'e 7e iuw ûntstien is. Tsjin de noardkant fan de terp leit Obbemastate, no in pleats, earder in stins (Obbe betsjut âld). Oerbliuwsels fan it fûnemint binne der noch.
Yn de 16e iuw waard Ald Terp neamd as Older Torp en Alderterp. Yn 1718 en 1850 waard it neamd as Oudterp. Letter yn de 19e iuw ferskynde de stavering Oudeterp.
Ald Terp lei oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn de eardere gemeente East-Dongeradiel. Dêrnei foel it oant 2019 ûnder de gemeente Dongeradiel, wêrnei't dy opgie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Ald Terp, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.