Jan Fontijn

Johannes Henricus Antonius (Jan) Fontijn (Amsterdam, 9 febrewaris 1936) is in Nederlânsk nearlandikus en literatuerwittenskipper.

Wurkpaad

Fontijn wurke lang as universitêr dosint by de fakgroep nearlandistyk fan de Universiteit fan Amsterdam. Teffens wie er literatuerkritikus fan Het Parool en Vrij Nederland.

Fontijn hat benammentlik dwaande west mei de biografy as literêr sjenre; dêr hat er ferskate stúdzjes oer skreaun. Fontijn syn haadwurk is de biografy fan Frederik van Eeden yn twa dielen, ferskynd yn 1990 en 1996. It earste diel Tweespalt wie ek syn dissertaasje byn syn wittenskiplike promoasje oan de Radboud Universiteit Nimwegen. Dêrnjonken wijde er stúdzjes oan Herman Heijermans, Frans Coenen, Carry van Bruggen en Jacob Israël de Haan. Fontijn skreau tal fan opstellen oer 'populêre literatuer', it skoalboek Ik heb al een boek, oer romanûndersyk en essays oer mystyk, muzyk, dekadinsje en literatuer. Njonken dat publisearre er oer literêre streamingen as futurisme, dadaïsme, konstruktivisme en surrealisme. Teffens skreau ek in frijwat autobiografyske roman Biefstuk en benzine, ferskynd yn 2003, dy't him in nominaasje foar de Gerard Walschappriis opsmiet.

Persooanlik

Jan Fontijn is de oarehelte fan de mei de P.C. Hooftpriis bekroande skilderesse en skriuwster Charlotte Mutsaers.

Publikaasjes

  • Zuster en super-ego (1971)
  • Populaire literatuur (1974)
  • Ik heb al een boek (1974), mei Ton Anbeek
  • Carry van Bruggen (1978), mei Diny Schouten
  • Frans Coenen (1981), mei Gideon Lodders
  • Leven in extase : opstellen over mystiek en muziek, literatuur en decadentie rond 1900 (1983)
  • Tweespalt : het leven van Frederik van Eeden tot 1901 (1990)
  • Op bezoek bij J.J. Voskuil (1991)
  • De Nederlandse schrijversbiografie (1992)
  • Aanslag op de letteren (1993)
  • Trots verbrijzeld : het leven van Frederik van Eeden vanaf 1901 (1996)
  • Broeders in bedrog : de biograaf en zijn held (1997)
  • Biefstuk en benzine (2003), roman
  • Kijk naar de vis : autobiografie van een lezer (2003)
  • Louis Couperus en Jean Genet over de Islam en de Palestijnen (2009)
  • Opgebouwd uit hetzelfde : broers en zusters in de literatuur (2011)
  • Tederheid en storm. De persoonlijkheid van Jacob Israël de Haan (2012)
  • Onrust. Het leven van Jacob Israël de Haan, 1881 - 1924 (2015)

Keppeling om utens

Tags:

Jan Fontijn WurkpaadJan Fontijn PersooanlikJan Fontijn PublikaasjesJan Fontijn Keppeling om utensJan Fontijn19369 febrewarisAmsterdamLiteratuerNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Ljouwert (stêd)Taj MahalGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 201540e iuw f.Kr.2101 f.Kr.3001 f.Kr.Epifanytsjerke (Solikamsk)Konstantyn de GrutteGNU/FDLFazantJ. MacDaisy SummersMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)PornhubMarijn KuipersList fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenningTwitterDaniel RicciardoKalûgaMichelle ObamaFeriene SteatenDútsk401Maarten PennewaardTibearias600 f.Kr.Itaalje1981Romeinske Republyk1001Byldzjende keunstFinlânBaalbekProtestantismeNederlânsk-Ynje1806Dakota-Oarloch fan 1862LapdancePornografyTransistorStripper7 febrewaris3501 f.Kr.FuotbalYnterrasiale pornografyLeif Eriksson17411600 f.Kr.JapanAlde EgypteLexxxi LockhartKrystal Swift2800 f.Kr.Emiel StoffersBritney SpringFormule 1 yn 20102024901 f.Kr.3401 f.Kr.1500SelebesseeStripteaseMagno Alves2000 f.Kr.FlearMarilyn Crystal17e iuwGrutte Priis Formule 1 fan Japan 2012Peaske🡆 More