Frederik Willem van Eeden (Haarlim, 3 april 1860 – Bussum, 16 juny 1932) wie in Nederlânsk psychiater, skriuwer en wrâldferbetterder, dy't him yngeand dwaande hâlden hat mei taal- en begrypskrityk.
Frederik van Eeden (skriuwer) | ||
Frederik van Eeden | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Frederik Willem van Eeden | |
oare namme | Cornelis Paradijs | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 3 april 1860 | |
stoarn | 16 juny 1932 | |
wurkpaad | ||
berop/amt | psychiater, skriuwer | |
bekendste wurk(en) | De kleine Johannes Van de koele meren des doods |
Frederik van Eeden wie in soan fan de plantkundige Frederik Willem van Eeden en waard grutbrocht yn in fermidden dêr't keunst en wittenskip fan belang achte waard. Yn 1878 sette er útein mei in stúdzje medisinen yn Amsterdam. Yn 1886 promovearre Van Eeden en fêstige him as húsdokter yn Bussum, mar rillegau lei er him alhiel ta op de psychoterapy. Begjin jierren tachtich fan de 19e iuw spile Van Eeden in wichtige rol yn it studintelibben yn Amsterdam en publisearre er syn earste stikken en blijspullen. Hy waard lid fan de letterkundige feriening Flanor en rjochte 1885 mei Frank van der Goes, Willem Kloos, Willem Paap en Albert Verwey it tydskrift De Nieuwe Gids op, dat de sprekbuis fan de Beweging fan Tachtich wurde soe.
De Tachtigers setten harren ôf tsjin de Viktoriaanske dûmnyspoëzij, dy't sa populêr wie yn de twadde helte fan de 19e iuw. Van Eeden levere in bydrage yn in ferneamde pastiche op de rimelderij fan al dy skriuwers: Grassprietjes fan Cornelis Paradijs (1885), mei in foarwurd fan Sebastiaan Slaap (= Willem Kloos) en fan P.A. Saaije Azn. (pseudonym fan Arnold Aletrino). Fan dy bondel ferskynden tsien drukken yn hûndert jier.
De earste ôfleveringen fan De Nieuwe Gids hienen parten fan Van Eeden syn allegoryske mearke De kleine Johannes, dat yn 1887 as boek útjûn waard. Yn 1894 gie er út de redaksje fan De Nieuwe Gids. De klam dy't de Tachtigers op de estetyk as driuwende faktor (l'art pour l'art) leinen, paste by neier ynsjen net by syn fyzje op it libben.
Op 15 april 1886 troude Frederik van Eeden mei Martha van Vloten. Sy krigen twa soannen. Op 29 july 1907 gienen sy útelkoar. Oer it libben en de dea fan syn soan Paul skreau er it boek Paul's ontwaken. Op 21 augustus 1907 troude er op 'en nij mei Geertruida Woutrina Everts, mei wa't er ek twa soannen krige. Letter wie Van Eeden hieltyd mear dwaande mei significa en spiritisme. 1897 ferskynde syn Redekunstige grondslag van verstandhouding, dat wol beskôge wurdt as it earste Nederlânske geskrift op it mêd fan de significa.
1900 ferskynde syn psychologyske roman Van de koele meren des doods. Van Eeden bringt yn dat boek de religy en psychoterapy, dy't bettermeitsje kin, foar de fatalistyske opfettings fan de naturalistische auteurs oer. Yn 1982 waard it boek ferfilme troch Nouchka van Brakel; Renée Soutendijk hie de haadrol.
Van Eeden hinge mear en mear de kant fan it anargisme oer en wie freon fan de neo Londen ferballe Rus Peter Kropotkin.
De koloanje Walden yn Bussum wie in besykjen om syn maatskiplike opfettings konkreet stal te jaan. It eksperimint dat duorre fan 1898 oant 1907 hat fan betsjutting west foar de ûntjouwing fan it sosjalisme yn Nederlân.
Van Eeden hearde yn 1916 by de oprjochters fan de Ynternasjonale Skoalle foar Wiisbegearte yn Amersfoart, dy't neffens him in sintrum fan verdieping van levens- en wereldbeschouwing wurde moast. De lear fan de Significa hie dêrby in bysûndere betsjutting, fral de betsjutting fan de taal foar minsklike ferhâldingen, wie foar him in wichtige ynspiraasjeboarne. Hy hie yn dy tiid nau kontakt mei grûnlizzer Lady Victoria Welby.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Frederik van Eeden (skriuwer), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.