Alde Egypte

It Alde Egypte, ek wol oantsjut as de Egyptyske Aldheid, kin yn ferskate skiften ûnderskieden wurde, fan 3200 f.Kr.

oant de ferovering fan Egypte troch Aleksander de Grutte yn 332 f.Kr. It tiidrek fan it âlde Egypte omfiemet likernôch 3000 jier. Nei de oermastering fan de Masedoanjers wiene de Hellentyske Ptolematyske Keningen oant 30 f.Kr. de nije Farao's fan Egypte.

Alde Egypte
Kaart fan it Alde Egypte mei alle grutte plakken út it Dynasty-tiidrek (3150 oant 30 f.Kr.)

Skiednis

De earste bewenners festigen har foar 5.000 f.Kr. as boeren op de ouwers fan de Nyl. Yn de twa millennia dêrnei bouden sy delsettings dy't harren ta doarpen ûntwikkele en ferfolgens ta stêden, dy't lykas Hierakonpolis en Nakwada inkele tûzenen ynwenners telden. Lokale keningen hearsken oer de befolking, dy't ferdield wienen yn stammen. Dy hearskers kleemden oer boppenatuerlike krêften te beskikken. Eltse stêd hie syn eigen godheid; sa beskerme de falkgod Hoarus de ynwenners fan Hierakonpolis.

Om 3500 f.Kr. begûnen de hearskers elkoar te bestriden en foelen oanswettende gebieten oan, om gruttere riken te foarmjen. Stadichoan ferienigen dy riken har, oant der mar twa keninkriken oerbleaun wiene: Boppe-Egypte yn it suden en Under-Egypte yn it noarden.

List fan dynastiën

De skiednis fan Egypte kin neffens ferskate tiidrekken yndield wurde. Wittenskippers binne noch hieltyd dwaande mei de yndieling fan de skiednis fan Egypte. Ornaris wurdt de skiednis fan Egypte sa yndield:

  • Iere Dinastyk (1ste-2de dinasty)
  • Alde Keninkryk (3de-6de dinasty)
  • Earste Tuskentiid (7de-11de dinasty)
  • Twadde Keninkryk (12de-13de dinasty)
  • Twadde Tuskentiid (14de-17de dinasty)
  • Nije Keninkryk (18de-20ste dinasty)
  • Tredde Tuskentiid (21ste-25ste dinasty)
  • Lette Tiid (26ste-31ste dinasty)

Tags:

Aleksander de GrutteFarao

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Dyami MillarsonSiren ThornUniversiteitVienna BlackFûgelsEarste WrâldkriichSandy MilzMarijn KuipersGrutte grize fûgelNina AgdalNicole BexleyAldfryskAnkie van der MeerMårten Eskil WingeThe New York TimesWurdDe TwigenKoördinearre WrâldtiidNeakenensAubrey KateJ. MacPriya PricePieter BreukerReligySeerp AnemaBo SinnFriezenAfro-Aziatyske woastynsliepmûsAristotelesWetterHalona VogBeverrôtEala Frya FresenaDe Lytse PrinsSarah YoungAssenItaaljeList fan Belgyske keunstskildersFeriene KeninkrykFidel CastroAustraalje (lân)PraachZCassidy BanksSpinifeksdoSeksuele penetraasjeMoskouMir (Wyt-Ruslân)Noard-WillemskanaalSjongerJan Hepkes WoudaRedbadPortegalBank (finansjele ynstelling)Stasjon Vries-SúdlarenDrinteKristina LionList fan Nederlânske gemeentenRichard LanginKredytunyEkshibisjonismeFetisjUrne (band)RegearJayden LeeWyt-RuslânHenk Mouwe🡆 More