Honoré de Balzac, berne as Honoré Balzac (Tours, 20 maaie 1799 – Parys, 18 augustus 1850) wie in tige wichtich Frânsk skriuwer út de earste helte fan de 19e iuw.
Balzac wie in romantysk skriuwer, waans wurk ek realistyske eleminten sjen lit. Balzac syn realistyske styl docht fral bliken út wiidweidige beskriuwingen.
De Balzac syn meast bekende wurk is it mânske La Comédie humaine, in rige romans dy't in folslein byld jaan wolle fan de Frânske maatskippij nei de delfal fan Napoleon. Balzac skreau sa'n 100 romans dy't in byld jouwe fan de sosjale tastannen yn de ferskate sosjale klassen. Guon fan de romans út dy rige binne klassikers yn de Frânske literatuer wurden, sa as Eugénie Grandet en Le Père Goriot. Balzac wurdt beskôge as ien fan de grutte romanskriuwers fan de Frânske én fan de wrâldliteratuer en as ien fan de grûnlizzers fan de realistyske roman, in paadsljochter fan ien as Gustave Flaubert.
Fan in protte fan Balzac syn wurk binne bewurkingen foar fil en telefyzje makke, sa as fan Les Chouans yn 1947, Le Père Goriot (BBC-minirige yn 1968), Le Colonel Chabert yn 1994, mei Gérard Depardieu yn de titelrol en La Cousine Bette yn 1998, mei Jessica Lange.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Honoré de Balzac, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.