Père Lachaise

De Cimetière du Père-Lachaise is it grutste begraafplak fan Parys.

It leit op en om de hichte Champs-l'-Evêque yn it 20e arrondissemint.

Père Lachaise
Plattegrûn fan Père Lachaise (2016)
Père Lachaise
In leane op Père Lachaise
Père Lachaise
Yngong fan it tsjerkhôf
Père Lachaise
Kolumbarium
Père Lachaise
Krematoarium

Skiednis

It begraafplak is neamd nei de jezuïtepater François d’Aix de Lachaise. Op it plak fan syn bûtenpleats, dêr't er wenne fan 1675 oant 1708, is it tsjerkhôf stichte.

It bûten waard yn 1762 ferkocht om skulden fan de jezuïeten ôfbetelje te kinnen. Nei de Frânske Revolúsje kaam it besit oan Parys en waard der yn 1804 in begraafplak fan makke, mei de namme 'Cimetière De l'Est'. De Paryske befolking neamde it fan begjin ôf oan 'Cimetière du Père-Lachaise'.

De opdracht foar it ûntwerp gie nei de Paryske stedsarsjitekt Alexandre-Théodore Brongniart, in learling fan Etienne-Louis Boullée. Hy waard hjitten om rekkening te hâlden mei de besteand beplanting en hichteferskillen yn it terrein. Hy ûnderhannele mei de neoklassisistyske arsjitekt Quatremère de Quincy (1755-1849), de fertsjintwurdiger fan it gemeentebestjoer.

Om reklame te meitsjen foar it nije hôf, waarden ferneamde lju sa as Abélard en Heloïse, Molière en La Fontaine op dit plak opnij begroeven. Père-Lachaise waard fanôf dat stuit in prestiizjeus lêst rêstplak. De begoedige boargers fan Parys lieten yn de neifolgjende jierren grutte, somtiden ûnbidige, grêfmonuminten delsette, yn de romantyske geast fan dat tiidrek.

Yn de perioade fan nei 1850 waard it begraafplak fiif kear útwreide. De oarspronklike 17 hektare fan it jezuïetelângoed waakste yn dy tiid oan ta de hjoeddeiske 47 hektare. Père Lachaise is fuortendalik it prototype fan it ekstra-muros begraafplak. It waard yn de hiele Westerske wrâld neifolge. Yn ferskate stêden yn hiel Amerika waarden de rural cemeteries oanlein. Mount Auburn (1831) yn Boston Massachusetts is faaks it ferneamdste foarbyld. It Evergreen Cemetery yn Newark, New Jersey is fan 1853 en yn Ingelân wurdt yn 1839 it bekende Highgate Cemetery oanlein.

Ek yn Nederlân waarden yn de rin fan de 19e iuw in protte nije begraafplakken bûten stêd en doarp oanlein om't de âlde grôtfol rekke wiene en op guon plakken foar estetyske en hygiënyske beswieren soargen.

Byldhouwkeunst

Ferneamde foarbylden fan Romantyske byldhouwkeunst op Père-Lachaise te sjen.

De muoite wurdich binne ûnder oaren:

  • De tombe fan de famylje Raspail (1854), troch Antoine Etex.
  • It grêf fan Pierre Gareau (circa 1816), troch Francois Milhomme.
  • It grêf fan Jacob Robles (1849), troch Auguste Préault.

Grêven fan ferneamden

Père Lachaise 
Grêf fan Honoré de Balzac
Père Lachaise 
Grêf fan Guillaume Apollinaire
Père Lachaise 
Grêf fan Gilbert Bécaud
Père Lachaise 
Grêf fan Édith Piaf
Père Lachaise 
Grêf fan Jim Morrison
Père Lachaise 
Grêf fan Jean-François Champollion
Père Lachaise 
Grêf fan Alain Kardec
Père Lachaise 
Grêf fan Édouard Branly
Père Lachaise 
Tinkteken foar Maria Callas
Père Lachaise 
Grêf fan Marcel Proust
Père Lachaise 
Grêf fan Frédéric Chopin

A

  • Abélard (1079-1142), Frânsk teolooch, filosoof mei syn leave Heloïse
  • Emile Alain (1868-1951), Frânsk filosoof, sjoernalist
  • Robert Amadou, (1924-2006),Frânsk Martinist erudyt, mystikus en esotearikus
  • Guillaume Apollinaire (1880-1918), Frânsk dichter
  • Karel Appel (1921-2006), Nederlânsk skilder
  • François Arago (1786-1853), Frânsk astronoom en fysikus
  • Miguel Asturias (1899-1974), Guatemalteeks skriuwer
  • Jane Avril, Frânsk dûnser en model

B

  • Honoré de Balzac (1799-1850), Frânsk skriuwer
  • Pierre Beaumarchais (1732-1799), Frânsk skriuwer
  • Gilbert Bécaud (1927-2001), Frânsk chansonnier
  • Vincenzo Bellini (1801-1835), Italjaansk komponist
  • Hans Bellmer (1902-1975), Dútsk tekener, grafikus, skilder, byldhouwer, skriuwer
  • Pierre-Jean de Béranger (1780-1857), dichter, chansonnier
  • Sarah Bernhardt (1844-1923), Frânsk aktrise
  • Xavier Bichat (1771-1802), Frânsk biolooch, fysiolooch
  • Georges Bizet (1838-1875), Frânsk komponist
  • Louis Blanc (1811-1882), Frânsk politikus, histoarikus
  • Pierre Bourdieu (1930-2002), Frânsk sosjolooch
  • Édouard Branly (1844-1940), Frânsk natuerkundige
  • Pierre Brasseur (1903-1972), Frânsk akteur
  • Fernand Braudel (1902-1985), Frânsk histoarikus
  • Abraham Louis Breguet (1747-1823), Frânsk oerwurkmakker
  • Jean Anthelme Brillat-Savarin (1755-1826), Frânsk skriuwer

C

  • Gustave Caillebotte (1848-1894), Frânsk skilder, keunstmesenas
  • Maria Callas (1923-1977), Amerikaansk/Gryksk sjongster (allinne betinkteken)
  • Albert Champion (1878-1927), Frânsk hurdfytser en ndernîmmer
  • Jean-François Champollion (1790-1832), Frânsk taalkundige
  • Claude Chappe (1763-1805), Frânsk yngenieur
  • Jacques Charles (1746-1823), Frânsk fysikus
  • Ernest Chausson (1855-1899), Frânsk komponist
  • Luigi Cherubini (1760-1842), Italjaansk komponist
  • Frédéric Chopin (1810-1849), Poalsk komponist, pianist
  • Sidonie-Gabrielle Colette (1873-1954), Frânsk skriuwster
  • Auguste Comte (1798-1857), Frânsk filosoof, sosjolooch
  • Benjamin Constant (1767-1830), Frânsk skriuwer, politikus
  • Camille Corot (1796-1875), Frânsk skilder, graveur
  • Pierre Auguste Cot (1837-1883), Frânsk skilder
  • Georges Courteline (1858-1929), Frânsk toanielskriuwer
  • Georges Cuvier (1769-1832), Frânsk soölooch

D

  • Édouard Daladier (1884-1970), Frânsk politikus
  • Alphonse Daudet (1840-1897), Frânsk skriuwer
  • Honoré Daumier (1808-1879), Frânsk skilder en byldhouwer
  • (It hert fan) Jacques-Louis David (1748-1825), Frânsk skilder
  • Eugène Delacroix (1798-1863), Frânsk skilder
  • Gustave Doré (1832-1883), Frânsk tekener, litograaf
  • Piet Dujardin (1921-2001), Belgysk freejazz muzikant
  • Paul Dukas (1865-1935), Frânsk komponist
  • Germaine Dulac (1882-1942), Frânsk sineaste
  • Guillaume Dupuytren (1777-1835), Frânsk sjirurch

E

  • Paul Éluard (1895-1952), Frânsk dichter
  • Gérard Encausse (1865-1916), Frânsk esotearysk skriuwer (=Papus)
  • Philippe Encausse (1906-1984), Frânsk esotearysk skriuwer (soan fan Gérard)
  • George Enescu (1881-1955), Roemeensk komponist, fioelist
  • Max Ernst (1891-1976), Dútsk skilder, byldhouwer

G

  • Louis Gay-Lussac (1778-1850), Frânsk fysikus en gemikus
  • Théodore Géricault (1791-1824), Frânsk skilder
  • Claire Goll (1890–1977), Frânsk-Dútsk skriuwster en dichteresse
  • Yvan Goll (1891–1950), Dútsk-Frânsk ekspresjonistysk dichter, romanskriuwer en toanielskriuwer
  • Zénobe Gramme (1826-1901), Belgysk elektrysk yngenieur
  • Stéphane Grappelli (1908-1997), Frânsk jazzfiolist
  • André Grétry (1741-1831), Belgysk komponist
  • Antoine Gros (1771-1835), Frânsk skilder
  • Yvette Guilbert (1867-1944), Frânske chansonnière
  • Yılmaz Güney (1937-1984), Turks artyst, senarist, filmakteur en filmregisseur

H

  • Samuel Hahnemann (1755-1843), Dútsk genêskundige
  • Heloïse (1101-1164), Frânske abdis mei har leafde, Abélard
  • Philippe Hériat (1898-1971), Frânsk skriuwer


I

J

  • Claude Jade (1948-2006), Frânsk aktrise

K

  • Allan Kardec (1804-1869), Frânsk spiritist
  • Ahmet Kaya (1957–2000), Koerdysk sjonger
  • Boris Kochno (1904-1990), Russysk skriuwer en balletlieder
  • Rudolphe Kreutzer (1766-1831), Frânsk fioelist en komponist

L

  • Alfred Leblanc, Frânsk loftfeartpionier
  • Édouard Lalo (1823-1892), Frânsk komponist
  • Hughes Félicité Robert de Lamennais (1782-1854), Frânsk pryster, skriuwer, filosoof
  • Ferdinand de Lesseps (1805-1894), Frans financier, diplomaat
  • Auguste Villiers de L'Isle-Adam (1838-1889), Frânsk skriuwer
  • René Lalique (1860-1945), Frânsk edelsmid en glêskeunstner

M

  • Étienne Nicolas Méhul (1763-1817), Frânsk operakomponist
  • Georges Méliès (1861-1938), Frânsk filmpionier, gûchelder
  • Maurice Merleau-Ponty (1908-1961), Frânsk filosoof
  • Jules Michelet (1798-1874), Frânsk skiednisskriuwer
  • Amedeo Modigliani (1884-1920), Italjaansk skilder, byldhouwer
  • Molière (1622-1673), Fransk akteur, toanielskriuwer
  • Yves Montand (1921-1991) ), Frânsk chansonnier
  • Jim Morrison (1943-1971), Amerikaansk sjonger, dichter
  • Joachim Murat (1767-1815), militêr, kening fan Napels
  • Alfred de Musset (1810-1857), Frânsk dichter
  • Marcel Marceau (1923-2007), Frânsk mimespiler

N

  • Felix Nadar, (1820-1910) Frânsk tekener, skriuwer, fotograaf en ballonfarder
  • Gérard de Nerval (1808-1855), Frânsk dichter
  • Michel Ney (1769-1815), Frânsk militêr, maarskalk
  • Charles Nodier (1780-1844), Frânsk skriuwer
  • Victor Noir (1848-1870), Frânsk sjoernalist

O

  • Pascale Ogier — Frânske aktrise
  • Virginia Oldoini, Countess di Castiglione — ferneamd Italjaanske koertisane
  • Max Ophüls — Dútske filmregisseur
  • Andranik Ozanian, Armeensk militêr en steatsman, 72 jier lang, yn 2000 op in oar plak werbegroeven

P

  • Paul Panhard (1908-1968), Frânsk autobouwer
  • Papus (1865-1916)= sjoch Encausse
  • Antoine-Augustin Parmentier (1737–1813) Frânsk militêr apteker en agronoam
  • Michel Petrucciani (1962-1999) Frânske jazzpianist
  • Édith Piaf (1915-1963), Frânsk chansonnière
  • Gabriel Pierné (1863-1937), Frânsk dirigint en komponist
  • Camille Pissarro (1830-1903), Deensk skilder
  • Ignaz Pleyel (1757-1831), Eastenryksk komponist en pianobouwer
  • Francis Poulenc (1899-1963), Frânsk komponist en pianist
  • Auguste Préault (1809-1897), Frânsk byldhouwer
  • Marcel Proust (1871-1921), Frânsk skriuwer
  • Sully Prudhomme (1839-1907), Frânsk dichter

Q

-

R

  • Raymond Radiguet (1903-1923), Frânsk skriuwer
  • Georges Rodenbach (1855-1898), Belgysk skriuwer
  • Edmond James de Rothschild (1845-1934), Dútsk/Frânsk bankier
  • Raymond Roussel (1877-1933), Frânsk skriuwer
  • Gioacchino Rossini (1792-1868), Italjaansk komponist

S

  • Georges Seurat (1859-1891), Frânsk skilder en tekener
  • Simone Signoret (1921-1985), Frânsk aktrise
  • William Sidney Smith (1764-1840), Britsk admiraal, dy't yn Toulon, Acre en Waterloo tsjin Napoleon fjochte
  • Gerard van Spaendonck (1746-1822), Nederlânsk skilder
  • Gertrude Stein (1864-1946), Amerikaansk dichteres

T

  • Jean-Lambert Tallien (1767-1820) Frânsk politikus
  • François-Joseph Talma (1763-1826), Frânsk toanielspiler
  • Adolphe Thiers (1797-1877), Frânsk politicus en histoarikus
  • Maurice Thorez (1900-1964),Frânsk politicus
  • Isaac Titsingh (1745-1812), Nederlânsk koloniaal hannelsman
  • Rafael Leónidas Trujillo (1891-1961), Dominicaans politikus
  • Charles Trenet (1913-2001), Frans chansonnier

U

-

V

  • Jules Vallès (1764-1845), Frânsk skriuwer, sjoernalist
  • Carel Hendrik Ver Huell (1764-1845), Nederlânsk admiraal en diplomaat

W

  • Alexandre Colonna-Walewski, Frânsk en Poolsk diplomaat en politikus, soan fan Napoleon I
  • Maria Walewska, maîtresse fan Napoleon I
  • Oscar Wilde (1854-1900), Iersk skriuwer

Literatuer

Luijters, Guus, Beroemde doden van Père Lachaise en andere begraafplaatsen van Parijs. Soesterberch: Aspekt, 2004

Keppeling om utens

Tags:

Père Lachaise SkiednisPère Lachaise ByldhouwkeunstPère Lachaise Grêven fan ferneamdenPère Lachaise LiteratuerPère Lachaise Keppeling om utensPère LachaiseBegraafplakParys

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Skiedkundige19 augustusGelsenkirchenMao Tse-toengFerlossertsjerke yn it doarp Ubory (Moskou Oblast)Skiednis fan Jeropa1208ApostelKoperArthur Conan DoyleWaadseeSint-LusiaJureka del MarUnderwiisDambitzstate2024Michael JordanMichelle TuckerEreksjeFeriene SteatenKalkuttaNoelle EastonBernardahûsNew OrleansChicagoThe Wall Street JournalBerchfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2000SekshâldingBostonIstanbûlChewbaccaOlympyske Simmerspullen 2012Origenes1927List fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânValéry Giscard d'EstaingKristen25 junyWeiSielSaya SongSensual JaneThunderball (film)Hitsumer HichteLaosBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 2000FuotbalKoloradoWrâldkampioenskip fuotbal 2014IslamWytKiëvSinaKirkland (Washington)NoemiUntsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan TûlaSonarAmerikaanske dollar1616Noard-KoreäKristendomStar WarsEva Jinek341562Wite TongersdeiBitMasturbaasjeEjakulaasjeMcDonald's1435Selebes1707Jasmine AlohaJeropa🡆 More