Holhoarnigen

De holhoarnigen (wittenskiplike namme: Bovidae) foarmje in famylje fan krapoan 140 bistesoarten fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), dêr't û.o.

de ko, it skiep en de geit ta hearre. Holhoarnigen ûnderskiede harren troch (alteast by de mantsjes) karakteristike, oer it algemien kromme hoarnen sûnder fertakkings dy't bedutsen binne troch in permaninte laach keratine. De famylje is tige wiid ferspraat, mei ûnderskate soarten dy't lânseigen binne yn Aazje, Afrika, Jeropa en Noard-Amearika.

Holhoarnigen
In sabelantilope.
In sabelantilope.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers
   (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
Gray, 1821

De holhoarnigen binne frijwol allegearre herbivoaren, útsein de measte duikersoarten, dy't omnivoar binne. Yn grutte rinne de holhoarnigen útinoar fan 'e gaur, in wyld kobist út Aazje, dat in skofthichte fan 2,2 m hat, oant de dwerchantilope, dy't sa'n 3 kg weaget en like grut is as in hûskat. Se libje yn in ferskaat oan biotopen, fan woastyn en toendra oant tropysk reinwâld.

Famylje-opbou

  • famylje holhoarnigen (Bovidae)
    • ûnderfamylje duikers (Cephalophinae): 21 soarten lytseftige antilopen
    • ûnderfamylje echte antilopen (Antilopinae): 35 soarten gazellen, dwerchantilopen en saiga's
    • ûnderfamylje geiteftigen of bokken (Caprinae): 33 soarten skiep, geiten, muskusoksen en oaren
    • ûnderfamylje hynste-antilopen (Hippotraginae): 7 soarten weidzjende antilopen
    • ûnderfamylje ympala's (Aepycerotinae): 1 soarte ympala's
    • ûnderfamylje kobisten (Bovinae): 27 soarten kij, buffels, bizons en spiraalhoarnige antilopen
    • ûnderfamylje kowe-antilopen (Alcelaphinae): 10 soarten gnoes en oanbesibbe antilopen
    • ûnderfamylje reebokantilopen (Peleinae): 1 soarte reebokantilopen
    • ûnderfamylje reidbokken en wetterbokken (Reduncinae): 9 soarten lytseftige antilopen
    • ûnderfamylje Tibetaanske antilopen (Pantholopinae): 1 soarte Tibetaanske antilopen

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

AazjeAfrikaEvenhoevigenFamylje (taksonomy)HoarnenJeropaKlasse (taksonomy)KoNoard-AmearikaSkiftSoarteSûchdierenWittenskiplike namme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

ISSN3001 f.Kr.GrikelânJ.R. CarringtonTueringenFuotbalDútskNarteksPornhubSan Jose (Kalifornje)Julianna VegaFormule 1 yn 2018KemptenNapoleon III fan FrankrykMichael JordanOpper-MichiganSúdsineeske SeeFryskTrije-ienheidskatedraal (Brjansk)3100 f.Kr.1496Lexxxi LockhartAquaZoo FrieslandDachau (Landkreis)Juliaanske kalinderKatolike Tsjerke3101 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 20193501 f.Kr.Job Cohen700 f.Kr.1918NeakenfotografyPinsjoenFormule 1 yn 2016Twitter157769 (sekshâlding)SloveenjeMaria Curie-SkłodowskaGrutte Priis Formule 1 fan Grut-Brittanje 2014Audi1401StripteaseSARS-CoV-2Feriene KeninkrykPornoaktriseGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2017NedersaksenKambodjaVanessa SkySandy MilzGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 201019e iuw f.Kr.Creative CommonsArgentynjeAleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)1996Noard-Masedoanje500 f.Kr.TurkijePius XI28 septimberGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2011BretanjeKonstantyn de Grutte2800 f.Kr.27 maartDimter (gemeente)Grutte Priis Formule 1 fan Dútslân 2016Telefyzje🡆 More