Harmen Sytstra

Harmen Sytses Sytstra (Mullum, 14 jannewaris 1817 - Baard, 4 april 1862) wie in Fryske skriuwer en skoalmaster.

Harmen Sytstra
Harmen Sytstra

Libben

Harmen ferlear al jong syn beide âlden en groeide op by syn beppe. Letter learde hy it bakkersfak by syn omke. Syn earste literêr wurk bestie út in tal gedichtsjes. Yn syn frije tiid studearre er talen en wiskunde. Yn 1842 helle er in ûnderwizersgraad. Yn 1843 krijt er wurk as ûnderwizer yn Seisbierrum. Letter stie er foar de klasse yn Arum, Frjentsjer, Burgum en Baard.

Hy wie yn 1844 mei Tiede Roelofs Dykstra ien fan de oprjochters fan it Ald Selskip, it 'Selscip foar Frysce Tael in Scriftekinnisse'. Yn neifolging fan de Halbertsma's joech er in ferskaat oan rimen en teltsjes, oan natoerlyryk en oan sjongsume lieten. It bekende liet 'De Wâldsang' ('Moai sûnder wjergea binne de Wâlden...') is fan him, op in wize út de opera Le nozze di Figaro fan Mozart. Yn 1845 ferskynde it tydskrift Iduna. Dat orgaan fan it Selskip ferskynde foar rekken fan Sytstra. Hy wie besiele fan it ideaal om Fryslân op 'e nij ferrize te litten, sa't hy him foarstelde dat it ea west hie: grut en frij.

Harmen Sytstra ûntwurp in eigen stavering foar it Frysk, de Idunastavering, nei in idee fan De Haan Hettema. Dy stavering die bot tinken oan dy fan de midsiuwske Fryske wetsteksten. Dat kaam him op in protte krityk te stean en fûn gjin neifolging. It soe te fier fan it deistich Frysk ôfstean, dêr't bygelyks Halbertsma syn stavering op basearre.

Yn 1851 waard Iduna it tydskrift fan it Selskip, dat yn dy snuorje ek begûn mei in jierboekje. Harmen Sytstra hat ek in protte bydroegen oan jierboekjes, almanakken ensfh. Ek skreau er gedichten, mearkes, leginden en beskôgings. Harmen stoar mei 45 jier oan tyfus. Hy leit begroeven yn Baard, achter it skip fan 'e tsjerke. Syn wurk is werom te finen by Tresoar.

Houlik

Sytstra boaske op 31 oktober 1852 oan Aukje Tabes Kooistra (Ternaard, 1821). Ut dat houlik waarden berne:
1. Sytse Harmens Sytstra: Baard, 22 augustus 1853.
2. Tabo Wiger Harmens Sytstra: Baard, 26 augustus 1856.
3. Onno Harmens Sytstra: (Baard, 10 oktober 1858 - Ljouwert, 20 novimber 1939)

Bibliografy

  • Tsien tuwsen uwt de lotterij 1841
  • It boask fan de kasteleins dochter (toanielstik) 1842
  • Hwet habba da Fryske scriûers yn acht to nimmen 1845
  • Gelukkig Hansje (skoalboakje) 1846
  • Iduna (tydskrift) 1845-1862
  • Friesche Spraakkunst (net ôfmakke) 1854-1961
  • Blau-Mandeis-Krante 1856-1857
  • Friesk riim, en onriim 1860
  • Blomlêzing út 'e gedichten fen H.S. Sytstra (2e pr. 1911) 1894
  • Striid en dream (karlêzing út proaza en fersen) 1948

Keppelings

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Harmen Sytstra LibbenHarmen Sytstra HoulikHarmen Sytstra BibliografyHarmen Sytstra KeppelingsHarmen Sytstra14 jannewaris181718624 aprilBaardMullum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MuzykTatrawrotmûsPornoakteurSkamhierEkonomyWilliam ShakespeareDomeinnammeHarmony WonderGeologyWetNeakenensList fan Frysktalige tydskriften20 aprilDomtsjerke fan Massa MarittimaOlivia del RioDigital SinMediaWikiPersia MonirSensual JaneSkrikkeljier fan tongersdei ôfMoanne (tiid)Sietske PoepjesOrale seksCarles PuigdemontNeakenmodel19921933Domtsjerke fan GrossetoHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiPearsSkiednis fan FryslânRealitypornografyFingerjenLeppelbekkenBaskyskLondenMaría del Carmen CarricartJayden LeeHongarijeGamal Abdel NasserHantsjemier1932Vienna BlackRottekopLimoerhalskankerPornhubDe DoelleazenJaylene Rio9e iuw f.Kr.Non-profitNew York Stock ExchangeKatedraal fan Piazza ArmerinaHelen DuvalSeksuele opwiningKleanKatedraal fan CataniaAnton DalhuysenSaotomeeske pappegaaidoKeningsleppelbekMenno BandstraPierre WoodmanHludaneGeslachtsmienskipLuma CariocaHunter BryceYnterprovinsjaal Oerlis1790🡆 More