Hûnen

De hûnen (Latynske namme: Canis) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia), it tuskenskift fan 'e echte hûndieren (Cynoidea), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae), de ûnderfamylje fan 'e echte hûneftigen (Caninae), de tûke fan 'e echte hûnen (Canini) en de ûndertûke fan 'e wolfeftigen (Canina).

Dizze taksonomyske groep omfettet de hûn en wolf en harren neiste sibben.

Hûnen
De grize wolf (Canis lupus).
De grize wolf (Canis lupus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: echte hûndieren (Cynoidea)
famylje: hûneftigen (Canidae)
ûnderfamylje: echte hûneftigen (Caninae)
tûke: echte hûnen (Canini)
ûndertûke: wolfeftigen (Canina)
skaai: hûnen (Canis)
Linnaeus, 1758

Taksonomy

Der libje hjoed oan 'e dei seis of acht ûnderskate soarten út it skaai fan 'e hûnen, ôfhinklik fan 'e fraach oft men de hûn (Canis lupus familiaris) en de dingo (Canis lupus dingo) as ûndersoarten fan 'e grize wolf (Canis lupus) beskôget of as selsstannige soarten. De measte saakkundigen hâlde it derop dat it ûndersoarten fan 'e grize wolf binne, en dy yndieling is dêrom hjirûnder folge. Yn 2015 die út DNA-ûndersyk bliken dat de Afrikaanske goudwolf (Canis lupaster), dy't oant doe ta as in fariant fan 'e goudjakhals (Canis aureus) beskôge wie, feitliks in aparte soarte is, dy't nauwer besibbe is oan 'e wolven as oan 'e jakhalzen.

Lichaamlike skaaimerken

De soarten fan it skaai fan 'e hûnen ferskille yn grutte fan 'e goudjakhals (Canis aureus), dy't maksimaal 20 kg swier wurdt, oant de grize wolf, dy't mear as 75 kg weagje kin. De domestisearre hûn (Canis lupus familiaris) komt foar yn in grut tal rassen, dy't noch folle gruttere ferskillen yn lichemsgrutte fertoane, fan 'e chihuahua, dy't mar ½ kg weagje kin, oant de Ierske wolfshûn en de Deenske dogge, dy't útgroeie kinne oant mear as 80 kg.

Fersprieding

Soarten út it skaai fan 'e hûnen binne lânseigen op alle wrâlddielen mei útsûndering fan Antarktika. De grize wolf (Canis lupus) hat fan alle soarten fierwei it grutste ferspriedingsgebiet, dat rint fan it Ibearysk Skiereilân fia Jeropa, Noard-Aazje en Noard-Amearika oant yn Grienlân en fan noardlik Sibearje oant yn Araabje en Yndia. Men soe lykwols úthâlde kinne dat de hûn, dy't al lang lyn troch de minske domestisearre is en him ûntjûn hat ta ien fan 'e meast holden húsdieren, in noch gruttere fersprieding hat.

Hûnen 
De grize wolf (Canis lupus).
Hûnen 
De moannewolf (Chrysocyon brachyurus).
Hûnen 
De prêrjewolf (Canis latrans).
Hûnen 
De goudjakhals (Canis aureus).
Hûnen 
De Aziatyske wylde hûn of dhole (Cuon alpinus).
Hûnen 
De hyenahûn (Lycaon pictus).

Soarten

  • skaai hûnen (Canis)
    • Abessynske wolf of Etiopyske wolf (Canis simensis)
    • Afrikaanske goudwolf (Canis lupaster of Canis anthus)
    • armbrusterwolf of Armbrusters wolf (Canis armbrusteri) †
    • Arnowolf (Canis arnensis) †
    • Canis antonii
    • Canis chihliensis
    • Canis falconeri
    • Canis palmidens
    • Canis variabilis
    • Cedazowolf (Canis cedazoensis) †
    • edwardwolf of Edwards wolf (Canis edwardii) †
    • Etruskyske wolf (Canis etruscus) †
    • goudjakhals, gewoane jakhals of goudwolf (Canis aureus)
    • grize wolf (Canis lupus)
      • Alaskawolf (Canis lupus tundrarum)
      • Alexandereilânske wolf (Canis lupus ligoni)
      • Arabyske wolf (Canis lupus arabs)
      • Baffineilânske wolf (Canis lupus manningi)
      • bernardwolf of Bernards wolf (Canis lupus bernardi)
      • Britsk-Kolumbiaanske wolf (Canis lupus columbianus)
      • Cascadeswolf (Canis lupus fuscus) †
      • dingo (Canis lupus dingo)
      • eastlike wâldwolf (Canis lupus lycaon)
      • Floridaanske swarte wolf (Canis lupus floridanus)
      • gregorywolf Gregory's wolf of Mississippydellingwolf (Canis lupus gregoryi)
      • Grienlânske wolf (Canis lupus orion)
      • Grutte-Flaktenwolf (Canis lupus nubilus)
      • hoalewolf (Canis lupus spelaeus) †
      • Hokkaidowolf (Canis lupus hattai) †
      • Hudsonbaaiwolf (Canis lupus hudsonicus)
      • hûn (Canis lupus familiaris)
      • Ibearyske wolf (Canis lupus signatus)
      • Italjaanske wolf (Canis lupus italicus)
      • Japanske wolf (Canis lupus hodophilax) †
      • Jeraziatyske wolf (Canis lupus lupus)
      • Yndyske wolf (Canis lupus pallipes)
      • Yukonwolf (Canis lupus pambasileus)
      • Kenaiwolf (Canis lupus alces)
      • Labradorwolf (Canis lupus labradorius)
      • Mackenziewolf (Canis lupus mackenzii)
      • Manitobaanske wolf (Canis lupus griseoalbus) †
      • Mogollon-berchwolf (Canis lupus mogollonensis) †
      • Nijfûnlânske wolf (Canis lupus beothucus) †
      • Nijguineeske sjongende hûn (Canis lupus dingo var. hallstromi)
      • noardlike Rocky-Mountainswolf (Canis lupus irremotus)
      • noardwestlike wâldwolf (Canis lupus occidentalis)
      • poalwolf (Canis lupus arctos)
      • steppewolf (Canis lupus campestris)
      • Súdlike Rocky-Mountainswolf (Canis lupus youngi) †?
      • Teksaanske grize wolf (Canis lupus monstrabilis) †
      • Tibetaanske wolf of wolhierrige wolf (Canis lupus chanco)
      • toendrawolf (Canis lupus albus)
      • Vancouvereilânske wolf (Canis lupus crassodon)
    • Mosbachwolf (Canis mosbachensis) †
    • prêrjewolf of coyote (Canis latrans)
    • reade wolf (Canis rufus)
      • Floridaanske reade wolf (Canis rufus floridanus) †
      • Mississippiaanske reade wolf (Canis rufus gregoryi)
      • Teksaanske reade wolf (Canis rufus rufus) †
    • woeste wolf (Canis ferox) †

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en General references, op dizze side.


Tags:

Hûnen TaksonomyHûnen Lichaamlike skaaimerkenHûnen FerspriedingHûnen SoartenHûnenEchte hûndierenEchte hûneftigenEchte hûnenFamylje (taksonomy)HûnHûndierenHûneftigenKlasse (taksonomy)LatynRôfdierenSkaai (taksonomy)SkiftSûchdierenTaksonomyTuskenskiftTûke (taksonomy)WolfWolfeftigenÛnderfamyljeÛnderskiftÛndertûke

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

AudulfRosa CaraccioloKigaliSean LawlessAchtkarspelenLos AngelesMediaWikiFeriene KeninkrykHûntsjeshâldingCityJetIbearysk SkiereilânHeather LeeCIABenito MussoliniIt Hearrenfean (gemeente)Saya SongSiddharta GautamaSkriuwerFerkundigingskatedraal (Josjkar-Ola)Megyn KellyFuotbalPraachFrankrykTailânNoardkaapGeslachtsmienskipLingua francaWite SeeEtiopysk-Otterdokse TsjerkeJaylene RioAaliyah HadidKaviaNederlânRuslânJapanAnne Frânses JongstraIslamBestjoer1562J. MacDaisy Summers1328Tûla (oblast)HarsensOrléansKrusiging fan JezusSalomoKairoLondenSkiednis fan DútslânTibearius2010Einar HákonarsonNije TestamintTasjkentEarrebarreAngela SchijfFjetnamOekraïneArcheologyGenetyske technologyTwitterOlympyske Simmerspullen 2012Bôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1972Ûntslach1927🡆 More