Húsdier

In húsdier (of hûsdier) is in bist dat domestisearre is en dat troch de minske ûnderholden en fersoarge wurdt.

Der binne ferskate soarten húsdieren:

  • Fee: bisten dy't holden wurde fanwegen harren wearde yn 'e lânbou, foar fleis, wol of molke. Hjirta hearre kij, bargen, skiep, geiten en plomfee as hinnen, einen, guozzen en kalkoenen, mar ek wol kamielen, alpaka's, strúsfûgels, kangoeroe's en oare eksoatyske bisten.
  • Hobbydieren: bisten dy't eins ta de kategoryen wurkdieren en fee hearre, mar dy't inkeld holden wurde út leafhawwerij: hynders, ponnys, geiten, sierfûgels, ensfh.
  • Proefdieren of laboratoariumdieren: bisten dy't yn laboratoaria holden wurde om bisteproeven op te dwaan: fral rotten, mûzen en kninen, mar ek wol oare bisten, oan minskapen ta.
  • Selskipdieren: bisten dy't oarspronklik faak domestisearre binne foar in beskaat doel, mar dy't tsjintwurdich benammentlik holden wurde om it selskip dat se har eigners biede. Foarbylden út dizze kategory, dy't faak it earste is dêr't men by it hearren fan it wurd "húsdier" oan tinkt, binne yn it foarste plak de hûn en de kat, dy't foarhinne holden waarden foar befeiliging en om beskate wurksumheden te ferrjochtsjen (hûn) en foar ûngediertebestriding (kat). Oare foarbylden binne nuete kninen, rotten en mûzen, goudhamsters, kavia's, fretten, parkiten, kanaarjes, pappegaaien, goudfisken, ensfh.
  • Wedstryddieren: bisten dy't holden wurde om sport mei te bedriuwen. Dit binne fral hynders en postdowen, mar ek wol kamielen en oare bisten.
  • Wurkdieren: bisten dy't holden wurde om beskate wurksumheden foar harren eigners te ferrjochtsjen, lykas hynders, mûldieren, ezels, kamielen, lama's, wurkhûnen, hardershûnen, ensfh. Foarhinne ek katten, fretten en postdowen. In ûnderdiel fan dizze kategory binne de lêstdieren, dy't lêsten tôgje dy't foar minsken te swier of te bombidich binne om (fier) te dragen.
Húsdier
In kat en in hûn.

De húsdieren dy't it meast foarkomme, hearre noch altyd ta de kategory fee. Sokke bisten wurde yn 'e Westerske wrâld tsjintwurdich lykwols allinne mar yn grutte kloften holden troch in lyts persintaazje fan 'e minsklike befolking. De húsdieren mei de grutste geografyske fersprieding binne sûnder mis de hûn en de kat. Yn Nederlân waarden yn 2009 2,1 miljoen hûnen en 3,6 miljoen katten holden. Wittenskiplik ûndersyk hat oantoand dat it hâlden fan in húsdier befoarderlik is foar minsklike geastlike sûnens; gefoelens fan eangstme, iensumens en depresje nimme yn 'e regel ôf as immen in húsdier hat of nimt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Referenties en Bronnen, op dizze side.

Tags:

BistDomestikaasjeMinske

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Tynaarlo (doarp)Brazilian waxKatt DylanSean Lawless69 (sekshâlding)SekshâldingIt OranjewâldHeipealhâldingVriesFrysktalige WikipedyAnita BlondRegisseurList fan Fryske famkesnammenMegan SalinasFriezenBeskerme steds- en doarpsgesichten yn FryslânKoöperaasjeTsiisIngelskJ. MacSpitstoefdoLuna SilverNoelle EastonJune CrespoFetisjKimia KanvariYndoneezjeMay ThaiKavia17 aprilLychtenstein1862HertpuzelSarah YoungKoördinearre WrâldtiidSiren ThornFryskAafke BijlsmaJoyce OliveiraEideStedhûs fan BoalsertInga RidereKunnilingusWillem de OermasterderHindrik van der MeerHôfdowenManedoWetterOerwûn bernHarmony WonderOlatz otaloraSpinifeksdoEkonomyHTMLDútslânJan Hepkes WoudaAnkie van der MeerItaaljeSophie HilbrandRList fan hunebêden yn NederlânHûnsrichMia LiVina SkyWedaWashington, D.C.🡆 More