Fitness

Fitness is in út it Ingelsk oernommen term dy't letterlik it hawwen fan in goede lichaamlike kondysje betsjut, mar wêrmei't yn it Frysk ferwiist wurdt nei it gehiel fan sporten en oare treningsaktiviteiten dy't beoefene wurde om sa'n kondysje te krijen.

Fitness wurdt yn 'e regel bedreaun yn sportskoallen of fitness-sintra, ûnder begelieding fan spesjalisearre treners, mar kin ek thús, op eigen manneboet, beoefene wurde.

Fitness
In rige binnendoar-roeimasines yn in sportskoalle.

Foar thústrening is it lykwols al wichtich dat men genôch kennis oer dit ûnderwerp hat, want mei ferkearde trening kin men jinsels raar skeine. Sportskoallen en fitness-sintra beskikke oer grutte apparaten dy't spesjaal foar fitnesstrening ûntwurpen binne, lykas hometreners, crosstreners en binnendoar-roeimasines. Men kin jinsels ek sûnder sokke masines trene, bygelyks mei ienfâldige apparaten dy't opklapt en ûnder jins bêd opburgen wurde kinne, of troch ienfâldiger oefenings te dwaan, lykas toutsjespringen, stretching ("út-" of "oprekken"), opdrukken, oplûken of it dwaan fan sit-ups.

Fitnesstrening kin, lykas bekend, foar ferskate doelen tsjinje, bgl. ta stipe fan 'e sûnens en algemien fitheid; it oanmeitsjen fan spieren (bodybuilding) of de taname fan spierkrêft; of it ferbrânen fan lichemsfet mei de bedoeling om ôf te fallen. Ek kin it gewoan in leafhawwerij wêze dêr't men aardichheid oan hat, sadat it dwaan fan fitnesstrening in doel op himsels wurdt. Minder bekend is dat fitnesstrening ek ynset wurde kin foar medyske doelen, mei't it effektyf bleken is om klachten foar te kommen of te ferminderjen fan sûkersykte, hege bloeddruk, hertfalen, de longsykte COPD, bonke-ûntkalking en depressiviteit.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.

Tags:

FryskIngelskSport

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Rôfdieren1999AchillesAazjeAlexa FlexySimone HorváthApheliumToanielstikRichard LanginOarehelteLouisianaLuna Silverr6h8nKatoenJisterHardenberg (gemeente)HûneftigenDaarlerveenFrouGalaktysk KeizerrykKaukasusiikhoarntsjeFeriene KeninkrykSarah BanksSjongerInes RidereJeanne d'ArcFilipinenMonosacharideYnsektenWeenske oesterDe LauwersJohn DemjanjukOekraïneGregoriaanske kalinderAudree Jaymes1429Martine LetterieSietske PoepjesYiming CuriosityMyteBoliviaKleanGalaktyske RepublykLaura GemserArgentynjeBiology86Horatio NelsonShania TwainOekraynskSavana GingerFacebookTwitterFryslânNomenklatuerEala Frya FresenaAkkrumEl NiñoGnostisismeGina GersonInez WeskiAnna GimbrèreStoarmtroeper (Star Wars)PornoaktriseSoarteGreefskip Bentheim (Landkreis)PinsjoenFrankenthalSarah Young🡆 More