Bûsboekje

It Bûsboekje is de earste en iennichste Frysktalige aginda, dy't sûnt 1975 bestiet.

It boekje wurdt tsjintwurdich útjûn troch de Ried fan de Fryske Beweging. It wurdt gearstald troch in groep fan fiif frijwilligers, en hat elts jier in nij tema. De oplaach skommelet om 'e 4.000 hinne.

Bûsboekje
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Bûsboekje Nederlânsk
taal Frysk
sjenre aginda
frekwinsje 1x jiers
bestean 1975 – no
oprjochter Durk van der Schaaf
plak haadred. Ljouwert
útjouwer Ried fan de Fryske Beweging
oplaach 4.000
offisjele webside
busboekje.frl

Skiednis

Durk van der Schaaf fan Bitgummole kaam yn 'e 1970-er jierren op it idee fan in Frysktalige aginda, dy't yn syn tinken in middel ta in doel wie, nammentlik taalbefoardering. Want "as jo in bûsboekje hawwe yn it Frysk, dan lêze jo alle dagen wat yn it Frysk." Op inisjatyf fan Van der Schaaf sette it Kristlik Frysk Selskip (KFS) yn 1975 (foar it jier 1976) útein mei de útjefte fan 'e aginda, ynearsten mei in oplaach fan 2.500 eksimplaren. It die bliken dat der fraach nei soks wie, want it earste Bûsboekje wie samar útferkocht. Neitiid woeks de oplaach elts jier fierder ta, oant der yn 1982 in hichtepunt fan 13.000 berikt waard.

De gearstalling fan it Bûsboekje waard fersoarge troch in ploechje frijwilligers, dat ûnder de kreätive lieding stie fan Lybrich Andringa. Sy wie by de útjefte belutsen as yllustratrise, mar ek as einredaktrise dy't de kontakten ûnderhold mei de drukkerij. It súkses fan it Bûsboekje makke dat de Friese Pers Boekerij fan 1978 ek in Frysktalige aginda begûn út te bringen. Dat barde op inisjatyf fan Peter de Jong, it haad Abonneminten, dy't ferskate sjoernalisten fan 'e Ljouwerter Krante frege en leverje in koartswilige bydrage. It LC-boekje meat himsels in dúdlik sekulier karakter oan om him te ûnderskieden fan it kristlike Bûsboekje.

De merk foar Frysktalige aginda's bliek lykwols net grut genôch foar twa konkurrearjende útjeften, dat ein 1980-er jierren foel nei goed tsien jier it doek foar it LC-boekje. It Bûsboekje fan it KFS gie troch ûnder lieding fan Lybrich Andringa, oant se it wurk ein 1990-er jierren omreden fan sykte net mear dwaan koe. Hja ferstoar yn 2000. Har broer Piter Andringa, dy't fan berop grafysk ûntwerper is, naam doe har funksje oer. Anno 2021 is hy noch altyd einredakteur fan Bûsboekje. Doe't it Kristlik Frysk Selskip yn 2008 opgie yn it oekumenysk platfoarm Krúspunt, waard de útjefte fan it Bûsboekje oernommen troch de Ried fan 'e Fryske Beweging.

Foarmjouwing en ynhâld

It Bûsboekje hat in formaat fan 15,5 sm by 9,2 sm en in tsjûkte fan 7 mm. It bestiet út in boekje fan heechweardich papier mei in plestik omslach en in stoffen lintsje as boekelizzer.

Njonken it agindadiel, dêr't op eltse dei romte is om ôfspraken te notearjen, omfettet it Bûsboekje ek nuttige ynformaasje, lykas kalinders fan it jier dêr't it oer giet, en teffens fan it foargeande en it neifolgjende jier, data fan 'e skoalfakânsjes, in list mei Fryske plaknammen en in list mei adressen fan wichtige Fryske en Frysksinnige organisaasjes. Wat dat lêste oangiet, kin men tinke oan 'e Afûk, Tresoar, de Fryske Akademy, de Provinsje Fryslân, Omrop Fryslân, de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd, de Ried fan 'e Fryske Beweging, de Federaasje fan Fryske Studinteferienings, it Frysk Boun om Utens, de Jongfryske Mienskip, ensfh.

Elts jier hat it Bûsboekje in oar tema, dat yn it hiele boekje trochfierd wurdt, mei skreaune stikjes, sprekwurden en siswizen, yllustraasjes en sa mear. Yn 2005 wie it tema muzyk, yn 2009 (Fryske) froulju, yn 2016 suvel, yn 2017 film, yn 2018 taal, yn 2019 famylje, yn 2020 tiid, yn 2021 spultsjes en yn 2022 romte yn 'e breedste betsjutting fan it wurd.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Groot, Pieter de, Stek-yn-'e-bûs, yn: de Ljouwerter Krante, 27 augustus 2021, bylage Freed, s. 8.

Tags:

Bûsboekje SkiednisBûsboekje Foarmjouwing en ynhâldBûsboekje Keppelings om utensBûsboekje1975AgindaFrijwilligerFryskOplaachRied fan de Fryske BewegingTema

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Hunter BryceFriezenDomeinnammeNicole BexleyFaasjePhoenix (Arizona)De DoelleazenNoemilkCharles III fan it Feriene KeninkrykProstitueeShae SummersNoardfryskHylpenHylperskAnita GyöngyNon-profitList fan Nederlânske gemeentenFerstoarLuna CorazónYndoneezjeEastlike fjildmûsDelotta BrownLeppelbekMickey MouseWilliam ShakespeareCarles PuigdemontGokkenKatedraal fan UdineKira EggersKatedraal fan OtrantoWylpreagerfûgelsMahabharataMasturbaasjeIerdeVienna BlackOrgasmeMuzykMiljardêrSietske PoepjesEjakulaasjeSalomonseilannenPornografyJ.R. CarringtonEtruskenSeksferslavingFideospultsjeMirka Antolović-TipurićAubrey KateSkaal fan RichterJasmine AlohaKeningsleppelbekPet (holdeksel)Megan SalinasBiskopYnterprovinsjaal OerlisPearsAnno GalamaMarika FruscioSeksboartersguodFen Fryske GrounArtefakt (archeology)🡆 More